Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
18 datasets found
Dutch Keywords: lantaarn Place of Narration: Harkema
Lytse Wytske sei yndertiid, der soe in skoalle op 'e Bulten komme. Hja hie fjouwer lampen brânnen sjoen, dat wie fierstofolle foar in hûs. Mar doe setten se letter op dat plak in hûs del foar fjouwer gesinnen, de saneamde 'malmoune'. Dat hat it west. Sy ha 't hûs letter ôfbrând, doe wie 't alhiel útwenne. (De jonges seinen doe al: der komt in skoalle op...
nl.verhalenbank.24328
Op 'e Singel - dat wie froeger in modderpaed - seagen se nêst jierren wylde lantearnen. Letter binne der op dy plakken huzen boud. Dy wylde lantearnen wienen de ljochten fan dy huzen.
nl.verhalenbank.28513
De frou fan myn broer Albert seach froeger by joun allegear ljochten oan 'e Nije Wei, omheech yn 'e loft. 't Liken krekt allegearre lampkes. Letter kamen dêr de lantearnen to stean.
nl.verhalenbank.19531
Froeger seagen wy wol us wylde lantearnen. Èk yn 'e buert fan 'e Skieding. Dan kom dêr letter in hûs.
nl.verhalenbank.24882
Wylde lantearnen, dat wienen ljochten, dy seach men fan fierrens, mar as men der by kaem, dan wienen se fuort. 't Wie foartjirmerije. Letter kom der op sa'n plak in echte lantearne of in hûs. Ik ha 't sels wol meimakke.
nl.verhalenbank.29356
Ik en myn neef gongen simmerjouns wol gau us nei de Hamster buorren. Dan seagen wy om in ûre of njoggen ljochtsjes oer de Ikkers tusken ús hûs en dat fan Aeltsjemoai. Wy seinen: "Dêr komt grif in hûs to stean, hwant it wienen wylde lantearnen. Mar it hûs is der noait kom.
nl.verhalenbank.21642
Wylde lantearnen woarden hjir yn 'e Harkema faek sjoen. Dat wienen de foarboaden fan 'e lettere fytsen en auto's, wurdt der gauris sein.
nl.verhalenbank.34515
Wylde lantearnen wie de foartsjirmerije fan 'e lettere fytslampen. Doe't wy froeger yn 'e Bosk wennen seagen wy se hiel folle.
nl.verhalenbank.28924
Myn skoanheit, dat wie Hindrik van der Tuin. Dy seach foar in 50 jier hjir op 'e heide allegear ljochtsjes op- en útgean. 't Wie hjir doe noch in sânwei. Dy ljochtsjes, dat binne de lettere strjittelampen woarn.
nl.verhalenbank.12500
Wy seagen froeger wol gauris wylde lantearnen. Dy ljochten tsjutten op 'e lettere auto- en fytsljochten.
nl.verhalenbank.25768
Ek sei se in kear: "Ik ha allegearre ljochtsjes sjoen, dy't biweegden. Der komt hjir foroaring." Doe kom dêr letter in hurde wei, dêr't de auto's lâns snuorren.
nl.verhalenbank.22289
Froeger seagen wy hjir faek wylde lantearnen. Dat wie allegearre foartsjirmerij. Hwant letter kommen dêr de strjitlantearnen.
nl.verhalenbank.19554
Wy ha froeger faek wylde lantearnen sjoen. Dat wienen ljochtsjes bûtendoar. "Sjoch, mem, in wylde lantearne", seinen wy dan. Dy wylde lantearnen, dat wie de tjirmerije fan de fytsen en autoën.
nl.verhalenbank.17550
De wylde lantearnen, dy't wy froeger seagen, dat ha de lettere fytslampen west.
nl.verhalenbank.24342
Wylde lantearnen binne de foarboaden fan oare lantearnen. (op fytsen en strjitwei)
nl.verhalenbank.16870
Myn Pake en mem seagen hjir yn 'e Harkema yndertiid yn 'e Smoarhoeke ljochtsjes oankommen, dy draeiden om 'e hoeke de slingerpaedtsjes del. 't Wienen wylde lantearnen. Letter rieden de fytsen dêr lâns mei jouns de ljochten op. Dy lampen fan ' e fytsen ha sy doe fan tofoaren sjoen.
nl.verhalenbank.26220
Wy ha faek fleanende lantearnen oer de heide sjoen. Dat woarden letter de fytsen en de brommers.
nl.verhalenbank.15892
Us heit hat froeger wylde lantearnen sjoen krekt as in trein. Dat gong by Readskuorre lâns troch Droegeham op Koatstertille yn. Heit biwearde, hy hie de trein rinnen sjoen. Hy hat de trein ek fluitsjen heard. "It duorret mar even," sei heit, "dan komt dy trein hjir." Mar heit is nou al twa en fyftich jier dea, en der is noch altyd gjin trein.
nl.verhalenbank.28668
35