Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
6 datasets found
Dutch Keywords: kopen Place of Narration: Kollumerzwaag
Stammerige Harm hie in wikseldaelder. Dy hie er fan 'e duvel. Se seinen, dat er ryk wie. As er hwat kochte foar in goune, gong dy altyd wer nei him ta. In dûbeltsje of in kwartsje net. Dy koenen jy gerust fan him oannimme, mar noait in goune, hwant dy wienen je even letter wer kwyt.
nl.verhalenbank.29817
In wikseldaelder koenen jy keapje. Dan moesten jy op in fjouwersprong wêze, dêr't twa wegen elkoar kruse. Dy wikseldaelder waerd dêr dellein troch de duvel. Je moesten jou siele der foar ôfstean. Stammerige Harm hie ien.
nl.verhalenbank.37337
Op in kear sei ik tsjin myn man: "Dû komst aenst thús mei in klok en in taffeltsje." Ik hie 't klear yn myn dream sjoen. 14 dagen letter reizge er nei in boelguod, dêr kocht er in pendule en in taffeltsje, dy't er my brochte.
nl.verhalenbank.30108
Ik ha wol minsken kend en by my hawn, dêr't ik in great hekel oan hie. Dy hienen de kweade hân. As se by de kninen kamen en se net kochten, dan koe men der mar fan op oan dat dy kninen dea gongen.
nl.verhalenbank.38620
Dy't mei de helm geboaren is, is kûgelfrij. Ek deselde dy't sa'n helm keapet. Dokters nimme wol helms mei sûnder dat de âlders fan 't bern it witte. Hege omes jowe der tûzenen foar. Ofsieren en oversten ha helms by har.
nl.verhalenbank.26325
Der wie in skippersfeint, dy haw ik wol kend. Hy foer mei in âld man op in skip, dy wie ôfkomstich fan Doezum. Sy foeren mei turf. Sy wennen dêr yn in lyts foarûnderke. Op in kear soe de skipper dêr kofje ynjitte, mar as er de kofjepot krije soe, dan wipte dy fuort. Dan grypte dy skipper der nei, mar dan wipte er wer fuort. De feint siet der by to gnizen....
nl.verhalenbank.26320
35