Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show Only Popular Place of Narration
Narrator Gender
close
14 datasets found
Dutch Keywords: man Place of Narration: Oudega
(Folkert de Haan fortelde it bikende 'Pealtsje fan Easterlittens' mei dit forskil fan it tradisionele, dat de skuonmakker dreamde, syn gelok soe er fine op 'e brêge fan 'e Wurdumerdyk to Ljouwert. Der woarde net by forteld dat der noch in twadde pot mei jild ûnder de earste siet.)
nl.verhalenbank.15692
Oer de opfeart, fuort by de âlde bakkerij, lei froeger in draei. De eigener fan it lån woe it binnenpaed, hwerfoar dy draei dêr lei, der út ha. Dêrom hie er op in sneon de draei der út nimme litten en dy lei nou sa yn 't lang op 'e polderdyk. De minsken yn 't lân fjirderop wisten dat de sneins noch net. Se soenen nei tsjerke ta en founen de draei der út....
nl.verhalenbank.50537
Hantsje Tseards v.d. Meer, boer to Aldegea, wie in greate, swiere en sterke man. Hy droech klompen, sa great, dat der koe in krekt berne bern yn lizzen. Fan syn sterkens geane forskate forhalen. Sa krige Hantsje ris rúzje mei Piters Arjen v.d. Goot, in flinke, handige en ek sterke kerel. Dy fleach Hantsje oan yn 't waskhok. Dêr stie in keukentafel....
nl.verhalenbank.50535
Fan tolve jonges is ien in wjerwolf.
nl.verhalenbank.15691
Op in kear wienen der twa greate grouwe, gewante keardels oan 't meanen by de Headammen. De iene dat wie Piter Tjeerdsma, de oare dêr wyt ik de namme sa net mear fan. It wiene keardels as beammen. Sy soenen de jouns nei har tinte ta. Doe seagen se dêr de Lange-Sleatterman by de tinte stean. Hiel dúdlik. Sy binne doe gau weromgong en ha bûtendoar yn 't...
nl.verhalenbank.11553
Doe ik noch in saek hie, hie ik in timmerfeint yn tsjinst út Woarkum, dy Johan Kemker hjitte. Dy Kemker hie in man kend yn Woarkum, dy hjitte sterke Gelf. Woarkum lei oan sé en oan de sédyk wie haeilån. Nou barde it ris, dat twa hynders in weide hea net by de steile oprit fan de dyk op krije koene. Sterke Gelf sei:“Span de hynders mar út” en luts de wein...
nl.verhalenbank.50541
It is us gebeurd yn Earnewâld, dat der in boat oer 't wetter farde. Guon op dy boat hearden dúdlik, dat der in stim yn it wetter wie, dy't sei: "De tijd is er, en de man is er niet." Doe't dyselde boat in wike letter wer op itselde plak wie, farden se in man oer, dy't fordronk.
nl.verhalenbank.15590
To Aldegea, dêr't nou Sibbele Douma wennet, stie froeger in great foarnaem hûs mei in gracht en in brechje dat omheech lutsen wurde koe. De boer en de frou wienen fuort, mar it folk wie thús. Doe kom dêr in man mei in great pak oansetten. Dy handele yn doeken, lapkes en sok spul. Hy frege of er dêr it pak wol delsette mochte. Nou, dat koe wol. Moarn kom...
nl.verhalenbank.12196
Twa man gongen der ris op út to fiskjen. It gebeurde by Easthim. 't Wie joun en donker waer. Doe't se it net ynhelje soenen, siet dat fêst. Se koenen fornimme, dat der oan lutsen woarde. De iene rôp tsjin 'e oare: "It is spooksel!" Doe kom it spoek even boppe. Sy koenen it beide sjen. It wie wyt. Mar fuort dêrnei dûkte it wer ûnder.
nl.verhalenbank.12386
To Aldegea yn 't nuteboskje fan 'e âld grytman rint in fôlle om mei in brijpot om 'e hals. Der wurdt noch altyd sein, as dêr ien lâns mat: "Tink der om, dat de fôlle mei de brijpot dy net pakt."
nl.verhalenbank.12385
Der wie in man, dy wenne op 'e Harste. Dy flokte altyd bot en hy hie ûnhuer praet. Hy prûmke geregeld en sa faek er in prûmke útspuide, sei er: "Der duvel, hast èk hwat." Mar op in moarntiid hong er dea yn 'e beammen. Hy wie hielendal swart. Dat hie de duvel dien.
nl.verhalenbank.15705
Op 't West yn Aldegea stie in boereplaets, dêr doarst net ien sliepe, hwant dêr gong it yn 'e nacht altyd bot oan wei. Dêr reizgen altyd guon om yn 'e stâl en yn 'e skuorre en op 'e souder en dan wie 't in lawaei fan jewelste. Der wenne in man yn Aldegea, dat wie âlde Thomas Elzinga. Dy woe 't net leauwe. It binne praetsjes, sei er. De feint, dy't op dy...
nl.verhalenbank.15704
Der wie us in man, dy hie forlet fan jild. Doe kom de duvel by him. Dy sei: Ik kin dy wol oan jild helpe. Hy moest mar in lears troch in gat fan it tek fan 'e skuorre stekke, dan soe de duvel dy fol smite. De man dy die dat. Hy stuts in lears troch 't tek hinne mei de iepening nei bûten ta, mar hy wie sa snoad dat hy de soale der ûnderwei slein hie. Doe...
nl.verhalenbank.15717
Op it gemeintehûs fan Wymbritseradiel yn Snits is in âlde kaert. Dêr stiet it kleaster Nazareth noch op. Dat kleaster is nou fuort. It stie oan de noardkant fan de dyk nei Heech, in 400 m it lân yn. De minsken fortelle: it spûke dêr. Winterjounen, sa in 't healtsjuster, koene jo dêr in man tsjin komme sûnder holle.
nl.verhalenbank.50539
35