Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
17 datasets found
Dutch Keywords: kijken Place of Narration: Harkema
Alde Knjillis Ael kocht us in bêd by in boer yn 'e Ham, dy hienen in bern hawn, dat wie deatsjoend. Yn dat bêd sieten de krânsen noch. Dy krânsen koe men foar in dûbeltsje by Knjillis Ael sjen.
nl.verhalenbank.19527
Alde Bartele Vries fan 'e Hamster Pein koe soldaetsjes ta de hurddobbe út komme litte. Dan bigongen se moai to marsjearen troch de keamer hinne. Hy liet de hynders yn 'e stâl dânsje. Ik wie sa'n jonge, doe't er dat die. Op 't Bomkleaster leit er op 't hôf. Hy hat in glês yn 'e kiste. Dat hie doe noch net in minske. Hy leit mei 't gesicht nei de plaets ta,...
nl.verhalenbank.33092
Yn Hurdegaryp by Bennema-state wie froeger in hekke yn 'e homeije, dy gong altyd fansels wer iepen, as men him ticht dien hie. Ien hjir út 'e Harkema hat der ris in nacht by west. Sûnder dat er in persoan sjoen hat, wie de hekke, dy't sluten wie, doch wer iepen gong.
nl.verhalenbank.15530
Ik wie yn in barak. It wie let. Ik seach troch 't finster, doe woarde ik in keppeltsje folk gewaer. 't Wie in bigangel. 't Wie bigraffenisfolk, mar der wie net in lyk by. Hja gongen nei 't âlde tsjerkhôf fan Hamsterheide. Dy nachts is âlde Gradus forstoarn. Doe't dy biierdige woarde wie de sitewaesje krekt sa.
nl.verhalenbank.17469
Yn 'e Harkema hâldden se froeger hoannegefechten op sneinto-middei. Guon hâldden der in keppeltsje hinnen mei in hoanne op nei. Sy kommen op 'e heide byinoar en elk nom in hoanne mei. Dy hoannen moesten inoar bite. Dy syn hoanne it bêste bite woe dy hie it woan. Myn pake Hindrik Ophuis wie in tsjoenster (vrouwelijke vorm), en in great dogeniet. Hy gong...
nl.verhalenbank.12312
Piter Alma wie op in nacht mei Albert to murdejeijen. Ynienen bigong de houn to spoekgûlen. Hja gongen der op ôf. Hja tochten net oars as dikke wite Castor fan Nikolaes Postma hie har hountsje to pakken. Mar dat wie 't gefal net. Hja seagen in berntsje yn in wite doek, dat sweefde. It berntsje seach har oan. It gong oerside foar harren lâns, skean de...
nl.verhalenbank.21296
Alde Bindert Japiks lei jouns bûten ûnder 'e hage om nei de stjerren to sjen. Hy wie stjerrekundige.
nl.verhalenbank.19551
Ot har man, dat wie Hindrik Pyk ( = H. Ophuis). Dat wie ek in tsjoenster en hy hie de kweade hân. Wy hienen in omke, dat wie Japik-om. Dy bearde us in kear, dat er nei de froulju ta soe. Mar hy gong nei de doar fan Hindrik en Ot. Mar hwat er dêr sjoen hat! Hy is achterstofoar fan 't hiem kom. Sa binaud wied er, hy moest it gesicht op har hâlde. Hy is der...
nl.verhalenbank.21387
Ek in kear doe stie pake yn 'e sleat to slatten. Doe kom Hearke der oan mei in kroadfol sân. Dêr moest er mei troch de bou. Mar dat kroade fansels tige min, it fjild sakke in ein yn 'e modder wei. Pake hie nei him sjoen. Doe hie Hearke earst goed om him hinne sjoen en doe't er miende dat net ien it seach nom er de folle kroade op en tilde him oer de hiele...
nl.verhalenbank.19355
Yn 'e Petten wenne Jille Antsje (J. Hamstra syn wiif). Dat minske wie mei de helm geboaren, seinen se. Dy wist alles foarút. Hja wenne dêr hiel iensum, mar hja wist krekt hwa't der by har lâns komme soenen. Ik en myn wiif binne der is op in nacht om twa ûre lâns kom. Doe stie hja op 'e daem; krekt as wachte se ús op.
nl.verhalenbank.25907
Alde Dúfke, hjir fan 'e Harkema, dat wie ús buorminske. Dy koe kopkewippe. Op in kear doe wie ik dêr. Ik hie dêr in kopke kofje opdronken, doe seach se yn 't kofjedik. Ik moest bifalle, mar dat wist ik doe sels noch net. Dúfke sei: "Meitsje dy mar net al to bliid, ik siz dy net hwat it wurdt." Doe krige ik yn 'e gaten, hwer't se op doelde. Ik sei: "Nou...
nl.verhalenbank.21397
Wy ha 't faek hawn, dat wy dúdlik hearden dat der ien by de doar kom. Mar as wy der hinne gongen wie der net ien to sjen. Mar men koe der fêst fan op oan dat dyselde in skoftsje letter kom.
nl.verhalenbank.23946
Ot har man dat wie Hindrik Pyk (= Hindrik Ophuis). Dat wie ek in tsjoenster. En hy hie ek noch de kweade hân. Wy hienen in omke, dat wie Japik-om. Dy hearde us in kear, dat hy soe nei de froulju ta. Mar dat died er net. Hy gong stikum nei de doar fan Hindrik en Ot. Mar hwat er dêr sjoen hat! Hy is achterstofoar fan 't hiem kom! Sa binaud hat er west. Hy...
nl.verhalenbank.21567
Heit koe ek kopkekike. Der kommen wolris jonge froulju by ús dy't de takomst wite woenen. Dat koe heit út it kofjedik sjen. Hy krige dêr twa dûbeltsjes of in kwartsje foar.
nl.verhalenbank.28597
Us mem seach yn kofjedik, sa lei se de takomst út. Myn muoike koe kaertlizze. Dat wie Fokje v.d. Heide - v.d. Meer.
nl.verhalenbank.23921
Arjens Sjouk (Sjoukje Bonnema van der Tuin) sjocht ek alles foarút. Hja hat de hiele bigraffenis fan har eigen dochter fantofoaren waernom. Har Bearnom snútte him ûnderweis. En dat gebeurde ek krekt sa.
nl.verhalenbank.12332
Op in kear wie Hearke oan 'e iene kant fan 'e Feanster feart by Readskuorre. Oan 'e oare kant wie in tsiisdrager fan 'e Westerein, dy hie in grouwe nageltsiis op 'e rêch hawn, fan fjirtich poun. "Wolle jo ek in tsiis keapje?" frege er Hearke. "Lit him mar ris sjen", sei dy. Doe smiet dy tsiisdrager Hearke de tsiis ta oer de feart hinne. Hearke biseach de...
nl.verhalenbank.26135
35