Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show Only Popular Place of Narration
Narrator Gender
close
43 datasets found
Dutch Keywords: man Place of Narration: Surhuizum
Jan Hepkes syn omke, dat wie âlde Bindert Feikes. Dy syn forhalen wienen ek al wakker fan itselde slach. 't Siet yn dat folk. Wy stienen us yn Doezum yn in winkel. Wy wienen dêr oan 't modderfarren. Dêr komt Bindert ek by Steffen ta de doar yn. "Hwat is 't ûnwarich, net?" sei ien fan uzes. "Ja," sei Bindert, "ik en Feike (syn soan) kommen us mei in fracht...
nl.verhalenbank.23679
Myn omke Aen Nicolai (in broer fan mem) gong ris nei Droegeham nei de faem ta. Doe't er oan dikke Marten ta wie moest er dwarsoer, oer planken, dy't oer de sleatten leinen. Doe woarde omke dêr samar ynienen opnom en oer de sleat smiten. Hy hat it faek forteld.
nl.verhalenbank.29426
Ik haw in swager yn Eastemar wenjen hawn, dy is letter nei Amerika ta gong. Dat wie Jan Klomp. Hy wenne oan 'e Langeastloane. Hy fortelde my us: In boer fan Eastemar moest us nei Ljouwert ta om jild op to heljen. Der wienen guon dy wisten dêrfan en dêr wienen twa man by, dy loerden op him. Dy roannen him de jouns tomjitte. Sy wienen oan Swarteweisein ta....
nl.verhalenbank.23686
Jille van der Veen syn heit fan Gerkeskleaster koe net ta stjerren komme. Doe fregen guon: "Hat er ek hwat oan him, dat op snein naeid is?" "Ja," waerd der sein, "hy hat in knoop oan 't boezeroen, dy is der op snein oanset." Doe ha se dy knoop der ôf snien, en hy stoar samar.
nl.verhalenbank.23687
Sterke Hearke fan de Ham wie ûnder tsjinst. Dêr hied er in greaten hekel oan. Hy woe graech ûnder tsjinst wei. Hy wie by de marine. Der leinen hiele greate ankers by de kaserne. Dêr wie ien by, dat wie it allerswierste, dat koe net ien optille. Op idere hoeke koenen jy der hûndert poun op lizze. Doe frege Hearke oan 'e kaptein, as se him út 'e tsjinst...
nl.verhalenbank.28739
Sytse Jager fan 'e Harkema wie op in joun by in keppeltsje jongfolk. Hy hie hwat drank hawn. Doe moest er út 'e broek. Hy gong achter de dyk sitten, doe woarde er samar opnom en oer de dyk hinne smiten. Sytse wie in rûch man. De oaren trouwens ek. Piter Loas wie ek by it keppeltsje.
nl.verhalenbank.29427
Klaes Laenstra fan Koartwâld wie ris op in joun mei syn frou yn 'e Koaten. Dat wie yn 't bigjin fan har trouwen. Doe kom der in great swart ding by harren, se seinen dat wie in pleachbeest. It roan stiif by harren lâns en sy koenen it net kwyt wurde.
nl.verhalenbank.29433
Der wie in man yn 'e Harkema, dy gong elke moarn bitiid nei Eastemar ta to arbeidzjen. Syn paed gong oer de Dunen, dêr wied er goed trije ûre yn 'e moarn. Der wienen twa, dy wisten dat en dy tochten: Wy sille him ris bang meitsje. Sy dienen in wyt lekken om en sa gong de iene op 'e oare stean. Doe't de arbeider se seach, sei er: "Ik ha wolris twa op...
nl.verhalenbank.29425
Jan Wouda fan 'e Keale Wei hat in wikseldaelder. Hy hat altyd presys in daelder yn 'e bûs. As hy der hwat fan útjowt, it is fuortdaelks wer in daelder. Sy fregen him us: "Hoe hast dy krigen?" "Dan mast dy oan 'e duvel forkeapje", sei er.
nl.verhalenbank.23685
Jan Hepkes handele yn hûden. Hy biwearde, hy hie ris in kear yn Surhústerfean de kop fan 't harspit ôfmeand. Dêr fornom er neat fan. Hy meande der like goed om troch en de seine mankearde neat oan.
nl.verhalenbank.29430
Sterke Hearke fan 'e Ham wie ris in kear oan 't ploeijen. Doe kommen der guon oan, dy fregen him hwer't sterke Hearke wenne. Hy pakte de ploech beet en sei: "Sjoch, dêr wennet er en hjir stiet er." En doe sette er de ploech wer del.
nl.verhalenbank.29434
Hy hie ek us west by it slaen fan in Norton-pomp yn Surhústerfean. Dêr siet in greate bolstien yn 'e groun. Sy sloegen de pomp der dwars trochhinne. It wie in stien fan tachtich tûzen kilo.
nl.verhalenbank.23681
Sibe wie great. Hy wie lid fan 'e Surhústerfeanster hengelclub. Hy hie in portret yn 'e bûse, dêr stie er op mei in snoek, dy rikke him fan 't skouder oan 'e groun ta.
nl.verhalenbank.23683
Yn 'e kroech fan IJe Hulshof yn Surhuzum wie ris in keardel, dy liet dêr de duvel komme. Doe't er nei hûs ta soe is er raer ôfseame troch de duvel.
nl.verhalenbank.29444
Net ien dy't sa lige koe as Jan Hepkes. Hy geneesde ek wol minsken. Hy plukte de wite blommen fan wynsels (winde), dy joech er oan in frou, dy't siik wie. It minske is wer better woarn.
nl.verhalenbank.29442
Harmen Bouwes Postma fan 'e Grinzer Pein dy hie in lykstaesje sjoen yn 'e nacht. Dy lykstaesje gong de wei lâns, in doomny foarop en 't folk der achteroan. Sy droegen it lyk de wei del. Doe wienen se by in hûs kom en dêr swaeiden se de reed op nei 't tsjerkhôf ta. Doe woarden se wei. In dei of hwat letter stoar ien fan 'e buorren. Doe gongen de lju 't...
nl.verhalenbank.23594
Us buorman hearde us op in joun timmerjen by him achter hûs yn 'e Feanster Mieden. Hy der hinne mar der wie neat. Der woarde alhiel net timmere, en doch hied er it klear heard. De oare deis woarde dêr in féhok timmere
nl.verhalenbank.21815
Alde Manus Kûper wenne froeger op 't Fean. Dy biwearde, fan spûkjen en alsahwatmear, dêr moest er neat fan ha. Dêr woed er neat fan wite. Mar doe gebeurde it us in kear dat er de Lege loane lâns kom. Dêr wie hyltyd in bichje west. Dêr wied er mei forlegen west, hy koe 't noait kwyt wurde. Hy sei, Hwat dat to bitsjutten hie, dat mocht de duvel wite.
nl.verhalenbank.23596
Myn heit hie in houn. Hy ried mei de bakkerskarre, en dêr hied er dy houn foar spand. Op in kear kom der him in houn tomjitte. Doe joech heit dy houn in stik iten, en doe sette er dy houn èk foar de karre. 't Wie in donkere houn, omtrint swart. Dêr kom er mei thús - hy spande him út. Mem sei: ik stan it net mei dy houn. En doe wie dy houn samar ynienen...
nl.verhalenbank.36004
Mem fortelde ek: Us heit hie syn earste frou forlern en twa berntsjes, doe wenne er noch to Earnewâld. Foardat syn frou stoar hied er sjoen, dat se har kiste ûnder 't finsterbank troch skouden. Dat is letter ek gebeurd.
nl.verhalenbank.25939
35