Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
6 datasets found
Dutch Keywords: ketting Place of Narration: Harkema
Ik slepte as jonge by myn âlde beppe. Har âld man wie stoarn. Doe sei se op in kear tsjin my: "Sjoch, dêr rint in geitsje oer de flier mei in lang ketting om." Ik lei al op bêd. Ik sei: "Ik sjoch neat, beppe." "Hearst it ketting dan ek net?" sei beppe. "Né", sei 'k. "Sjoch dan," sei se, "dêr rint it hinne." Doe sei se: "Ik ha in lykstaesje sjoen yn 't...
nl.verhalenbank.19546
Der wie in faem, dy sei op in moarn: "Ik wol joun in feint ha, al soe 't de duvel ek wêze." Doe is de duvel kom. Hy hat by har sitten mei in ket om 'e poat.
nl.verhalenbank.27294
Yn Hurdegaryp is in slot, dat wyt ik wol to stean. Der is in hekke by dat slot, dy kinne se noait ticht hâlde. Se ha dy hekke wol sa goed forsegele mei dikke slotten en kettings, mar 't joech neat. Altyd gong er wer iepen.
nl.verhalenbank.34582
Ek us op in joun, doe kom Piter by 't tsjerkhôf lâns. Doe kom dêr in geit wei. Dy hie in ketting achter him oan slepen. Dy geit die trije slaggen om 't hûs hinne, dat foar 't tsjerkhôf stie. Doe gong er wer nei 't tsjerkhôf ta. Piter sette achter dy geit oan om him to pakken. Hwant hy woe him wol ha. Mar doe't hy der oan ta wie, sprong de geit oerside. De...
nl.verhalenbank.19558
De hekke fan dokter Bontekoe to Hurdegaryp giet klokslach tolve yn 'e nacht iepen. Der sit in dik slot op mei in dikke ketting, mar dat jowt neat. Guon ha der wol by wekke en dy ha it sels sjoen.
nl.verhalenbank.20697
Yn Hurdegaryp wie in hekke, dy't se mei gjin sawn slotten fêst hâlde koenen. Hy gong altyd iepen. Dat kom, dêr wie in lykpaed.
nl.verhalenbank.23927
35