Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show Only Popular Place of Narration
Narrator Gender
close
20 datasets found
Dutch Keywords: man Place of Narration: Mûnein
De potskippers fan Sumar dy skreauwen har van der Meer; dy wienen ôfgryslike sterk. Ien fan dy mannen dat wie Sjoerd van der Meer. It gebeurde mei Burgumer merke. Hy siet yn 'e kroech en dêr siet ek in sekere Freark de Vries, dat wie in slachter, dy kaem fan 'e Folgeren. Dy slachter dat wie in grouwe keardel, dy woech wol 200 poun. Dy slachter woe dêr it...
nl.verhalenbank.30348
't Wie yn 'e tiid fan 'e rúzjes tusken Skieringers en Fetkeapers. Greate Pier wie oan 't ploegjen op it lân. Doe kommen der guon by him, dat wienen fijannen. Dy koenen him net, mar se woenen graech witte hwer't er wenne. Doe tilde Pier de ploege op en sei: "Dêr wennet er en hjir stiet er." Doe waerden dy mannen sa bang foar sa'n sterke keardel, dat hja...
nl.verhalenbank.30175
Der wie in man, dy hie in protte jild ophelle. Hy moest de Godloas Singel del. 't Wie op 'e joun en tsjuster. Der wienen twa man, dy wienen by him yn 't wurk. Dy wisten, dat hy dêr lâns komme soe en rounen him tomjitte. Se woenen him deameitsje en 't jild meinimme. Mar dy man seach de beiden fan fierrens oankommen. Hy fortroude se net en doe't er in...
nl.verhalenbank.30170
Yn Trynwâlden wenne in man dy liet âlde roeken ta de hurddobbe útkomme. Hy lies dêrby yn in toverboek. As er itselde weromlies gongen de roeken wer ta de hurddobbe yn.
nl.verhalenbank.30173
Wibe Paulusma (lytse Wibe) wenne yn Sumar. Hy hie forkearing mei Frouk, dy't op Sumarreheide wenne. Ik wie doe by Frouk en dy's folk yn 'e kost. Op in nacht, doe hie Wibe wer nei Frouk ta west to frijen. Doe't er werom gong, stie der ynienen in hiele greate swarte houn dwars foar him. 't Wie in houn as in great keal mei hiele greate, gleone egen. Wibe...
nl.verhalenbank.30314
Op 'e Broek siet in man yn 't bûthús to melken. Dêr komt in hiel lyts mantsje yn 't bûthús. Syn burd sleepte hast op 'e groun lâns. Dat mantsje sei tsjin him: "Nou mast gau sjen datst hjir wei komst to wenjen, hwant ast' hjir bliuwste, dan bileefst rare dingen." Doe is dy man dêr ynienen wei gien.
nl.verhalenbank.30041
Hjir yn 'e Mouneein wenne in man dy hat hiel lang sukkele. It bleau altyd op ien hichte. Doe sei dy jonge ris op in kear: "Dy man stjert." Ien of twa dagen letter is der stoarn. De jonge hie 't fan to foaren sjoen. Hy wie der sels alhiel ûnderstoboppe fan.
nl.verhalenbank.32286
Sjoerd Terpstra wenne yn Burgum. Hy wie slachter en in rare, rûge keardel. Der wie net ien dy't him lije mocht. Hy hie altyd smoarch praet. As er in bern krige, wie 't altyd in famke. Oare bern hie er net. "Soe men se net smoare," sei er, "al dy famkes." Mar de lêste dy't geboaren woarde, wie in soan, mar dy is fuort nei de geboarte smoard.
nl.verhalenbank.30321
Ype Boukes de Graaf wie de lêste, dy't to Ljouwert ophong waerd. Hy kaem ris by in boerke to Tuskenloane ûnder Rinsumageast. Doe't er fuort gong praette er noch even mei dy boer. Doe sei er: "Hwat lit ús leaven Hear it moantsje moai skine." Dyselde nachts hat er dat boerke formoarde.
nl.verhalenbank.30047
Op in nacht seach heit de kant fan Hurdegaryp út wei twa ljochtsjes dizze kant út kommen. 't Gong oer de polder hinne. Dêr wie wol in âld modderreed, mar dy wie sa min en sa drekkich, dêr koe noait in minske fytse. En dochs wienen it krekt fytsljochten. Mar dêr wie gjin forkear mooglik. Auto's wienen der doe noch net. De oare deis hat heit dêr hinne west...
nl.verhalenbank.32283
Yn Burgumerheide wenne Tsjitse Boonstra. Dy hie in pear kij, dy seagen der min út. Hy liet se heal forhongerje. Op in moarn sil er de kij melke. Mar doe bigounen dy kij to praten. Ien fan 'e kij sei: "Ik moet meer eten hebben. Wij geven vandaag geen melk, want wij hebben honger." Doe sei Tsjitse: "Myn kij binne bitsjoend. Ik kom net yn 't bûthús." Doe...
nl.verhalenbank.30327
To Raerd wie in man, dy fortelde, hy hie in skoft oer it wetter fan 'e Snitsermar omroan.
nl.verhalenbank.36622
Greate Eise wenne op 'e Sumarreheide. Dy wie gefoelich foar lûden. "Hark," sei er, "der komt ek wer in sterfgefal." Dat hearde er oan 't lieden fan 'e klok. Dat lieden klonk dan deadelik. Dat kaem nei.
nl.verhalenbank.30546
Op 'e moanne sit in man mei in takkebult op 'e rêch.
nl.verhalenbank.30037
Swarte Jehannes wenne yn in aekje. 't Wie in sûnderling man. Op in kear soed er beantsjes ite. Sa't er se yn 'e panne hie, gong de duvel oan 'e oare kant fan 'e tafel sitten, èk mei in panne mei beantsjes. Doe sei Jehannes: "Is 't van de Here, kom tot mij. Is 't van de duivel, wijk van mij." "En," sa fortelde Jehannes, "hy fleach om my hinne as de...
nl.verhalenbank.30035
Evert Tsyske roun mei tsiis. De tsiissek hied er op 'e rêch. Hy wenne yn Sumarreheide. Dêr wenne Hart Boonstra ek. Dy hie in dochter by him yn 'e hûs, dy wie by de man wei. Dy dochter wie fan dy man yn forwachting en krige in bern. Der wie gjin dokter by de bifalling en dat berntsje rekke dea. Doe't it skimerjoun wie gong Hart mei dat deade berntsje nei...
nl.verhalenbank.30343
Wibe v.d. Veen wurke froeger faek as reidsnijer op 't Bûtenfjild. Hy fiske dêr ek wol. Dat wie krekt foar de krisistiid, de tritiger jierren. Hy hearde doe dat dêr lawaei wie fan bussen en masinen. Hy tocht: Hjir komt skielk in molkfabryk. Sokke lûden wienen it krekt. Mar dat is der net kaem. Wol waerd ridlik gau dêrnei it Bûtefjild ûntgonnen. En doe...
nl.verhalenbank.30033
Op 'e Eeltsje-mar wie op in jountiid in man - in sekere Feddema - to murdejeijen. Sa't er op 'e rânne fan 'e mar lâns roun, seach er dêr in bûteraed, dêr sieten seis jonge fammen op en dy songen har heechste liet. Dat wienen nachtmerjes. Se dreauwen moai oer de mar hinne. Feddema hat my dat sels forteld.
nl.verhalenbank.30027
Letter forhuze Hart Boonstra, mar hy bleau yn Sumarreheide. 't Wie altyd slim mei Hart, 't wie noait goed. 't Wie him noait nei 't sin. Op in kear kaem Evert Tsyske by him, doe wie 't sierlik moai waer. Evert hie tsiis by him. "Moai waer, Hart, hè?" sei Evert. "Moai waer?" sei Hart, "'t is ommers smoarhyt." "Neamstû dat hyt?" sei Evert. Evert hie yn 'e...
nl.verhalenbank.30345
Der wenne in man to Aldegea, dy syn frou wie stoarn. Hy hie it minske op har stjerbêd biloofd, dat hy soe net wer trouwe as se dea wie. Mar hy die it al. Hy troude wer. Nachts lei er by syn twadde frou op bêd. Op in kear sei er tsjin dy twadde frou: "Ik wol net wer by dy sliepe. Ik wol op in apart bêd, datstû foar my rémeitsje mast." Doe frege dy frou...
nl.verhalenbank.30350
35