Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
8 datasets found
Dutch Keywords: lichten zweven
Ziezo, wie zitn hier in t gehucht Meerland. Dat hait zo, omdat er vrouger n meer bestoan het. Over dat meer binnen verschaiden legenden in omloop. Ollere mensn konden dr vrouger veul over verteln. Ik herinner mie nog n geval, dat n oal man mie verteld het. t Is wel al 150 joar leden, toun t zuch ofspeuld het, wat ik joe nou verteln goa. Want dei olle man...
nl.verhalenbank.44866
Ien seach yn 't foarige yn Sumar in pear ljochten skean de heide oer kommen en hy hearde dêr in gerommel by. Dat wie de tram, dy't letter kaem is.
nl.verhalenbank.24614
Wy wennen ûnder Surhústerfean, tichte by de Fjouwer roede. Dêr seagen de minsken yn myn bernejierren allerhande ljochten jouns. Dy wienen op in rige en sy sweefden. Letter seinen se, dat hienen de foarboaden west fan 'e karbydlampen fan 'e fytsen dy't dêr letter lâns kamen. 't Wie boppe de wei dêr't dy ljochtsjes lâns sweefden.
nl.verhalenbank.37522
Alde Melle Wolters wenne op 'e Sumarreheide. Hy hie wol gauris jounpraters. Op in kear hienen der twa froulju west. Dy rekken der yn 'e skimerjoun wer wei. "Hwat komt dêr oan?" sei de iene tsjin 'e oare. Der kom in great lang hok op it lân oan oan 'e westkant mei twa greate ljochten op. Der woarde net wer oer praet. Mar jierren letter kaem dêr de tram...
nl.verhalenbank.32458
Op 'e Gariperheide woarde eefkes foar 1900 wol faek sein: "Sjoch, dêr sweeft hwat hinne." Dat wienen de fytsen, dy't letter kommen (foartsjirmerije).
nl.verhalenbank.24630
Wy wennen hjir yn 'e Harkema yn in hûs oan 'e Warmoltsstrjitte. Myn man sei op in moarn: "'k Ha de hiele nacht timmerjen heard hjir op 'e tún. En der woarde mei balken omsmiten en mei stiennen. Hjir kin wol ris hwat komme." In pear jier letter woarden der trije greate timmerhokken boud op 'e tún. Doe wienen wy 't hiele gefal al forgetten, mar 't kom myn...
nl.verhalenbank.22250
Us pake fortelde ek dat se froeger in ljocht seagen, dat foarby fleach. Dat seagen se wol faker en op allerhande plakken. Hja biwearden dat dit de lettere ljochten fan 'e fytsen wienen.
nl.verhalenbank.29613
Dêr stie in wettermoune oan 'e Swarte broek, ûnder de Moune-ein. Dêr wie in polder dy't ûntstien is yn 1866. Dêr fan ôf/foarby roun in reed fan Hurdegaryp dwars oer nei Ikkerwâld. Dat wie de Papereed, dêr troch de monniken oanlein. Op in nacht moest heit mealle. Heit wie mounder. Doe seach er fanôf Hurdegaryp twa ljochten oankommen, rjochting Ikkerwâld,...
nl.verhalenbank.32151
35