Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show Only Popular Place of Narration
Narrator Gender
close
33 datasets found
Dutch Keywords: man Place of Narration: Twijzel
Heit kom wol gauris by Remmelt Kroes; dy wenne yn Kûkherne. Op in joun sei Remmelt tsjin heit: "Hark, dêr ropt ien. Hearst it wol Jehannes?" Doe hearde heit it ek. It kom út it wetter wei ta in pear kear ta. Doe stoar it lûd wei. In pear dagen letter fordronk der ien yn 'e Swette. Dêr hienen Remmelt en heit doe de lûden fan heard.
nl.verhalenbank.33521
Oan 't Wyldpaed wenne Rinse Loonstra. Dy seach fan alles foarút. Op in kear sei er: "Der brânt wer hwat op yn 't koart." Hy hie in spultsje brânnen sjoen. Doe't er dat sei woarden de minsken binaud, hwant hy sei der net by hokker hûs it wie. Koarte tiid dêrnei brânde it op.
nl.verhalenbank.33518
Op in kear wie heit mei noch ien yn 'e nacht oan 't murdejeijen tichte by 't tsjerkje fan Lytsewâld. Dy't by heit wie wie in Veenstra. Heit en hy gongen troch 't fjild mei de hountsjes. Doe seagen se dat der in lykstaesje fan 'e Goudberg kom. Dy passearre har en gong nei 't tsjerkje fan Lytsewâld. Se gongen oer de Stuver.
nl.verhalenbank.33525
Op in nacht wienen heit en Ouwe wer oan 't murdejeijen. Doe kom Ouwe by heit en sei: "Der is my niis hwat passeard." Dat wienen in stik of fjouwer, fiif famkes. Twa roannen foarop, dy hienen wite skelkjes foar. It bloed roan har by de skelkjes del. Dit gebeurde achter Hamsherne ûnder 'e Harkema, by in dykswâl. Se wolle wol ha dat dy berntsjes dêr...
nl.verhalenbank.33532
Sterke Hearke wie ris in kear op it lân oan 't ploegjen. Doe kommen der guon by him, dy fregen oan him of er har ek fortelle koe hwer't Sterke Hearke wenne. Doe krige Hearke de ploege yn 'e hân. Dy tilde er mei ien hân op en dêr wiisde er mei nei syn hûs en hy sei: "Sjoch, dêr wennet er." En doe sei er: "En hjir stiet er."
nl.verhalenbank.28015
Ik haw in broer hawn dy wie omrake sterk. Hy pakte twa jonges ûnder 'e earm en sa sprong er oer in sleat hinne.
nl.verhalenbank.33597
In suster fan myn heit wie ris op in dei hiel bot oerstjûr. Hja hie 't gefoel dat har man dea wie. Mar 't wie sa net, hy leefde en der skeelde him neat. Mar in deimennich letter wie er dea. Heit hat it faek forteld.
nl.verhalenbank.33595
Hearke hat in anker fan fiiftsjinhûndert poun fan 'e groun tild.
nl.verhalenbank.28016
As 't hynder de wein net lûke koe, spande Hearke him der sels foar en dan kom de wein altyd foarút.
nl.verhalenbank.28017
Mem fortelde, yn Kûkherne hie in frou west dy wie forstoarn. Foar har dea hie se har bilove litten dat sy moesten letter hwat oan har famke jaen (ik wyt net mear hwat). Mar de widner troude wer en it famke krige it net. Doe bigong dy frou dêr to spoekjen. Sy kom werom út it graef. Doe ha se, troch bemiddeling fan 'e doomny dat famke jown dêr't se rjocht...
nl.verhalenbank.33590
Twa út 'e Koaten, in sekere Piter en Klaes gleske wienen beide mannen fan drank. Sy kommen togearre mei in stik yn 'e kraech út 'e kroech wei. Klaes fortelde: "Dêr woarde Piter ynienen by my weipakt en tsjin 'e muorre oansmiten fan in boereplaets." (Dat is de plaets, dêr't nou Oebele Vries wennet, tsjin 't tsjerkhôf oer.)
nl.verhalenbank.28198
Stammerige Harm wenne oan diz kant de Swadde. Hy hie in wikseldaelder. Hy hie apart in ponkje yn 'e bûs, dêr siet dy wikseldaelder yn. Soms sei er: "Hjir, krij him mar." Mar dan seinen se: "Net oannimme, hwant dan ha jo in wikseldaelder, en dy wurde jo noait wer kwyt." Harm hie in lamme hân. Syn wiif bihandele er och sa min. 't Minske wie sikelik en hie...
nl.verhalenbank.28013
Yn Twizelerheide wenne in sekere Knjillis Veenstra. Hy wie mei de helm geboaren. Hy gong der nachts faek út. Dan moest er lykstaesjes sjen. Hy woarde dreaun. Hy moest soms sa hurd, dan hied er net iens tiid om him fatsoenlik oan to klaeijen. Dan hied er mar gau hwat bêddeguod om him hinne goaid, lyk as in lekken ensa. Hy roan soms oan 't spoar ta. Hy hat...
nl.verhalenbank.28012
Yn guon plaetsen yn Grinslân is it lang net plús. Der is yn dy plaetsen soms raer hwat gebeurd. De iene nei de oare is dêr formoarde woarn. Sa wie der in plaets boppe Grins. Dêr kommen by 't maitiid de bomen to wjudden. De boer sei: By dat en dat bynt matte jimme net lizzen gean. Dêr doocht it net. Ik haw mei in man praet, dy wie dêr ek. Hy sei: "Smyt my...
nl.verhalenbank.28199
Der hat gjin sterker keardel west as Wopke fan Kûkherne. Dy lei de bats op 'e groun. Dêr gong in man op stean. Wopke tilde de bats samar fan 'e groun mei de man der op.
nl.verhalenbank.33591
Op in moarntiid kom myn frou har pake, dy't buorkerije hie op Kollumersweach by 't sûpfet. Doe stie dêr in man by to drinken, dy wie alhielendal neaken en alhielendal mei hier biset. Doe't er him sêd dronken hie, gong er wer fuort. Dat hat 'de wandelende jood' west, dy't noait rêst hat.
nl.verhalenbank.28010
In jongfeint tsjinne achter de Falom. Hy reizge op in joun lâns de Boppe-wei mei de Spûkloane nei Kollumersweach. Dêr kom er twa man tsjin en it like krekt as hienen dy ien tusken har yn. Hy moest har passeare en sei: "Goejoun." Mar sy seinen neat werom en wienen samar ynienen fuort.
nl.verhalenbank.28005
Myn pake en de pake fan myn frou wienen togearre op in nacht oan 't murdejeijen yn Twizelerheide. Doe seagen se allebeide ynienen oan 't Wyldpaed heech byntwurk foar har, dêr't in gewoane lantearne yn hong. It wie ek sa ynienen wer fuort. It oare jiers is der op dat plak op it lân fan 'e Kloksheide in boerespultsje set woarn - dêr hienen hja doe it...
nl.verhalenbank.28011
Frijmitselers hienen har oan 'e duvel forkocht. Se hienen in wikseldaelder, dat is in ryksdaelder, dy't noait op rekket. Dy droegen se altyd by har, dy rekken se noait wer kwyt. Sy krigen sa'n wikseldaelder fan 'e kweade. Stammerige Harm hie ek in wikseldaelder. Dy hie noait forlet fan jild. Us heit leaude fêst dat er sa'n wikseldaelder hie. Dy't ien kear...
nl.verhalenbank.33592
Yn Grypskerk stie in keppeltsje jongfolk by de brêge, dy forswarden de hiele boel, de duvel en alles. Der wie ien by dy sei 't o sa raer op. Dêr wie de duvel oan kom en weefde mei dy man ôf. Yn 'e sark fan 'e brêge stiet noch de poat fan 'e duvel ôfbylde, dêr't men oan sjen kin dat hy dêr west hat.
nl.verhalenbank.28197
35