Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
11 datasets found
Dutch Keywords: klap Place of Narration: Drachten
Ynse wie us in kear op 'e merke yn Drachten. Dêr stie ek in krachtmeter. Ynse bleau der by stean. Hy sei tsjin 'e man fan 'e slajut: "Hoefolle ringen ha jo dêrfan?" Earst sloech Ynse fyftsjin ringen de loft yn. Doe sei er: "Set alles der mar op." Doe die Ynse in pear slaggen, dy't net bot oankommen. Doe sei er: "Dit wurdt de klap fan Ynse fan Bakkefean,...
nl.verhalenbank.26110
In tsjoenster mat om 'e sawn jier ien deatsjoene, oars giet hja sels dea. In tsjoenster kin har yn in kat of in houn foroarje. Soms forgaderje dy katten; ien hat dan de lieding. Jowt men sa'n kat in pak op 'e bealch, dan bliuwt de tsjoenster de oare deis op bêd lizzen. Dêr kin men oan wite dat men mei in tsjoenster to dwaen hat. Hja bitsjoene meastal...
nl.verhalenbank.36712
Dyselde boer wie us op in kear to ôfljochtsjen. Hy die 't yn 't tsjuster en hie gjin lantearne by him. Doe krige er ynienen in klap op 'e earm, dy't goed bot oankaem. Dat hie de duvel dien. Sy ha fuort dêrnei alles ôfljochte, mar der wie neat to sjen.
nl.verhalenbank.19865
It mat yn earder tiden ris gebeurd wêze op 't Bûtenfallaet, net sa fier fan Drachten ôf. Dêr wenne in boer, dy hie twa feinten en in arbeider. Ien fan dy feinten liet him sa ris ûntfalle, dat er noait bang wie. Fan dy plaets kom men yn it doarp oer skeanpaden hinne. Sa nou en dan moesten se in sleat passeare en oer dy sleatten leinen planken. Op in joun...
nl.verhalenbank.33384
Greate Ynse wie ris yn Drachten op 'e merke. Dêr sloech er mei ien slach de krachtmeter yn grús. "Kollossael," sei de man fan 'e krachtmeter, "hwer komt dy slach wei?" "Fan Bakkefean", sei Ynse deabidaerd.
nl.verhalenbank.27521
De blauwe stien fan Aldegea. De Frânsen wienen yn ús lân. 't Wie oarloch. Sy wienen ûnderweis nei Aldegea ta. Sy woenen in oanfal op Aldegea dwaen. De boeren fan Aldegea hearden dêr fan. Doe brochten se gau har froulju en bern op 'e Hege Warren. Dat wie by de Headammen. Dêr wienen se feilich. Doe gongen se hinne en makken in gat yn 'e wei, dy't fan 'e...
nl.verhalenbank.33382
Der wie ris in skuonmakker, dy siet op in kear mei syn maten yn in café. Doe woarde der sa oer praet hwa't al en hwa't net bang wie by nacht. Doe sei de skuonmakker: "Ik bin foar de duvel net bang. Ik doar nachts rounom wol hinne." Doe seinen de oaren tsjin him: "Doarstû dan ek wol allinne yn in leech hûs to wêzen by nacht?" "Hwerom net?" sei de...
nl.verhalenbank.33383
Us mem fortelde: Us heit hat altyd it mal fan in hazze op it bil hawn. Dat wie hjir fan kom, sei mem, doe't beppe, - heit syn mem - yn forwachting wie fan ús heit sprong der in hazze foar har wei. Doe sloech se fan skrik harsels op 't bil. En dat wie oergong op ús heit.
nl.verhalenbank.33373
Wy mochten neat fan Rikele Myt oannimme. As de minsken in fremde kat seagen, seinen se: "Tink derom, dat is Myt." As hja skeind wie seinen se: "Sjoch, sy hat fannacht wer in klap hawn."
nl.verhalenbank.37932
Sterke Ynse fan Bakkefean kom op Drachtster Merke. Dêr sloech er mei oare maten op 'e slajut. Mar doe hied er mei ien klap alles kapotslein. Doe hie de man fan 'e slajut sein: "Och God, hwer komt dy klap wei?" "Fan Bakkefean", hie Ynse sein. Ynse mat hannen hawn ha as slaeijen.
nl.verhalenbank.28246
Der kom us in ynbrekker by in frou allinne yn 'e hûs. Har man wie krekt fuort. De ynbrekker sei tsjin har: "Dyn jild of dyn leven." De frou sei: "Kom mar yn 'e keamer. Wy ha net folle jild, mar hwat der is, kinst krije." "Goed", sei de rover. "Gean dêr mar sitten," sei de frou, "hwant ik bin wend, de minsken dy't ynbrekke, krije earst twa buorrels." De...
nl.verhalenbank.27017
35