Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
45 datasets found
Dutch Keywords: man kracht Place of Narration: Harkema
Hearke wie us mei noch fjouwer mannen by in baes oan 't wurk. Sy moesten meiïnoar in grouwe, swiere balke forlizze. Mei wrikjen, earst oan 'e iene kant en dan wer oan 'e oare kant, prebearren se de balke fan 't sté to krijen. Mar it woe net. De ûnderbaes stie der by. Dy woarde lulk. Doe sei Hearke foars tsjin 'e fjouwer oaren: "Gean hjir wei, mannen." En...
nl.verhalenbank.20833
Der kom us in man by Sterke Hearke. Doe wie Hearke krekt oan 't ploeijen. Dy man woe mei Hearke wrakselje, hwant hy wie sels èk sterk. Mar hy koe Hearke net. Dèrom frege er: "Wytstû ek hwer't Sterke Hearke wennet?" Doe hie Hearke it hynder foar de ploege weidien en hy hie de ploech mei ien hân optild. En doe hied er sein: "Sjoch, dêr wennet er, en hjir...
nl.verhalenbank.29355
Sterke Hearke hat de ploech ris omheechtild en foarútstutsen, doe't der ien him frege hwer't Sterke Hearke wenne.
nl.verhalenbank.25751
Sterke Hearke wie op it lân oan 't ploeijen. Doe kom der ien oan, dy frege him hwer't Sterke Hearke wenne. "Dêr wennet er", sei Hearke en hy krige de ploege yn 'e hân en stuts him foar him út. Doe sette er de ploege wer del en hy sei: "en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.33292
Hearke sels kroade mei sân achter op 'e tún. Dat kroade min, dan krige er soms de kroade mei sân op 'e earm en sjoude him nei hûs.
nl.verhalenbank.26139
Sytse Jager wie ek ien, dy't midden ûnder 't jongfolk altyd mar flokte en swearde en swetste. Doe is er ienkear samar oer de diken smiten woarn. Dat hat de kweade dien.
nl.verhalenbank.15537
Hearke wie boerearbeider. Der stie in foer dong yn 'e skerne. Dat moest der út riden wurde troch de hynders. Mar 't wie tsjin iterstiid en de feint dy't der mei bilêste wie, woe earst ite. Hy spande de hynders út en gong nei de itenstafel ta. Doe gong Hearke der stil hinne, krige it tiksel fan 'e wein beet en luts him der pûr allinne wei.
nl.verhalenbank.26170
Deselde dy't mei sterke Hearke wrakselje woe, kom fan Feanwâlden. Doe't Hearke de ploege samar yn 'e hân nom en optilde, gong dyselde stil wer fuort.
nl.verhalenbank.20663
Yn 'e Hamsherne (yn Harkema) wenne in jong frommes, ik tink dat se har Witteveen skreau. Dy wie ôfgryslike sterk. Op in kear doe wie se to Twizel yn 'e herberch 'De drie witte kannen'. Der wie in keardel dy woarde lestich. Doe hat hja dy keardel by nekke en kont beetkrige en hja hat him oer de hage hinnesmiten. Hja leeft nou net mear. Yn in wike wie se...
nl.verhalenbank.33420
As Hearke oan 't dongladen wie, lei er hiele greate spitten op 'e wein. Dy't se der wer ôfdwaen moest hie dêr wit hoe lang wurk mei. Yn dy tiid siet Hearke op it tiksel in pypke to smoken.
nl.verhalenbank.25915
In broer fan skoanmem dat wie Tsjerk Witteveen. Dy wie al sa sterk, mat dat fornaem men meastal net. Mar ienkear hat skoanheit it ûnderfoun. Skoanmem hie in poppe krigen en lei yn 't waerm bêd. Doe wie omke Tsjerk kom mei brij foar skoanmem. Hy brocht de skjûden yn 'e fjûrpot yn 'e brân en hong de brij der boven om dy waerm to meitsjen. Mar skoanheit, dat...
nl.verhalenbank.17390
Sterke Hearke hie spieren ûnder 'e pols, sa dik as in finger.
nl.verhalenbank.26167
Op in kear doe wie it foer hea dat ta de skuorre yn moest sa mânsk, dat it krige fan alle kanten kear. 't Wie op it Bomkleaster by Bindert Japiks. Dy hie seis arbeiders yn 't wurk. It hynder koe 't hea net yn 'e skuorre krije. Doe woarde ôfpraet Hearke soe oan 't tiksel lûke en de oare fiif soenen de tsjillen oantriuwe. Mar de fiif hienen ôfpraet, sy...
nl.verhalenbank.25917
Hearke skamme him der eins hwat foar, dat er sa sterk wie. Hy woe 't net rjocht foar oaren wite. Op in kear doe wied er út om wyt sân. Hy hie in kroade by him, dêr soed er 't yn ophelje. Dat sân siet yn in hoeke fan in stik boulân. Doe't er de kroade fol hie, koed er dat sân net forkroadzje yn 'e bou. Dêr krige er tofolle kear foar. Doe seach er om him...
nl.verhalenbank.25916
Yn 'e Rottefalle wennen twa bruorren Kloosterman. 't Wie famylje fan dyselden fan 't Bouwekleaster. Dy makken elke dei in lange kuijer en dan hienen se elk in stok yn 'e hân. De iene wie lyts, mar sa ûnbidige sterk, dat hy koe in houten skytskoffel fol dong útstekke yn ien hân.
nl.verhalenbank.23436
Hearke wie ek plysje. Der kommen us twa ûnforskillige, rûge mannen út 'e Harkema oan. Dy gongen flokkende en mâltjirgjende oer de wei. Sa roannen se Hearke tomjitte. Dy hie se beet krige en oer de sleat slingere.
nl.verhalenbank.25911
In sikere van der Wyk kom de Lytse Wei ris lâns sa'n 35 jier lyn. 't Wie by jountiid en hy wie op 'e fyts. Doe woarde er samar mei fyts en al fan 'e iene kant fan 'e wei nei de oare kant set.
nl.verhalenbank.16868
Sterke Hearke mat ris in kear pûr allinne in weinfol dong út it skerngat lutsen ha.
nl.verhalenbank.33419
Hearke syn suster wie ek sa sterk. Dy sette ris in kear by de smid yn Stiensgea it aembeeld bûten op 'e strjitte. De smit koe 't er noait wer yn krije, èk net mei syn feinten derby. Doe wie hja der by kom, en hja hie 't allinne wer yn 'e smidte set.
nl.verhalenbank.25910
Hearke wenne oan 'e Lytse Wei en syn broer wenne oan 'e Paden (nei Hamsherne), dus tichte by inoar. Hearke en syn broer wienen ris oan 't pikjesjitten. Sy leinen dan in pear sinten op 'e pik (Klinkersteen) en elk nom in balstien yn 'e hân. Der wienen mear fan 'e buorren, dy't mei dwaen woenen. Sy woenen allegear in like dikke stien ha om mei to smiten....
nl.verhalenbank.26145
35