Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show Only Popular Place of Narration
Narrator Gender
close
22 datasets found
Dutch Keywords: man Place of Narration: Rohel
Ik wie yn Grinslân - ik wie noch jong en gong by de boeren lâns om wurk. Ik kom to Loppersum by in boer. De boer sei: "Ik ha wol wurk foar dy. Ik mat in skiepmelkersjonkje brûke." Sa bilânne ik dêr by dy boer. Doe kom dêr in frommes by de doar, dy frege of se dêr sliepe mocht. Sy hie lang hier en rokken oan. De boer liet har der yn en de jouns nei iten...
nl.verhalenbank.27781
Ik wenne yn Twizelerheide. Ik hie dobbele mei dobbelstiennen. 't Wie yn 't holst fan 'e nacht, doe't ik út 'e herberch kom. Ik roan by in graft lâns. Doe woarde ik ynienen samar yn 'e graft set. It wie de duvel dy't my dat lapte.
nl.verhalenbank.27780
Op 'e Boppewei - fan 'e Westerein nei de Falom - siet in kiste mei goud en sulver yn 'e groun. Dy ha se dêr yndertiid bigroeven. It spoeke dêr froeger altyd op dat plak. Doe binne trije mannen dêr bigong to graven. Mar doe't se de kiste omtrint boppe hienen skopte ien der tsjin oan. Doe is er wer sakke. Doe binne se wer bigong to graven en doe ha se him...
nl.verhalenbank.28058
Ik ha wol gauris nei de Grinzer Klaei ta west to flaechsteppen en to wjudden ensa. Dan slepten wy yn in skuorre. Der wienen skuorren by dêr wie 't net plús. Dêr spoeke it. Dat wisten de boeren meastal wol. Ik bin wol us op in nacht út bêd wei gien as ik dêr wie. Dan wienen de weinen oan 't riden op 'e telle. Der roannen twa hynders foar en de keardels...
nl.verhalenbank.27778
In wjerwolf is in manspersoan, - meastal in jongkeardel -, dy't op in hynder rydt. Hy pleaget dat hynder, krekt as in nachtmerje de minsken. 't Is ien fan sawn bruorren. Ik ha wol ien kend, dy wenne yn Warffum.
nl.verhalenbank.28067
Harm en Janke wennen oan 'e Swâdde yn 'e gemeente Kollumerlân. Sy hienen twa jonges. Letter krigen se der ek noch in famke by. Doe't dat famke noch net geboaren wie, doe seach ik al dat se de frou nei 't tsjerkhôf droegen. Ik stie oan 'e kant fan 't paed. Knjillis Veenstra stie der ek al. Knjillis moest alle bigraffenissen sjen. Hy wist it altyd fan...
nl.verhalenbank.27397
Ik wie ris in kear yn 'e nacht by de Swâdde. Doe hearde ik hwat. Ik tocht: hwat is my dit. Ik harkje en harkje en harkje. De Swâdde giet fan Twizel nei Kollumersweach. Der lei gjin barte oer. Ik hearde timmerjen oan 'e oare kant. It timmere mar fuort en mar wei en de planken rattelen. Ik sei: Dit is tjirmerij. Hjir komt in nij húske. In healjier letter,...
nl.verhalenbank.27396
Ik haw ris west achter Úthuzen yn 'e wite spûkskuorre. De boer hiet fan Wiesterveld. Op in kear sei er tsjin my: "Dû mast dêr net by de stile lizze, Marten." "Ik sei: "Hwerom net?" "Dan wurdst optild," sei er, "en op in oar plak wer delsmiten." Doe ha 'k in oar plak opsocht om to sliepen.
nl.verhalenbank.27779
In nachtmerje is in frou, meastal fan rike famylje. 't Is ien fan sawn susters. Sy komt meastal troch it slotsgat fan 'e doar by jin yn 'e hûs. In nachtmerje mei neat meinimme. Men kin dêrom it bêste moal oer jin hinnestruije om gjin lêst to hawwen. Sy sette ek wol de toffels achterstofoar foar it bêd del. Myn omke hie in bulte lêst fan in nachtmerje. Ik...
nl.verhalenbank.27933
Ik haw ek yn Dútslân wurke, yn Glättbeck(?). Ik wie dêr yn 'e kost. Wy wienen mei ús trijen fan kostgongers. Ien fan dy mannen koe mear as in oar. Hy frege my: "Hwa fan dyn neiste famyljeleden dystû kend hast, is it langste dea?" "Myn beppe", sei 'k. "Woest dyn beppe noch wolris sjen?" Ik wist eins net hwat ik dêr op sizze moest. "Dû kinst har komme to...
nl.verhalenbank.27937
Ik en myn kammeraet wienen der us in kear togearre op út to murdejeijen. Alde Sije Baeije wenne yn Twizelerheide, dy hie dêr in winkeltsje. It paed gong by har oer 't hiem. Earder hie 'k dêr al ris allinne to murdejeijen west. Doe hie 'k allinne myn houn Turk by my. Ik kom út 'e heide wei. Doe siet dêr in murdtsje by 't minske op 'e strjitte. It wie net...
nl.verhalenbank.27935
Op in kear wie Hearke op 't lân oan 't ploeijen. Hy hie twa hynders foar de ploech. Ik kom by him. Ik koe Hearke doe noch net. Ik frege him, hwer't Sterke Hearke wenne. Doe spande er de beide hynders út. Hy krige de ploege op en stuts dy rjocht foar him út en hy sei: "Sjoch, dêr wenje Hearke en Griet, by de Lytse Wei." Doe sei ik: "Nou hoef ik net to...
nl.verhalenbank.27774
Ik krige in âld stoel fan ús mem en dy. Dêr siet gjin sitting mear yn en de speaken wienen der ek út. Ik liet dy stoel wer opmeitsje. Der kom in nije matte yn en nije speaken fan flearhout. Dêr mocht oars net ien op sitte as omke Harm. Dêr hie 'k him foar ornearre. Hwant omke Harm wie in tsjoenster en flear is heilich, ik tocht, dan kin er gjin kwea...
nl.verhalenbank.27403
Hearke wie arbeider by de zevendaagse boer op 't kleaster. Der woarde dong laden. Mar de hynders rekken fêst mei in foer stront yn 'e dongskerne. Ik en de arbeider stienen der by. Doe spande Hearke de hynders foar de wein wei. "Matte wy dy ek helpe?" fregen wy. "Né", sei er. Hy krige it tiksel beet en luts de wein allinne út it skerngat wei.
nl.verhalenbank.27775
Tusken Oostmahorn en Zoutkamp haw ik ris in kear in sémearmin sjoen. Ik wie dêr mei myn kammeraet oan 't fiskjen, doe seach ik ien op 'e Zoutkampse sé. Ik sei tsjin him: "Hwat is dat?" "Dat is in sémearmin mei in poppe", sei er. Dy poppe hie se achter op 'e rêch. Sy hie sokke lange tate, dat se de boarsten oer 't skouder slingere op 'e rêch en dêr hong de...
nl.verhalenbank.27777
Myn omke Marten kom by Marij. Dêr hied er forkearing mei. Letter is er ek mei har troud. Doe't dat gebeurde sei Kees (= Knjillis Veenstra): "Dy hâldtstû net sa lang." "Hwerom net?" sei omke Marten. "Dû krijst der in poppe by," sei Kees, "mar dy hâldst ek net. Sy geane beide dea. Dû silst letter wer trouwe. En dat frommes krijst ek bern by, mar dat frommes...
nl.verhalenbank.27401
It gebeurde yn juny. Sahwat op itselde plak, dêr't ik de lykwein sjoen hie. 't Wie oan 'e Swâdde. Doe gongen der ynienen snieballen oer myn holle en dy klapten yn 'e Swâdde gear.
nl.verhalenbank.27398
Knjillis Veenstra wie mei de helm geboaren. Hy hat fan tofoaren sjoen dat syn eigen soan Egbert him opknoopte. Hy hat ek fan tofoaren sjoen dat syn dochter har yn 'e sleat forsûpt hat. Hy hat ek de dea fan syn âldste dochter fan tofoaren sjoen.
nl.verhalenbank.27400
Tsjin ús heit seinen se altyd Harm Hoanne. Heit moest altyd noch sinten ha fan myn omke Harm (Veenstra). 't Wie krekt in ryksdaelder. Doe trof er omke op in kear yn 'e lannen. Heit sei tsjin him: "Nou wol 'k myn ryksdaelder ha." "Ik ha gjin sint", sei omke. Hy stammere de wurden altyd sa'n bytsje. Doe sei heit: "Dan slach ik dy de harsens yn, âlde duvel...
nl.verhalenbank.27404
Op 'e Mûzegroppewei is ris in kear in faem troch har heit formoarde woarn. Sûnt ha se noait de bloedplakken út 'e muorre weikrije kind.
nl.verhalenbank.27405
35