Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
71 datasets found
Dutch Keywords: lichten
[Dwaallichten:] Dat ware lichies, die in de verte danste.
Van die lichies over 't land, dat wazze dwaallichies. Dan was d'r vast wel wat op til, oorlog of ramp.
De rooie Pit was gin beste. Hé’j dronk te veul. En hé’j lichtte de fuke. En hé’j holde ze lèg. As ie zat was, zèj tège zien moeder: “Ouwe moer, ik zal oe dur ’t guitegat hoale”. Mar de moeder was er nie zo bang vur. Ze doch zeker: “Zatte kjels en klein kiender moj mar loate proate”.
nl.verhalenbank.50420
‘k Heb ook wel heurd van kolken, woar geluden uut kwamen; van lichten, dei onroad veurspelden; van jankende honden, dei ’n staarfgeval beduden, moar ’t heft op mie wainig indruk moakt. Doarom ken ‘k doar nait veul over verteln.
Wie sa'n foech kwajonge en wy wennen by de Skieding. De minsken seagen doe de jouns en de nachts allegear ljochtsjes. "Hjir komt straks in trein lâns", seinen se. (In tram wie ûnbikend) Mar it woarde in tram. Sy seagen it jierren fan tofoaren.
Wy wennen ûnder Surhústerfean, tichte by de Fjouwer roede. Dêr seagen de minsken yn myn bernejierren allerhande ljochten jouns. Dy wienen op in rige en sy sweefden. Letter seinen se, dat hienen de foarboaden west fan 'e karbydlampen fan 'e fytsen dy't dêr letter lâns kamen. 't Wie boppe de wei dêr't dy ljochtsjes lâns sweefden.
Myn skoanmem kaem fan Feanwâldsterwâl. Hja hat faek forteld dat de minsken dêr de lûden fan 'e trein heard hienen foardat der noch sprake fan wie dat der in trein komme soe. Ek guon hienen de ljochten fan 'e trein fantofoaren sjoen.
Dêr't nou de rondwei oer de Noarderdwarsfeart hinnegiet seach ús heit froeger oan beide kanten gleone ljochten. Dan sei er: "Dêr komt nochris hwat." Hwant dy gleone ljochten, dat wienen de lettere auto's by joun en by nacht. De man hat gelyk krigen. De rondwei is der kaem en it rydt dêr altyd troch.
By Grinzer Pein is in gehuchtsje: Topwear. Dêr seagen guon alle jounen in ljochtsje. Dêr kaem letter in hûs to stean.
nl.verhalenbank.36953
Wy wennen by de Skieding ûnder Drachtster Kompenije. Mem fortelde op in moarn. Nou haw ik justerjoun twa ljochtsjes oer de heide kommen sjoen, dy gongen fan Mearum nei Trimunt ta. Dat wie noch foardat de tram dêr lâns ried. Letter is dy dêr kaem. It wie foartsjirmerije.
Froeger waerden hjir ljochtsjes yn 'e loft sjoen. Dat wienen de lettere fliegmesines. Omke hat se faek sjoen.
Oer 't spoar yn 'e Westerein, dêr seach ús buorfrou allegear ljochtsjes. Dat wienen wylde lantearnen. 't Wie de kant nei Kûkherne oer. Hja sei: "Dêr komt noch ris in wei lâns." En dat is èk gebeurd. Der stienen doe yn dy tiid mar 2 húskes en in wei wie der net. Nou bin 't allegear huzen.
Wylde lantearnen tsjutten op 'e ljochten fan 'e lettere auto's en fytsen.
Op in nacht wie heit der allinne mei syn houn op út to murdzjen. Hy wie to Feankleaster, flak by it slot. Dêr roan in hage by de wei lâns. Doe kommen der ynienen twa ljochten op 'e wei. Dy kommen de kant fan Bûtenpost út wei. It wienen gleone ljochten, hast krekt as dy fan in auto. Heit tocht: ik mat mar even fan 'e fyts. It sûze der oer, doe't dy...
nl.verhalenbank.36742
In âld minske hjir sei us: 't Is allegear wylde lantearnen op 'e wegen. It wurde skielk allegear ljochten. Dat wie krekt foar de tiid dat de fytsen útkamen. It wienen de fytslantearnen, dy't hja sjoen hie fan tofoaren.
As wy froeger yn 'e Westerein op 'e hoeke stienen seagen wy jouns wolris wylde lantearnen, skean oer de greiden. Dat wienen foartekens fan 'e auto's.
Edze-om wie mem har jongste broer, dy is yn Limburch forstoarn. Dy hearde fan tofoaren al de lûden fan 'e auto's en de fleanmesines. Ek seach er ljochtsjes fan 'e tram. Dat is allegear neikom.
Alde Melle Wolters wenne op 'e Sumarreheide. Hy hie wol gauris jounpraters. Op in kear hienen der twa froulju west. Dy rekken der yn 'e skimerjoun wer wei. "Hwat komt dêr oan?" sei de iene tsjin 'e oare. Der kom in great lang hok op it lân oan oan 'e westkant mei twa greate ljochten op. Der woarde net wer oer praet. Mar jierren letter kaem dêr de tram...
Foardat de tram troch de Sumarreheide ried ha in soad minsken dêr it jiers tofoaren de ljochtsjes al sjoen.
Dêr stie in wettermoune oan 'e Swarte broek, ûnder de Moune-ein. Dêr wie in polder dy't ûntstien is yn 1866. Dêr fan ôf/foarby roun in reed fan Hurdegaryp dwars oer nei Ikkerwâld. Dat wie de Papereed, dêr troch de monniken oanlein. Op in nacht moest heit mealle. Heit wie mounder. Doe seach er fanôf Hurdegaryp twa ljochten oankommen, rjochting Ikkerwâld,...
nl.verhalenbank.32151
0