Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
8 datasets found
Dutch Keywords: krijgen Place of Narration: Drachten
Doe't ik in famke wie wennen wy yn Houtigehage. Ik moest elke dei iten bringe nei in omke fan my, dy arbeide by mynhear Bogaerts. Dat wie in hiel ein rinnen. Op in kear doe kom ik werom. Doe wie der in âld wyfke. "Och heden, berntsje," sei se, "hwat mastû alle dagen in ein rinne. Hjir hast in apel." 't Wie in hiele moaije apel, mar ik doarst him net op to...
nl.verhalenbank.25618
Hjir yn Drachten wenne ik jierren lyn by moeke Boulier. Moeke Boulier koe mear as in oar en hja wist ek mear as in oar. Hja seach allerhande dingen foarút. Op in kear fortelde se, oan 'e oare kant de wei soe in great kanael komme en dêr soenen pakhuzen boud wurde en greate hotels. Dat is nou sa'n 60 jier lyn dat hja dat fortelde. Ik ha letter wolris...
nl.verhalenbank.37800
Dyselde Auke Helmhout wie ek in frijmitseler. Yn 't tsjuster frege der: "Hoe sit it, ik mat even hwat jild brûke." Dan sei der in man yn 't tsjuster: "Hoefolle?" En dan krige er dat jild. Mar om 'e sawn jier mat der ien fan 'e frijmitselders dea. Sy lotsje der om hwa't dat wêze sil. Der wurdt in nûmer útskuord en dy sinen dat is, dy wurdt deamakke. Yn 'e...
nl.verhalenbank.19381
Op in kear haw ik wer us nei Kjille west. Doe sei se: "Der sil yn 't koart in erfdiel wêze. Mar jou broer krijt mear as jo", sei se. Dat is ek gebeurd.
nl.verhalenbank.22876
Ik ha wolris heard dat ien in apel fan in tsjoenster krigen hie. Hy burch him op en doe't er him letter opite soe, hie 't in pod west. Ik sei froeger altyd tsjin ús bern: Tink derom, as in frou jim in apel jaen wol, net opite!
nl.verhalenbank.25476
Wy mochten neat fan Rikele Myt oannimme. As de minsken in fremde kat seagen, seinen se: "Tink derom, dat is Myt." As hja skeind wie seinen se: "Sjoch, sy hat fannacht wer in klap hawn."
nl.verhalenbank.37932
Tinalinge is in soarte fan gehucht yn Grinslân. It leit tichte by Mensingeweer. Dêr stie in boerepleats. Dêr tsjinne in sawntich jier lyn in faem, dy hie in wyld hier yn 'e nekke. Hja koe noait in fatsoenlike feint krije omdat se sa bluistrich wie en sa wyld en alles der mar útflapte hwat har foar de mûle kaem. Op in kear doe wie 't kermis. Dêr woe se...
nl.verhalenbank.19844
Wy mochten fan Rikele Myt noait in apel opite, hwant dy apels wienen bitsjoend. Dan krigen wy in pod of in kikkert yn 't liif.
nl.verhalenbank.26041
35