Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
10 datasets found
Dutch Keywords: komen Place of Narration: Drachten
Sytse van der Lei en Ealse Kooistra wienen togearre yn tsjinst. Se hienen beide forkearing. Ealse hie forkearing mei in nicht fan my. Hy mocht graech in buorrel. Op in kear soenen se togearre my forlof nei hûs ta. De jouns stutsen se oan. Ealse hie fiersto folle hawn. Hy die 't mâl en sei 't raer op. It gong op in razen en roppen en healwiizjen. "As der...
nl.verhalenbank.37802
Guon hienen in toverboek. Dy't dêryn liezen koenen fan alles komme litte. Mar sy moesten itselde ek like hurd weromlêze, oars gong it net wer fuort en dat wie net bêst.
nl.verhalenbank.36936
Us beppe wenne oan 'e Dwarsfeart to Drachten. Elke saterdei kom dêr in boerefrou lâns mei in wite mûtse op en in koer ûnder 'e earm. Der wenne ek noch in frou njonken beppe en dy har bern rekke net goed. It woe mar net wer opknappe, it bleau gammel. De man sei: "It kin wol bitsjoend wêze." Sy krigen it kessen út 'e widze, dêr't it bern yn lei en sy...
nl.verhalenbank.11555
Hjir yn Drachten wenne ik jierren lyn by moeke Boulier. Moeke Boulier koe mear as in oar en hja wist ek mear as in oar. Hja seach allerhande dingen foarút. Op in kear fortelde se, oan 'e oare kant de wei soe in great kanael komme en dêr soenen pakhuzen boud wurde en greate hotels. Dat is nou sa'n 60 jier lyn dat hja dat fortelde. Ik ha letter wolris...
nl.verhalenbank.37800
Der kaem ris ien by Sterke Hearke wylst dy oan 't ploeijen wie. Hy frege: "Hwer wennet Sterke Hearke?" Doe krige Hearke de ploege beet yn ien hân. "Sjoch, hjir stiet er," sei er, "en dêr wennet er."
nl.verhalenbank.37805
Heit hie in stik heide kocht, dat wie by de Skieding. Dat hie er mei twa oaren kocht. Der sieten seadden op en mei har trijen wienen se dêr oan 't baggerjen. Us mem en de beide froulju fan 'e oare manlju gongen dêr dan mei har trijen hinne, elk achter in kroade, om turf op to heljen. Dat wie in hiel ein fan hûs en sy namen de bern mei. Dan moesten se by...
nl.verhalenbank.37928
Oan 'e Âld Wei to Drachten gong it by Bosma nachts altyd op in saegjen. Gong men der hinne to sjen, dan gebeurde der neat. Letter is dêr in skoalle kom. Wy hearden it altyd as wy op bêd leinen. Dan seinen wy: "Hea, der binne se wer oan 't saegjen." Mar yn werklikheit gebeurde it folle letter.
nl.verhalenbank.37911
Guon koenen mei in spylkaert in flesse drank komme litte. Bipaelde minsken kinne dat. Nêst in 60 jier woarde dat noch wol dien.
nl.verhalenbank.37935
Ik ha ek wol by Thomas Clare west. Dy wenne yn Feansterheide. Dat wie dêr in rûge húshâlding. Dêr wienen allegear greate jonges yn 'e hûs. Clare skodde de kaerten trije kear troch. Dan lei se der trije kaerten by wei, dy lei se omkeard op 'e tafel. Sy kearde doe earst de earste om en sei: "Dit acht je niet." Doe kearde se de twadde om en sei: "Dit...
nl.verhalenbank.19370
Op podden mocht men net traepje, hwant dan kom der tonger.
nl.verhalenbank.37919
35