Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
6 results
Dutch Keywords: kind Place of Narration: Houtigehage
Der wie in jonkje, dat woarde greatbrocht by ús folk. Doe kom der us in frommes, dat wie in tsjoenster. Dy woe it jonkje op 'e earm nimme. Mar dat kearden se, dat gebeurde net. Doe hat se in hin bitsjoend. Wy ha dy hin iepenmakke. Hy wie hielendal úttard.
nl.verhalenbank.23789
As tsjoensters in bern bitsjoene wolle en dat kinne se net rêdde, en dy lju ha in dier, dan giet dat dier der oan.
nl.verhalenbank.23788
Frânse Hinke hie popkes, dêr stuts se dan yn mei nuddels. Dan krige it bern pine dat se bitsjoende.
nl.verhalenbank.25612
Ik ha in frou kend, dy hie in berntsje, dat gûlde altyd. Rikele Myt kom dêr altyd oan om to freegjen hoe let as it wie. Myt wie in bikinde tsjoenster. Doe tochten dy lju: "Us bern kin wolris bitsjoend wêze." Doe joegen se har de rie nuddels en spjelden to sieden yn in panne, dan kom de tsjoenster wol op 'e lappen. En doe wie 't èk sa. Rikele Myt kom by de...
nl.verhalenbank.25870
Us buorfrou, dat wie Ritske Aeltsje. Sy wenne op 'e Houtigehage. Dêr hie in berntsje bitsjoend west by harren. Doe gongen se nei 't boerke yn Eastemar. It boerke joech in drankje mei foar 't bern. Hy sei, de earste dy't foar de glêzen komme soe, wie de tsjoenster. Mar sy mocht it drankje net sjen. Doe't er thús kom hienen se de glêzen bihong en doe it...
nl.verhalenbank.25600
Jan van der Woude, syn broer, wenne yn Grinzer Pein. Dy hie in dochter Bintsje en dy wie siik. Sy seinen: "'t Berntsje is bitsjoend." Doe gong Jan nei Frânse Hinke ta, dat wie in duvelbanster yn 'e Rotfalle. Dy joech him in fleske guod mei. Sy sei, hy moest meitsje dat er dêrmei thús kom en foaral net òmsjen, hwant dan kom der ien, dy soe it fleske...
nl.verhalenbank.23726
6