Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
71 datasets found
Dutch Keywords: lopen lijkstoet
Kwoad zain Mien voader luip es n moal mit aine op duuster pad, tuskn 12 en 1 uur in de nacht. Dou zee de veurste teegn mien voar dai achter hum aan luip: "Goa eevn bie zied, komp wat aan." Mien voar zee: "Dat dou k nich, ik zai niks." Zien kameroad hef hum dou bie de schammelakn greepm en aan de kaan van de weg hen zet. "Kiek es eevn over mien rechter...
nl.verhalenbank.43165
Rinne jo yn 'e nacht midden op 'e wei, dan kinne jo oan kant reage wurde troch in lykstaesje.
nl.verhalenbank.27169
Ik kom us op in kear fan Hiltsjemuoiwâlden fan 'e froulju. Ik roan it Wyldpaed lâns op wei nei hûs ta. 't Wie yn 'e nacht. Doe stapte ik ynienen yn in gat. Ja, 't wie in gat en ek wer gjin gat. Ik stapte oer in lykwein hinne. Achter wie 't heger, ik stapte der yn del. 't Wie in boerewein. Dêr woarden doe de minsken noch mei nei 't hôf brocht. Twa wiken...
nl.verhalenbank.27395
Wy mochten fan ús âlden jouns noait midden op 'e wei lâns rinne. Dat dienen wy ek noait, hwant dan koe 't samar gebeure dat wy tsjin in lykstaesje oprounen.
nl.verhalenbank.32773
Nachts mat men noait midden op 'e wei rinne, hwant dan kin men wolris tsjin in lykkoets oanrinne.
nl.verhalenbank.29637
Us mem sei altyd: tink der om, rin nachts noait midden op 'e wei, hwant dan kinst in stomp fan in lykstaesje krije.
nl.verhalenbank.30366
Een oude vrouw vertelde mij dat zij als kind door haar grootmoeder opzij werd getrokken met de woorden: 'Opzij, er komt een lijkstoet voorbij.' Een vader die met zijn zoontje over de weg liep, zei plotseling tegen de knaap: 'Zet je pet af, er komt een lijkstoet voorbij.' Terwijl de jongen er niets van zag. In Eersel zag een inwoner, 's nachts tussen...
nl.verhalenbank.49855
Rin noait by nacht midden op 'e wei, seinen se froeger altyd, hwant jo kinne dan oan kant set wurde troch in lykstaesje.
nl.verhalenbank.29556
Men mat jouns en nachts noait midden op 'e wei rinne. Men wurdt soms samar oan kant set, as der in lykstaesje oankomt.
nl.verhalenbank.23709
Men mat nachts noait midden op 'e wei rinne. Men rint dan de kâns dat men troch in lykstaesje oan kant reage wurdt.
nl.verhalenbank.31325
Der waerd altyd sein: Rin yn 'e nacht noait midden op 'e wei, hwant as der in lykstaesje oankomt kinst in rare gisel meitsje.
nl.verhalenbank.29519
De Reitsma-wei, dat wie froeger in sânpaed mei diken. Myn broer Klaes en Simen (dat wie syn maet) roannen dêr us op in joun lâns. Doe sei Klaes tsjin Simen: "Oan kant, jonge, rûmte jaen." Doe passearde der in lykstaesje. Klaes seach it, mar Simen seach it net.
nl.verhalenbank.27285
Yn 'e Harkema roannen op in nacht twa mannen neist elkoar lâns. Doe sei de iene tsjin 'e oare: "Kom hjir hwat hinne, de wei mat frij bliuwe." "Hwerom?" frege de oare, mar hy gong oan kant. De oare woe neat sizze en bleau stean. Even letter fortelde er it. "Der wie in lykstaesje op 'e wei. Dêrom moesten wy oan kant." Mar syn maet hie neat sjoen.
nl.verhalenbank.21541
Der woarde froeger altyd sein: Rin by nacht noait midden op 'e wei. Der kin wolris in lykstaesje oankomme, dy't dy oan kant reaget.
nl.verhalenbank.28203
Mear as ien kear is 't gebeurd dat guon rinnende of mei hynder en wein nachts ûnderweis wienen en ynienen net fierder koenen. Dan woarden se keard. Se moesten dan rûmte jaen foar in lykstaesje, dy't foarby moest. Wie dy passeard, dan koenen se sels ek wer fierder. Dat haw ik faek heard.
nl.verhalenbank.33810
Op in sânwei yn 'e Harkema roannen Klaes Postma en in kammeraet fan him. Dy't njonken him gong sei tsjin Klaes: "Dû mast op side gean, der komt in lykstaesje oan." Mar Klaes die it net. Doe is er in hiel ein fuortsodemitere woarn.
nl.verhalenbank.25900
Men mat noait midden op 'e wei rinne by nacht, hwant dan kin men tsjin in lykstaesje oprinne dy't men net sjocht.
nl.verhalenbank.37336
Myn folk wenne op 'e Eibertsgeasten. Froeger wie der in paed, dat fan 'e Hegewei dêrhinne roan. Dat paed bochte hiel bot en it gong troch in boskje. Op in joun kom ien dat paed del. Hy wenne op 'e Eibertsgeasten, dêr't er hinne soe. Midden yn 'e bosk dêr't it paed in hoeke makke, seach er in lykstaesje oankommen. Alle minsken dy't der achteroan roannen...
nl.verhalenbank.12203
In minske mat nachts noait midden op 'e wei rinne. As der in lykstaesje oankomt, wurde jo oan kant reard. Jo matte rûmte jaen. Hjir yn 'e Harkema is dat gauris gebeurd.
nl.verhalenbank.27245
Men mat jouns noait midden op 'e wei rinne. Hwant komt men in lykstaesje tsjin, dan wurdt men oan kant reage. Ek gebeurde it wol, dat men foar by de lykwein oproan. Dat fornaem men oan 'e foarkant net, mar achter wòl. Dêr foel men der dan by del.
nl.verhalenbank.20728
35