Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
11 datasets found
Dutch Keywords: land Place of Narration: Eastermar
Piter Poes fan Sumarreheide koe mûzen komme litte út 'e foarikker fan 't lân. Hy holp altyd as 't net tsjernje woe.
nl.verhalenbank.20472
Hearke wie ris oan 't ploeijen. In man kom by him. Dy woe nei Sterke Hearke ta. Hy komt by Hearke op 't lân. "Kinne jo my ek sizze hwer't Hearke wennet?" frege er. Hearke spant it hynder even út. Hy kriget de ploech en tilt him op en wiist der mei nei syn hûs. "Dêr wennet er," seit er, "en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.35928
Der kom ris in man by Sterke Hearke op it lân. Dy wie oan 't ploegjen. Dy frege nei Sterke Hearke. "Hwer wennet er?" sei er. Doe tilde Hearke de ploech mei ien hân op en hy wiisde dêr syn hûs mei oan. "Dêr wennet er," sei er, "en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.28395
Der kom ris in fremde man yn Droegeham, dy woe nei Sterke Hearke ta. Hearke stie op 't lân. Hy wie oan 't ploeijen. Dy man frege him hwer't Hearke wenne. Hearke krige de ploech by de sturt beet en sei: "Dêr wennet sterke Hearke en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.34636
Der wie in persoan, dy seach de kant út nei de Mar. Doe seach er hwat oankommen oer it lân. In feart wie der net. It like wol in skip, mar it hie gjin seilen. Letter die bliken, dat ding dat hie de Eastemarre boat west, dy't dêr letter farde op it plak dêr't se letter it kanael groeven ha.
nl.verhalenbank.21832
Troch Jistrum hinne nei 't noarden, krekt bûten de buorren leit in heech stik lân. Dêr mat foarhinne in slot stien ha. Myn âlde mem fortelde my, guon hienen dêr froeger hynders sjoen, dy't oan 'e fiterlokken ta troch 't bloed roannen. Dat bitsjutte dat der nochris in greate oarloch komme soe.
nl.verhalenbank.35923
Fan Hinse de Boer wurdt forteld, dat er by it kijforweidzjen noait in hekke hoefde to sluten. Hy spruts de kij even ta en sy bleauwen yn it stik lân, dêr't se yn wienen.
nl.verhalenbank.20080
Ik wie noch mar njoggen jier, doe gong ik al mei nei de Grinzer klaei ta to wjudden. Bearn Brúnje gong ek mei. Mar dy krige dêr de koarts: de klaeikoarts. Dy koed er allinne kwyt wurde, as er wer nei 't selde plak ta gong. Dat hat er dien en hy hat der noait wer lêst fan hawn.
nl.verhalenbank.29313
Der wie ris in boer, dy krige ûngetiders. It wie tige drok yn 'e heatiid. Dy ûngetiders moesten swylje. De boer sei tsjin 'e mannen: "Jimme matte alle hea nei de kant ta swylje." Dat like dy arbeiders nuver ta. It wie altyd de gewoante it hea nei de midden ta to swyljen. Mar omdat de boer it sa ha woe, swilen se nei de kanten. Der wie ien arbeider by, dy...
nl.verhalenbank.33852
Alde Adolf Eede fortelde: Der kom in nije feint by sekere boer. Der wie ek in arbeider by dy boer. Togearre setten se nei 't lân ta. Sy moesten dongstruije. De bultsjes stienen op 't lân. Doe't se der wienen, sei de nije feint: "Wy gean der by lizzen." Oan 't iterstiid ta joegen se har del yn 't lân. Nei iten gongen se wer nei 't lân ta. "Wy gean der wer...
nl.verhalenbank.21884
Der wienen al ris twa poepen by de boer to meanen. It wie oannaem wurk en hja fortsjinnen der eins to min oan. De boer wie oan 'e deune kant en gunde de beide poepen net rjocht in deihier. Doe tochten dy poepen: Wy sille dy wol krije, fader. Hwat hja to dwaen hienen, hja meanden allinne mar de kanten fan it stik lân, de rânne der omhinne. Doe't dat...
nl.verhalenbank.33851
35