Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
150 datasets found
Dutch Keywords: man voorteken horen
Op in kear hearde Likele de Hoop dúdlik dat der kapt woarde yn 't achterhús. Fuort dêrnei kaem syn frou to forstjerren en doe kapten se op 't selde plak yn 't achterhús strie, om dat yn 'e kiste to lizzen. Dat wie krekt itselde lûd, dat er heard hie.
nl.verhalenbank.33668
Ik wenne op 'e Koatstertille, dat is nou sahwat in jier of tsien lyn, tink. Dêr hearde ik forskeidene jounen achter elkoar, as ik op bêd lei, hammerjen en timmerjen, altyd op itselde plak. Mar dêr gebeurde doe noch neat. Doe moest dêr in nij brêgehûs komme. Dat kom op itselde plak, dêr't ik it timmerjen heard hie. 't Wienen krekt deselde lûden.
nl.verhalenbank.25220
Alde Bearn wenne yn Driemunt. Dy sei us op in moarn: "Ik ha de hiele nacht net slept." Hy sei tsjin ús: "Hwat wie't dêr allegear in leven en hwat in ljocht allegear. 't Gong de hiele nacht troch." Dat wie op it plak, dêr't nou de rykswei is. Dat hat hy fan tofoaren sjoen.
nl.verhalenbank.26066
Us mem fortelde faek dat it ris ergens gebeurd wie dat guon in stem heard hienen: "De tijd is verschenen, de man is er niet." Even letter wie dêr ien fordronken.
nl.verhalenbank.32775
Ik hie op in saterdei-to-joune nei de faem ta west. Dy wenne yn 'e Broek. Let yn 'e nacht kom ik werom. Ik kom oer de brêge dy't oer de Swemmer leit. Doe tocht ik: Heare, hjir ropt ien fan help. Mar ik seach neat en it lûd wie ek samar ynienen fuort. Mar doe't ik in wike letter krekt om deselde tiid dêr wer lâns kom, doe hearde ik in ploemp yn 't wetter....
nl.verhalenbank.24473
Dêr't âlde Jille Pultrum wenne, wenne earder syn heit Durk. Dy lei op in nacht op bêd, doe hearde er planken ratteljen. In healjier letter troude Bareld Pultrum, in broer fan Durk. Doe moesten se hout leegje yn 'e nacht. Doe hearde Durk krekt itselde lûd wer, mar nou wie 't werklikheit. Doe kom Bareld Pultrum dêr to wenjen. Dêr bouden se in hûs foar.
nl.verhalenbank.23724
Us heit hat ris in forhael heard fan in buorman. Dat wie sa: Der stienen ris guon yn Oerterp oan 'e kant fan it wetter. Doe hearden se in stem út it wetter: "De tijd is er, maar de man is der nog niet." Even letter, doe wie der in glêzen wein oanriden kom, dêr siet in man foar yn. Dy man wie pardoes yn 'e feart riden en fordronken.
nl.verhalenbank.34516
Moeke fortelde, 't was eens bij de Ie gebeurd. Daar stond een man bij 't water. Die kreeg daar een toespraak van binnen. Der werd gesegd: "It plak komt niet bij de mens, maar de mens komt bij de plak." Even later is hij ferdronken.
nl.verhalenbank.32617
Jan Tuinstra, hjir to Ikkerwâld, hearde op in nacht iderkear timmerjen. In wike letter woarde der by him achterhûs in great hok delset.
nl.verhalenbank.23068
Warmolds wie in jonge man. Syn heit wie herfoarme dominé yn Surhuzum. Hja hearden dêr fan 'e rare tastânnen yn 'e Harkema, dat dêr alhielendal net in tsjerke wie en it folk neat fan God ôfwiste. De jonge Warmolts sei: Dêr mat foroaring yn komme. Doe gong er nei de Harkema ta om to sjen hwer't de tsjerke stean moest. Doe kom er op in keal oarde. Dêr wie 't...
nl.verhalenbank.34514
Heit kom wol gauris by Remmelt Kroes; dy wenne yn Kûkherne. Op in joun sei Remmelt tsjin heit: "Hark, dêr ropt ien. Hearst it wol Jehannes?" Doe hearde heit it ek. It kom út it wetter wei ta in pear kear ta. Doe stoar it lûd wei. In pear dagen letter fordronk der ien yn 'e Swette. Dêr hienen Remmelt en heit doe de lûden fan heard.
nl.verhalenbank.33521
Op in nacht hearde heit timmerjen en klopjen. Hy gong der ôf en nei de jonges ta. Hy sei: "Hwat wie dat? Hwat dogge jimme?" Mar de jonges leinen to sliepen, der wie alhielendal neat. Doe't heit op bêd gong bigong it timmerjen en sa wer opnij. Letter is 't hûs fan binnen fortimmere woarn. 't Gebeurde yn 'e Smoarhoeke yn 'e Harkema.
nl.verhalenbank.23518
As der in ramp komt fan it iene of oare flychtúch of sa, dan wyt ik dat ek altyd fan tofoaren. Dan hear ik dat oan 'e radio. Dan siz ik: "Der komt wer in ûngelok." It komt altyd nei.
nl.verhalenbank.21441
Ik wie sahwat tweintich jier. Wy wennen in eintsje bûten it doarp. Ik moast om thús to kommen in reedtsje del, foar hokken lâns, dêr't se wol yn braekten. Op in joun kaem ik thús. Doe't ik oan ien fan 'e braekhokken ta wie, hearde ik in plof yn it wetter dêr achter. In pear dagen letter is op krekt datselde plak in buorman fan ús - Jil - dêr de moarns om...
nl.verhalenbank.20603
Myn broer Sippe Harkema wie skipper. Myn skoansuster hearde twa dagen fan tofoaren it klappen. Dan sei hja: "It skip is yn oantocht." It kaem altyd út. Twa dagen letter wie hy der.
nl.verhalenbank.20617
Der stienen us guon by de brêge fan 't ld Djip to Beetstersweach. Doe hearden se dat der sein woarde: "De tijd is der wel, de man is der niet." Even letter kom der in man op 'e brêge. Dy rekke der by del en kom yn 't wetter tolânne, dêr't er yn fordronken is.
nl.verhalenbank.28263
Doe't ik as jonge noch by ús yn 'e hûs wenne, gebeurde 't wol, dat Marten-om heit syn kroade helle to brûken. Op in kear wie dat wer it gefal. Doe't wy de middeis by elkoar sieten yn 'e hûs, seinen we: "Hark, dêr komt Marten-om wer mei de kroade oan." Wy hienen balstiennen achterhûs en it wie skoan to hearren dat dêr in kroade oer riden waerd. Mar der wie...
nl.verhalenbank.20373
Us Sibe en in kammeraet fan him roannen us op it paed, dat nou de betonwei is. 't Wie let yn 'e joun. Doe hearden se dêr op in plak allebeide hyltyd getimmer. Mar der wie neat to sjen. It duorre net lang, doe kom dêr in nij hûs to stean.
nl.verhalenbank.19519
Op in kear hearde ik hiel dúdlik ien stappen, dy't op ús hûs takaem. Ik sei tsjin 't wiif: "Hearst wol hwa't dêr oankomt? Dat is ús Sibe." "Ja," sei 't wiif, "dat is Sibe." Hy stapte mei gewelt. Mar der kom net ien by de doar. Der wie ek net ien to sjen. Mar in ûre letter, dêr wienen deselde stappen wer. De doar woarde iependien en dêr stie Sibe.
nl.verhalenbank.19518
Master Veenstra fan Stiensgea fortelde us: Ik wie noch in jonge man. Us mem wie widdou. Doe roan ik us by de Feanster feart lâns. Dêr lei in wenskipke, dêr't in âld man yn wenne. Der kommen rare gelûden út dat wenskipke wei. Letter is dêr in âld man oerfallen, doe woarden dyselde rare lûden heard. 't Wie sahwat yn 1910.
nl.verhalenbank.23647
35