Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
20 datasets found
Dutch Keywords: koe Place of Narration: Harkema
In tsjoenster kin har yn alle dieren foroarje, it meast yn in kat, ek wol ris yn in geit en soms yn in koe.
nl.verhalenbank.28665
Warmolds wie in jonge man. Syn heit wie herfoarme dominé yn Surhuzum. Hja hearden dêr fan 'e rare tastânnen yn 'e Harkema, dat dêr alhielendal net in tsjerke wie en it folk neat fan God ôfwiste. De jonge Warmolts sei: Dêr mat foroaring yn komme. Doe gong er nei de Harkema ta om to sjen hwer't de tsjerke stean moest. Doe kom er op in keal oarde. Dêr wie 't...
nl.verhalenbank.34514
De koe fan Oedze Willem (Stienstra) hat er ek bitsjoend. It dier wie sa bang foar him, as hy dêr lâns kom en de koe seach him, dan raesde er it út. Oedze Willem syn bargen hat er deatsjoend. Sy woarden earst hielendal blau en doe stoaren se.
nl.verhalenbank.23530
In âld-minske yn 'e Harkema hie in bern bitsjoend. De heit gong doe nei lytse Minse, de duvelbander fan de Ham. Dy joech him guod mei yn in fleske. "Mar," sei er, "pas der goed op ûnderweis, hwant der binne guon, dy aze der op." Hy roan dwars oer, oer de skeanpaden werom nei Harkema. Doe kommen alle kij achter him oansetten. Op 'e hinnereis hied er dêr...
nl.verhalenbank.21327
Der wie ris in feint, dy woe graech wurk ha. Hy kom by in boer en frege him: "Kinne jo in boerefeint brûke?" "Jawol," sei de boer, "kinst melke?" Né, sei de feint, melke kin 'k net. Dan kin 'k dy ek net brûke, sei de boer. Doe gong dy feint nei in oare boer ta. Hy frege: "Kinne jo in feint brûke, boer?" "Jawol," sei de boer, "kinst' melke?" Né, sei de...
nl.verhalenbank.33656
Tsjin 'e bern seinen wy: Net by de poel komme, hwant dan pakt de healkoe jimme.
nl.verhalenbank.15871
Alde Boele wie foar de twadde kear troud mei Fokeltsje-moai. Hja wennen yn Stiensgea. As Boeleom oan 't wurk wie paste Fokeltsje-moai op 'e hoklingen. Op in dei seach se, dat ien fan 'e hoklingen deunsk wie. Mar sy forgeat it dy jouns tsjin Boele-om to sizzen. De nachts kom 't har earst yn 't sin. Doe sei se 't tsjin Boele. Boele wie altyd opljeppen. Hy...
nl.verhalenbank.21647
Imke de Jong wie us in kear op 'e wei. In hiel ein foar him wie in ploechje jongfolk. Doe joech Imke deselde lûden as in koe. It lûd kom flak by it jongfolk wei. Sy seagen en sy seagen mar en sy koenen har mar net bigripe hwer't dy koe wêze moest.
nl.verhalenbank.22198
Tsjip van der Bij ^ fan 'e Harkema gong altyd to murdzjen. Op in nacht wie er wer op stap. Hy hie twa maten by him. Alle trije hienen se in houn. Tsjip hie in lyts hountsje. Murdehounen rinne altyd in ein fuort, as se in murd fine. Dêr rinne se dan achteroan. Doe hearde Tsjip ynienen dat syn hountsje hiel bot jankte. Tsjip gong by de mannen wei en sette...
nl.verhalenbank.28610
Us mem har heit hat mei Sterke Hearke arbeide by Bindert Japiks op it Bomkleaster. Hy wie frijhwat oan 'e luije kant, sei pake. As hy de keallen boarne moest, die er de amers oan 't jok, wylst er se bêst sà drage koe.
nl.verhalenbank.26997
Yn 'e nacht fan 24 op 25 désimber stean de kij op stâl allegear oerein. Der is dan net ien dy't leit.
nl.verhalenbank.25920
Fokke Weening fortelde ek, hy kom us op in nacht om tolve ûre thús. Doe seach er syn heit mei in earmfol gers, dat er nei de koe brochte. (Se hienen mar ien koe) Hy seach it tige dúdlik, mar yn werklikheit wie 't sa net. Hwant syn heit lei op dat stuit op bêd to sliepen.
nl.verhalenbank.20692
To Hurdegaryp hat in hekke stien. Dêr wie ús heit deabinaud foar. Theunis Nicolai, hjir ek ien fan 'e Harkema, sei: "Ik doarst dy hekke net ticht dwaen foar in koe. Sa bang wie hy der foar. Us heit ek.
nl.verhalenbank.21229
De kij en de skiep komme yn 'e krystnacht oerein.
nl.verhalenbank.12337
Woenen se froeger in meniste tsjerke bouwe, dan gongen se hinne en jij in stik of fiif kij it lân yn. Dêr't de earste koe lizzen gong, dêr moest de tsjerke boud wurde. Op it plak, dêr't de koe lei moest de preekstoel komme to stean. Ek al wie 't oan 'e kant fan in sleat, dan woarde dy sleat ticht makke.
nl.verhalenbank.12479
Der wie in man dy hie toarst. Hy trof in frou, dy siet krekt to melken. "Mei 'k hwat molke ha?" frege er. "Né", sei de frou. Doe draeide de koe de kop om en sei: "Jawol, jow dy man molke." Doe woarde dy frou kjel en joech him molke.
nl.verhalenbank.23919
Alle Tet koe har yn in kat foroarje. Net yn in skiep, lyk as Jehannes Jager sei, hwant in skiep is heilich: het lam Gods. In kou en in okse binne ek heilich.
nl.verhalenbank.12327
Op it Blauhûs wenne froeger in boerefaem. Dy faem krige twa berntsjes, dy wienen fan 'e boer. It wienen twillinkjes. Dy berntsjes hat se weimakke yn 'e kolk. Letter kom der in oare boer op it spul to wenjen. As dy oan it melken wie, kommen der altyd twa twillinkjes op 'e mjilling achter de kij. Dat wienen twa neakene berntsjes. It wienen deselden dy't de...
nl.verhalenbank.19528
Neist sa'n hûndert jier wie ús mem har âldste suster, dy't yn 'e Harkema wenne, slim siik. Hja wie tolve jier âld en koe net wer better. De heit (Aise van der Heide, in tige froom en leauwend man) gong skean de paden del nei de duvelbander fan de Ham, hwant sy wienen har rie to 'n ein. Hy krige in drankje mei en sette dêrmei op hûs ta. Mar ûnderweis...
nl.verhalenbank.21328
Der kom ris in frommes by lytse Fedde. Lytse Fedde wie wûnderdokter op Sânbulten. Hja sei tsjin him: "Kinne jo my ek geneze. Ik haw in protte lêst." Fedde sei tsjin har: "Ja, ik kin jo geneze, mar it resept dat ik dêr foar ha, dat is net sa moai. Mar wolle jo wer better, dan matte jo krekt sa dwaen as ik siz. Nou is 't in rare fraech dy't ik jo doch....
nl.verhalenbank.33659
35