Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
31 datasets found
Dutch Keywords: kledingstuk sterven
As ien net stjerre koe, dienen se in knip yn 't himd.
nl.verhalenbank.31123
Ien dy't op stjerren leit mat noait hwat oan ha, dat op snein naeid is. Dan kin er net stjerre. Dan matte se de klean earst dwarstroch snije.
nl.verhalenbank.25143
Guon kinne net stjerre as se op 't stjerbêd lizze. Dan mat men har knippen yn 'e klean dwaen, sizze se, hwant miskien ha se hwat oan dat op snein makke woarn is.
nl.verhalenbank.24275
Ien dy't op it stjerbêd hwat oan him hie, dat op snein naeid wie, dy koe net ta stjerren komme
nl.verhalenbank.22160
As minsken forkearde dingen by de ein hawn ha en se lizze op har stjerbêd, dan kinne se net stjerre. Dan matte se dat earst sizze. As der in knoop oan 'e klean naeid is op snein en ien dy't op it stjerbêd leit hat dat klaeijingstik oan, dan kin er net ta stjerren komme. Dan mat dy knoop der earst ôfsnien wurde.
nl.verhalenbank.19530
Minsken dy't net stjerre kinne ha hwat oan, dêr't op in snein oan naeid is.
nl.verhalenbank.29795
Hat ien op it stjerbêd hwat oan, dat men op snein naeid hat, dan wolle de lêste siken der net út.
nl.verhalenbank.29622
Myn beppe, âlde Bouke Dootjes syn frou, dy lei op bêd, mar sy koe net weireitsje. It roan om 't lêste. Twa dagen lei se nei de siken to gapjen. "Is der ek hwat," sei buorfrou Jitske, "dat se op snein makke hat?" "Miskien wol", seinen se. Doe ha se yn al har guod in knip dien. Doe't dat gebeurd wie stoar beppe opslach.
nl.verhalenbank.24689
Hartman Hartmans wenne to Eastemar yn it hûs, dêr't nou de boerelienbank is. Syn wiif naeide wol us op snein. It wie in Aukje. Njonken Hartmans, yn 't hûs dêr't nou Roel Rinses Veltman wennet, wenne doetiids âlde Sibe Stoarm. Doe't Sibe op it stjerbêd lei, koe er net ta stjerren komme. Hy hie in himd oan, dat troch Aukje op snein naeid woarn wie. De...
nl.verhalenbank.20175
As minsken net stjerre kinne, wurdt der neigien of se soms in himd, of hwat oars oan ha, dat op snein makke is. As dat sa is lûke se dat de stjerrende út.
nl.verhalenbank.29596
Het in minske op syn stjerbêd hwat oan, dat op snein naeid is, dan kin er net stjerre. Men mat dan in knip yn dat klaeijingstik dwaen.
nl.verhalenbank.19867
As minsken dy't op stjerren lizze hwat oan ha, dat op snein makke is, kinne se net ta stjerren komme. Dan mat men hinnegean en doch in skuorke yn it klaeijingstik, dan geane de siken der samar út.
nl.verhalenbank.37726
As in minske op it stjerbêd leit en hy hat hwat oan dat op snein naeid is, dan kin er net stjerre.
nl.verhalenbank.32658
As der froeger ien wie dy't net stjerre koe, frege ús mem: "Hat er ek hwat oan dat op snein makke is?" As dat sa wie, toarnde se der in knoop ôf, dan wie dyselde samar wei.
nl.verhalenbank.22716
As jonge haw ik by Melle van der Heide op 'e Sumarreheide yn 'e kost west. Hy hie in omke, dat wie ek in Melle. Dy woarde siik en wie op 't lêst tige min. Doe gong Melle v.d. Heide dêr op in joun hinne. Hy naem my mei. Omke Melle lei wekker. Hy koe net stjerre. 't Wie in griis om oan to sjen. Doe sei ien fan 'e omstanders: "Hy sil wol stellen guod oan...
nl.verhalenbank.30322
Ien dy't tige siik wie en op stjerren lei koe soms net stjerre. Dan moesten se hinnegean en knip even yn ider kledingstikje, dan koe dyselde rêstich fuortgean.
nl.verhalenbank.25301
Op snein mat men noait naeije. Deselde dy't dêr hwat fan oan hat op syn stjerbêd, kin net stjerre.
nl.verhalenbank.24432
As in minske op syn stjerbêd hwat oan him hat, dêr't men in knoop op snein oan naeid hat, dan kin sa'n minske net deagean. Dan mat dy knoop der earst ôf.
nl.verhalenbank.22331
Minsken dy't net stjerre kinne ha faek in ding oan, dat op snein makke is. Dan matte se dêr in knip yn dwaen, dan is 't goed. Dit sei ús mem froeger. Hat ien in moart dien, dan kin er ek net stjerre. Dan mat er dat earst bikenne.
nl.verhalenbank.32446
Minsken dy't net stjerre kinne, ha ornaris hwat oan, dat op snein makke woarn is.
nl.verhalenbank.34630
35