Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
26 datasets found
Dutch Keywords: kussen Place of Narration: Harkema
Alle Tet op 'e Bulten wie blau om 'e holle. Dêr koe men oan sjen dat in tsjoenster wie. Sy bitsjoende faek bern. Dan hienen se krânsen yn 'e kessens. As bern wienen wy binaud foar har. As wy har oankommen seagen, naeiden wy hurd út.
nl.verhalenbank.19526
Doe't myn wiif noch in bern wie gong Sweitse Kim mei krânsen bilans, dy't er út in fearren bêd helle hie. Dêr slepte syn bern op, dat hie bitsjoend west. It wienen twa krânsen. Hienen der trije west, dan hie it bern it net oerlibbe.
nl.verhalenbank.21133
By ús beppe wie ien fan 'e bern bitsjoend. Pake gong nei Wopke ta to Kûkherne. Wopke frege of pake wol hurd rinne koe. "Jawol," hie pake sein, "'k ha nije klompen oan." Wopke joech pake guod mei. Doe gong pake troch in stik lân mei beesten. Dy sieten allegear achter pake oan. Pake rinne om 't leven. Hy rekke yn 'e sleat en de beesten der boven. Mar hy kom...
nl.verhalenbank.23915
In tsjoenster koe har yn in kat foroarje. Dat die Alle Tet ek. Op in kear doe hie se dat ek wer dien. Doe joegen se dy kat in klets. Dat koenen se de oare moarns oan har hân sjen. Tet hat forskate bern bitsjoend. Dan hienen se krânsen yn 'e kessens. Dy krânsen moesten se opbrânne. De lju dienen duveldrek ûnder 'e drompels en sy makken krusen foar de doar,...
nl.verhalenbank.25753
Doe't skoanheit syn suster noch in famke wie, siet dy bot yn 't lijen. Hja gûlde altyd. Doe wienen der guon, dy seinen: Dat bern kin wolris bitsjoend wêze. Mar dêr woe beppe neat fan leauwe. Der kom faek in naeister by harren, dy't deis foar har naeide. Op in kear, doe't it bern wer bot raesde makken se de jouns it kessen iepen, dêr't it bern de holle op...
nl.verhalenbank.32951
Piter Rauwerda syn frou Lys, hjir op 'e Bulten, hat in jier of hwat lyn bitsjoend west. Hja hie in krâns yn 't kessen.
nl.verhalenbank.32954
Wie der ien bitsjoend, dan founen [se] faek in krâns yn 't holkessen. Dy krâns moesten se forbrânne. As se dat dien hienen, dan kom de tsjoenster net wer. Sy gongen meastal foar it bern nei de duvelbander ta. Dat wie yndertiid Wopke fan Kûkherne. Dy joech in drankje mei en joech oanwizings foar it bitsjoende bern.
nl.verhalenbank.25780
Lol wie letter troud mei Hindrik Land. Doe't Lol noch in fanke wie, slepte se faek by har beppe Heabel dy't oan 'e Singel yn 'e Harkema wenne. Dat fanke sei: "Ik kin nachts noait sliepe." Dat woarde sa slim, dat op 't lêst ha se 't kessen iepentoarnd, dêr't Lol mei de holle op lei. Doe sieten dêr trije krânsen yn, de trêdde wie omtrint klear. Doe ha se dy...
nl.verhalenbank.33294
In suster fan ús mem is as fanke bitsjoend woarn. Sy woenen wite hwa't it dien hie en doe woarde der in krús op 'e daem set. Doe kom it buorwiif der oan. Mar dy koe noait oer it krús hinne komme. Hja hie der mar foar omkjirme en raesd. Mar it bern hie al trije krânsen yn 't kessen. It is stoarn. 't Wie alve jier âld.
nl.verhalenbank.15630
Yn in boerespultsje ûnder de Ham rekke in bern siik. It bern tsjirme, dat wie skoan oan 't bern to sjen. Hoe't de dokter der ek mei omplastere, it joech allegear neat. It bern bleau in harterke, ja it kopke biklonk hoe langer hoe mear. Doe sei de buorman tsjin 'e heit fan dat bern: "Dû mast opjaen fan dokterjen. Der skeelt dat bern oars hwat. Dêr hat in...
nl.verhalenbank.15782
In tsjoenster kin har foroarje yn in kat. Ik ha wit hoe faek heard, dat se in kat in opmiter joegen en dat dan de tsjoenster de oare moarns mei in seare holle of sa op bêd lei. De tsjoensters tsjoene krânsen yn 'e kessens. As katten hâlde se in forgadering. Us Gerke hat wolris heard, dat de kat sei: 'donderdagavond'.
nl.verhalenbank.26348
Op 'e Bulten hat in frou wenne, Piters Lyske, dy rekke bitsjoend. Hja waerd siik en doe founen se in krâns by har yn 't kessen. It wie in frommeske út Bûtenpost dy't har bitsjoend hie, neffens se seinen. It is noch net iens safolle jierren lyn doe't dat gebeurde.
nl.verhalenbank.31543
Ik wie al tiden siik. Ik iet net en ik woarde by de dei megerder. Dokter koe my net helpe. Ik gong sjenderegen achterút. Doe sei dokter op in kear: "Jo matte der us út." Mar ik hie nergens sin oan. Ik bleau thús. Moar op in peaskemendei wie Piter (myn man) thús fan 't wurk. Doe sei Piter: "Nou mastû der us út. Ik hûswarje wol. Fyts dû mar us nei Eastemar...
nl.verhalenbank.20704
Op 't Surhústerfean is foar in pear jier noch in jonkje bitsjoend. Hy hie in krâns yn 't kessen. Dy krâns hat dêr foar 't glês lein. It bern hie hwat fan 'e tsjoenster yn krige, dêr't it fan bigoun wie to kwinen.
nl.verhalenbank.16086
Alde Knjillis Alma fan 'e Harkema hat ris bitsjoend west. Sy founen by him in krâns yn 't holkessen.
nl.verhalenbank.28587
Alle Tet wie in greate tsjoenster. Sy koe harsels yn in pod foroarje. Sa kom se dan by de minsken op bêd. Sy wie de greatste tsjoenster fan 'e Harkema. Mar âlde Eke wie ek in tsjoenster. Dy hat us in bern bitsjoend. It bern woarde gammel en siik. Doe gong de man nei Wopke fan Kûkherne ta. Dat wie dêr de duvelbander, dêr reizgen se út 'e Harkema...
nl.verhalenbank.19559
Alle Tet wie in tsjoenster. Dy koe har yn in pod foroarje, seinen se. Wie der in bern bitsjoend, dan gongen se mei in fleske mei pisse fan 't bern nei Wopke fan Kûkherne ta. Dan joech Wopke in drankje mei. En dan sei er: "Tink der om, hear, op heilwei komt der in swarte kat by dy, dy springt dan by dy op en dy wol 't fleske stikken meitsje." Dat is hjir...
nl.verhalenbank.28802
Us mem hat ris in hiel kessen leech skuord. Doe miende se dat der ien fan ús bitsjoend wie, mar dêr kom net in krâns út. Tije van der Veen (Tije Hil) wie al lang lyn stoarn oan 'e kanker. Doe makke syn wiif syn kessen ris in kear iepen. Doe helle se twa prachtige jonge douwes út dat kessen wei. Doe wist se dat hy yn 'e macht fan in tsjoenster west hie.
nl.verhalenbank.28792
As in tsjoenster trije folle krânsen by ien yn 't kessen tsjoend hat, dan is dyselde dea.
nl.verhalenbank.24345
Piters Lys hjir op 'e Bulten hat bitsjoend west. Hja hie in krâns yn 't kessen. Dat is noch mar even lyn. Hat men guod fan 'e duvelbander, dan mat men der om tinke dat men dat goed achter slot hat. Dat meije oare minsken net sjen.
nl.verhalenbank.24636
35