Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
5 results
Dutch Keywords: kind Place of Narration: Houtigehage
Wy gongen froeger nei de Grinzer klaei ta to wjudden. Dan slepten wy op in greate souder by Jan Kraak to Loppersum yn 'e skuorre. Wy gongen altyd nei dyselde boer ta. Myn suster Rinsk hat us op 'e souder lein, doe fornom se dat der har in kâld bernehantsje op 't wang lein woarde.
nl.verhalenbank.25594
By de Skeanpaden ûnder 'e Rottefalle is froeger in berntsje formoarde. Sûnt spoeket it dêr altyd.
nl.verhalenbank.25875
Us mem sei froeger, as ik ris hwat tsjinkom yn 'e nacht: "Tink der om: as it wyt is, slach der dan net nei."
nl.verhalenbank.23798
Op 'e Skeanpaden yn 'e Houtigehage by 't lêste houtsje is froeger in bern formoarde. Dat bern spoeket dêr altyd noch om, wurdt der sein.
nl.verhalenbank.23589
In âld man fortelde my, der wie in minske stoarn út in húshâlding wei. Hja wie de mem fan trije bern. Doe't dat minske al in skoftsje dea west hie, seinen de bern: "Heit, mem hat hjir hjoed ek west." "Dat kin net", sei de man. Hy wie oerdeis oan 't wurk. Mar it gebeurde al us wer en al us wer dat de bern seinen: "Mem hat der west. Hja hat by de tafel...
nl.verhalenbank.23838
5