Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
41 datasets found
Dutch Keywords: man begrafenisstoet
Aelsen Booi fan Houtigehage wie in broer fan myn skoanheit. 't Wie yn 'e nacht en hy gong de wei lâns. Doe waerd er ynienen samar oan kant set. Hy koe net fierder komme. Dêr hat doe in lykstaesje west.
nl.verhalenbank.24673
Us heit soe op in moarn nei 't wurk ta op 'e fyts. 't Wie noch o sa bitiid en 't wie noch tsjuster. Ynienen wurdt er mei fyts en al oan kant set en komt sa yn 'e feart tolânne. 't Wie in rjochte wei. Der kaem in lykstaesje lâns, mar dy hat er net sjoen. 't Gebeurde hjir yn 'e Westerein.
nl.verhalenbank.30363
Der kom us in feint by de froulju wei yn 'e Westerein. It wie stil op 'e wei en der wie neat to hearren of to sjen. Mar doe stied er samar ynienen midden yn 't folk. Dy minsken roannen him allegear stadich foarby, sûnder dat se ien wurd seinen. 't Wie midden yn 'e nacht. In dei of hwat letter stoar der ien by Klaes Pink (= Kl. Lulofs). Dat waerd de...
nl.verhalenbank.17479
Jan Kooistra fan 't Fean (hy komt fan 'e Harkema) past wol op dat er altyd by nacht oan 'e kant fan 'e wei rint, hwant oars kinne de lykstaesjes net passeare. Hy mat us oer in lyk hinne fallen wêze.
nl.verhalenbank.22212
Heit en in kammeraet fan him rounen ris op in kear op 'e buorren. Hja wienen midden op 'e dyk. Doe sei dy kammeraet tsjin ús heit: "Kom gau oan kant." "Hwat wolstû", frege heit. Mar hy helle heit nei de kant ta. In skoftsje letter sei er: "Kom hjir nou mar wer." En doe gyngen se wer nei de midden ta. Heit sei: "Hwat wie der nou?" "In bigraffenis", sei er....
nl.verhalenbank.20613
Gerke Veenstra wenne yn 'e Rottefalle. Hy wie fékoopman. Op in nacht seach er in lykstaesje dy't nei 't tsjerkhôf ta gong. Hy moest dêr doe lâns mei fé. Hy koe alle minsken herkenne, dy't achter it lyk oanroannen. Al syn buorlju wienen der by. Mar der ûntbriek ien, dy miste hy. Trije dagen letter overleed syn buorfrou. Dat wie deselde dy't er net sjoen...
nl.verhalenbank.29582
Yn Kollumersweach by 't spoar wenne in âld man, dy moest der nachts faek út om hwat to sjen. Bleau er lizzen, dat joech neat. Dan waerd hy der út dreaun, ja smiten hast. Hy moest dan faek nei 't tsjerkhôf fan Kollumersweach ta. Dêr seach er dan in lykstaesje. Dy man wie Bontsje Knjillis.
nl.verhalenbank.17493
Myn neef Wessel Gal wie in kear op 'e wei, doe moest er oerside, hwant der kom in lykstaesje oan. De èchte lykstaesje wie pas in dei of hwat letter. Hy hat ek fan to foaren sjoen dat se syn earste wiif biklaeiden.
nl.verhalenbank.25218
Myn suster op 'e Harste yn Sumar hat yndertiid alhiel ûnforwacht in famke fan trettsjin jier forlern. Us mem seach nachts wol gau us bigraffenisstoeten en sa. Sa seach se de wyks foardat it famke stoar yn 'e nacht ús heit alhiel yn 't swart by de Sumarre tsjerke hinne en wer kuijerjen. It kom krekt sa út. Doe't it famke forstoarn is - in wike letter - hat...
nl.verhalenbank.21384
D'r was een man, die was met de helm gebore. Op een dag liep die op de dijk en toen werd ie op zij gezet door een begrafenisstoet. Hij kwam onder an de dijk terecht. Die begrafenisstoet was van een man, die pas de volgende nacht kwam te sterve.
nl.verhalenbank.72694
Yn Minnertsgea hat in man wenne, dy gong der nachts op út om lykstaesjes to sjen. It kom altyd nei.
nl.verhalenbank.22263
Yn Jistrum wenne in man, dy moest altyd bigraffenissen fan tofoaren sjen. Heit hat dat wol faek forteld, mar ik wit de namme fan dy man net mear. Wit hoe faek gebeurde it yn 'e nacht, dat hy der út moest om sa'n bigraffenis to sjen. Hy moest der soms hiele einen om rinne. Soms koed er krekt sizze hwa't it wie, dy't yn 'e kiste lei. Dat seach er dan oan 'e...
nl.verhalenbank.31180
Boardzer Bruining fan 'e Boelensloane soe us in kear nei Noord-Jerneel (de tsjerke). Dêr soenen lichtbeelden fortoand wurde. Syn skoanâlden wienen by him. Doe't se sahwat oan 't kafé fan Bouke Pultrum ta wienen, doe sei er: "Jimme matte oan 'e kant en even wachtsje." Sy gongen oan kant en bleauwen stean. "Ha jo hwat sjoen?" fregen se. "Ja," sei er, "der...
nl.verhalenbank.22933
Myn sweager fan 'e Boelensloane kuijere us in kear op in snein-to-joun tusken it jongfolk. Doe woarde hy samar oan kant set. Hy hie neat sjoen, mar nei alle gedachten hat dêr in lykstaesje west.
nl.verhalenbank.22927
Liuwe de Haan fan 'e Westerein seach soms ek fan to foaren lykstaesjes by dei. Hy wennet oan 'e Verlengde Stationsstrjitte.
nl.verhalenbank.25132
Myn frou har pake ried ris op 'e bargewein nei Ljouwert ta yn 'e iere moarn. 't Wie op in freed en 't wie noch tsjuster. Doe frege der ûnderweis ien oft er mei ride mocht en dy kom njonken him to sitten op 'e wein. Doe't se in eintsje riden hienen sei dyselde: "Wy matte even oan kant gean, hwant der komt in lykstaesje oan." Pake wie oan kant gien, mar hy...
nl.verhalenbank.32664
Keke roan hiele lange einen om by de lykstaesje to kommen. Hy gong dan troch sleatten en alles hinne. Neat koe him keare. Se ha my forteld, dat er soms it einekroas noch yn 't hier sitten hie, as er thús kaem.
nl.verhalenbank.29522
Myn suster Harmke hat in great-dochter forlern, in fanke fan fjirtsjin à fyftsjin jier. Sy wennen yn 'e Westerein oan 't kanael. Harmke bigearde dat it bern soe op it tsjerkhôf yn Ikkerwâld biïerdige wurde. It lyk kom op in boerewein, lyk as de gewoante wie. De minsken kommen yn in lange wein, in Janplezier, mar it reinde sa bot, dat sy koenen net it...
nl.verhalenbank.25285
Boardzer Bruining ^ fan Boelensloane hie sjoen dat Frans Tuinstra in famke forlern hie. De hiele lykstaesje hat er sjoen mei alle minsken dy't der achter roannen.
nl.verhalenbank.30886
Met de helm gebore, ja, je had hier vroeger een man, die met de helm gebore was. Die man kon begrafenisstoete vooruitzien. 't Gebeurde wel, dat ie pal voor iemand ging staan. Dan keek die over de linkerschouder van zo'n man en as die man dan omkeek dan zag die ok de begrafenisstoet.
nl.verhalenbank.72702
35