Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
9 datasets found
Dutch Keywords: man werken Place of Narration: Rottevalle
Greate Pier fan Kimswert wie ris op it lân oan 't ploeijen. Doe kom der ien by him en dy frege him hwer't dy en dy wenne. Doe nom Pier de ploech fan 'e groun en wiisde der mei nei in hûs. "Dêr wennet er", sei er.
nl.verhalenbank.33730
Sterke Hearke wie arbeider by in boer. Der moest in foer hea ta de skuorre yn. It hynder koe 't net dwaen, hwant it foer hea wie hwat wiid opset, it krige kear by de yngong. Doe soe Hearke it der dan ynlûke. Hy krige de wein foar by 't tiksel beet. De oare arbeiders soenen achter skouwe. Mar dy praetten meiïnoar ôf, sy soenen oan 'e fjilden hingje. "Dan...
nl.verhalenbank.27751
Der kom us ien by Sterke Hearke wylst dy op it lân oan 't ploegjen wie. Hy hie ien hynder foar de ploech. "Hwer wennet Sterke Hearke?" frege dy man him. Hearke hie 't hynder foar de ploege weihekke en de ploege optild mei ien hân. En doe hied er sein: "Hjir is Sterke Hearke en dêr wennet er."
nl.verhalenbank.27709
Sweitse de Wit wenne op Feansterheide. Hy wie arbeider by Wytse Rinsma yn Rottefalle. Moarns moest er dêr hinne rinne en jouns kaem er werom. Alle kearen seach er hwat. Op 't lêst hie hy dêr sa'n hinder fan, dat doe is er nei Rottefalle ta gien to wenjen.
nl.verhalenbank.20967
Sterke Hearke wie ris in kear op it lân oan 't ploeijen. Doe kommen dêr ris minsken by him, dy fregen him of er ek wist hwer't dy en dy wennen. Doe hie Hearke de ploech optild en sein: "Dan matte jo dêr en dêr lâns gean." En sa hied er mei de ploech yn 'e rounte wiisd. Hy hie him mei ien hân optild.
nl.verhalenbank.33066
Op in kear wie heit mei myn beide bruorren oan 't wurk yn Surhústerfean. Myn broer Jehannes wie der èk by. Dy is nou 80 en wennet yn Drachten, de oare leeft net mear. Der kom in nij tsjerkhôf op 't Fean, se wienen mei in sleat oan 't slatten. De modder woarde op 't tsjerkhôf brocht. "Hwa't der ris yn dit kroadfol komt?" sa redenearren se. Doe sei heit op...
nl.verhalenbank.33060
Sterke Hearke wenne yn Droegeham. Op in kear wied er oan 't ploeijen. Doe kom der ien by him op 't lân en dy frege him of er ek wiste hwer't sterke Hearke wenne. Doe krige Hearke de ploege en tilde him mei ien hân op. En doe sei er: "Sjoch, dêr wennet er en hjir stiet de man sels." Ditselde wurdt ek forteld fan Greate Pier.
nl.verhalenbank.32963
Alde Taeke van der Meer fan Houtigehage wie tige sterk. Der wienen ris seis man - allegear fan 'e Houtigehage - mei de spoarlijn oan 't wurk fan Zoutkamp nei Winsum ta. Sa't ik sei, Taeke wie o sa sterk, mar sa't dat mei sterke lju wol mear it gefal is, hy wie hwat oan 'e trage kant. De útfoerder wie gleon-hastich en skelde oeral op om. Op in kear doe wie...
nl.verhalenbank.32962
Sterke Hearke wie ris foar de boer oan 't ploeijen. Doe kom der ien by him. Dy frege: "Hwer wennet Sterke Hearke?" Hearke sei: "Hjir stiet er." Doe krige er de ploech yn 'e hân en dêr wiisde er syn hûs mei oan. "Sjoch, dêr wennet er", sei er. Doe seach dy man wol dat it foargoed in Sterke Hearke wie.
nl.verhalenbank.34452
35