Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
13 datasets found
Dutch Keywords: man voorloop Place of Narration: Houtigehage
Dêr't âlde Jille Pultrum wenne, wenne earder syn heit Durk. Dy lei op in nacht op bêd, doe hearde er planken ratteljen. In healjier letter troude Bareld Pultrum, in broer fan Durk. Doe moesten se hout leegje yn 'e nacht. Doe hearde Durk krekt itselde lûd wer, mar nou wie 't werklikheit. Doe kom Bareld Pultrum dêr to wenjen. Dêr bouden se in hûs foar.
nl.verhalenbank.23724
Doe't ús heit al min wie, hearden wy by ús op in nacht timmerjen en weibrekken fan planken. Mar der wie neat to sjen. Wy wennen yn in foech krot, dat doe't ús heit der ôf rekke, sa'n fjirtsjin dagen letter, koenen se de kiste net yn 'e hûs krije. Doe moesten der planken útbrutsen wurde. Dat wie itselde lûd dat wy in fjirtsjin dagen fan tofoaren dy nachts...
nl.verhalenbank.19586
Myn jonge is troud mei in dochter fan Piter Mook (= P. de Graaf). Sy krigen in berntsje. Doe kom Piter by harren en sei: "Jimme ha dit jonkje al, mar jimme hâlde it net." "Hwat wyt heit dêr fan?" sei ús jonge. "Tink mar om myn wurden", sei Piter. Hy krige gelyk. 't Bern rekke wei. (Piter Mook wie mei de helm geboaren)
nl.verhalenbank.23779
Boardzer Bruining hie 't altyd oer lykstaesjes, dy't er fantofoaren seach. Hy wist altyd krekt yn hwat hûs as der ien stjerre soe. Mar dêr praet er nou net mear oer.
nl.verhalenbank.25877
Yn Houtigehage wenne in âld man, dy sei op in kear: "Noch noait haw ik sa hwat raers sjoen. Se sloegen dêr freeslik yn elkoar om. It giet dêr wol sa bot op in skoppen en traepjen en fjochtsjen, mar it wûndere is, dat de iene fijân oan 'e ein de oare de hân jowt. Ik seach it tusken dy twa huzen troch. Ja, dy huzen binne der ek al net mear." Letter kaem op...
nl.verhalenbank.11537
Ek us in kear doe gong Piter Mook de Hegewei del mei syn dochter. Doe sei er: "Wy matte oan kant, der komt hwat oan." Sy gongen oan kant. Der gong in lykstaesje foarby. De oare deis waerd dyselde bigroeven.
nl.verhalenbank.23780
Wessel en Jan Opslach (= J. v.d. Heide) wienen us togearre yn 't boskje oan 'e Trije Roede. 't Wie yn 'e nacht. Der lei in stikje bou yn dat boskje. En dêr sieten faek hazzen yn. Dêr wie 't Wessel en Jan om to rêdden. Mar Wessel syn wiif wie oan 't omfallen ta. Mar dêr steurde Wessel him net oan. Sy sieten dêr stil op 'e hazzen to passen. Hwant mei 't...
nl.verhalenbank.21633
Heit syn mem wie o sa min. Mem wie nei har ta gong. Heit kom even letter. Hy wie oan 'e doar ta, doe stie dêr de kiste al, mei 't kleed der oerhinne. It kleed waeide in bytsje op, doe't de doar iepenkom. Doe't er yn 'e keamer stapte, wìe beppe der noch. Sy hat noch wol fiif jier leefd. Mar hwat heit foarút sjoen hie kom dêrom letter wol krektsa út.
nl.verhalenbank.25868
Yn Oerterp, dêr't wy wenne ha, hearde ik wol fjouwer, fiif nachten achter elkoar timmerjen wylst ik op bêd lei. Mar der woarde nergens timmere om ús hinne. In pear maenden letter kom der in eintsje fan ús ôf in hûs. Doe hearde ik deselde lûden wer. En sy kommen fan 't selde plak. De man dy't yn dat nije hûs kom to wenjen wie Aen Bron. Hy wenne oan 'e...
nl.verhalenbank.22042
Ik haw us praet mei in man út Wynskoat, dat wie in scheepklinker, dy fortelde my, hy wie op in skip en dêr woarde nachts klonken. It wie sa dúdlik to hearren. Mar doe't se seagen wie der neat to dwaen. De oare deis waerd der echt klonken. 't Wie foartjirmerij.
nl.verhalenbank.23827
Doe't ús heit stoar sei Boardzer, op 'e dei fan 'e bigraffenis soe 't reinich waer wêze, hwant hy hie alles al fan tofoaren sjoen. Hy krige gelyk. It reinde dy deis.
nl.verhalenbank.25606
Ik hie in suster, dy wie net goed. Hja wie sawntjin jier. Doe reizge heit op in kear nei Joast Wiersma yn Jistrum om guod foar har. Ik gong mei. Wy gongen mei de hounekarre. Doe soenen wy op 'e weromreis yn 'e Boelensloane mei de karre om 'e hoeke, doe sei heit tsjin my: "Gean even fan 'e karre ôf, Jel." It wie by de hulzene hage. De karre moest even oan...
nl.verhalenbank.28040
To Houtigehage wenne in man, dy hat forkearing hawn mei in suster fan myn man. Hy hat ris forteld: Op in snein-to-joune seach ik ynienen dat der in streekje huzen fuort wie. It wie dêr gewoan lân woarn, dêr't neat mear op stie. Allegear gjers. Mar o, o, hwat gong it der dêr op dat lân alderheislikst oan wei! It gong dêr op in skoppen en traepjen en...
nl.verhalenbank.11558
35