Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
14 results
Dutch Keywords: kat Place of Narration: Twijzelerheide
In tsjoenster foroaret har faek yn in swarte kat. Hja mat om 'e sawn jier ien deatsjoene, oars giet se der sels oan. De tsjoensters forgaderje yn 'e gedaenten fan katten. Alde Tet fan de Bulten wie in greate tsjoenster. Se wienen yn 'e Harkema allegear bang foar har. Hja tsjoende krânsen yn 'e kessens. Hie se trije krânsen klear dan gong dyselde dea. Myn...
nl.verhalenbank.10686
Stammerige Harm woarde ek wol neamd Ekse Harm (= Hekse Harm?). Hy koe tsjoene en foroare him soms yn in kat. Minne Ael, dy't by de Swôdde wenne, wie ek in tsjoenster.
nl.verhalenbank.23776
Hjir wennen wol in stik of hwat tsjoensters: Minne Ael, Tsjibbe Teats, Boate Griet. En dan wenne der op 'e Sânbulten ek ien. Hja koenen op 'e biezemstôk troch de loft ride, seinen se. Reinde it freeds, dan wienen se oan 't pankoekbakken. Se foroaren har yn katten en as sadanich forgaderen se yn 't greidlân. Ien kat hie de leiding. Ienkear yn 'e sawn jier...
nl.verhalenbank.27382
Yn 'e maert, seinen se altyd, dan hâldden de katten in forgadering. Dan wienen se oan 't psalmsjongen op in stik lân of op in sânwei. Dan doarsten de minsken dêr net lâns, hwant it wienen tsjoensters.
nl.verhalenbank.23421
Tsjoensters kinne har yn katten foroarje. Dy katten hâlde soms in forgadering. Dan sitte se yn in rountsje. En dan psalmsjonge se. In boarre hat de lieding. Soms jowe se sa'n kat in opneuker. Dan hat de kat it oan 'e poat of sa. Dat is alris in kear gebeurd hjir. De oare deis hie âlde Piters Willemke it oan 'e poat.
nl.verhalenbank.28768
In kat kin him yn in minske foroarje en in minske yn in kat. Sa'n minske is in tsjoenster.
nl.verhalenbank.28445
Us mem en dy hienen kunde, dy hienen in dochter, dy wie siik. Hja is sawn en twintich jier woarn, doe stoar se. Sy lei altyd op bêd, ûnder in plat dak. As se der middeis even ôf wie en 't bêd waerd opmakke, en sy woarde wer op bêd lein, dan wie 't krekt as sprong der hwat fan it plat dak ôf. Sy hearde it elke kear en op in kear doe sei se it tsjin har...
nl.verhalenbank.22130
Op in kear siet der in reabonte kat by my oer 't hûs. Hy siet achter op syn kont, midden oer de keamer. De beide poaten die er krúst foar de kop lâns, hyltyd mar hinne en wer. Ik tocht: "Dû bist in tsjoenster." Krekt as waerd it my ynjown. Ik die de doar ticht en krige de tange. Doe ik achter dy kat oan. De kat fleach fjouwer kear by de gerdinen op en...
nl.verhalenbank.22009
As trije katten by elkoar sitte to razen, dan binne dat tsjoensters, dy't in forgadering hâlde, sizze [se]. Hjir ha tsjoensters west, dy't op 'e biezem troch de loft fleagen woarde der sein.
nl.verhalenbank.34466
In tsjoenster foroaret har yn in swarte kat. Dy katten forgaderje soms op in stik greidlân. Dan miauwe se.
nl.verhalenbank.38646
In tsjoenster kin har yn in kat foroarje, in swarte kat meastal. As hja der nachts op út is to tsjoenen lizze de terms op bêd. Hja bitsjoent yn 'e regel bern. Dan makket se greate krânsen yn 'e kessens. As in bern bitsjoend wie gongen se nei Kûkherne. Dêr wenne Wopke Minke, dat wie in duvelbanster. Dy joech dan in drankje mei. En dan sei se: "Nou sil der...
nl.verhalenbank.37658
Alde Minne Ael wie in tsjoenster; dy koe har yn in kat foroarje. Us Jitske en dy hienen ris op in joun west to jounpraten nei de buorlju. De bern wienen allinne thús, dy leinen al op bêd. Doe't se wer thús kamen siet dêr in hiele dikke kat by har yn 'e hûs. Jitske hat dy kat in goeije optuter jown. Doe wie dy kat samar ynienen fuort. De oare deis lei...
nl.verhalenbank.34465
Yn Twizelerheide wie in jonkje, Gjalt, dy wie bitsjoend troch âlde Bouke. Bouke hie popkes yn 'e hûs, dy stuts er mei in nuddel ûnder 'e fuotten. Sy ha Gjalt syn wetter sean mei nuddels en spjelden der yn. Doe wie der ien foar de glêzen kom en dy hie hiel bot jankt. Dat wie âlde Bouke. Gjalt hie katersbloed krige omdat er bitsjoend wie. Alde Bouke koe him...
nl.verhalenbank.28834
Wy dienen froeger duveldrek ûnder 'e drompel. In tsjoenster koe har yn in kat foroarje. Dat koe âlde Minne Ael ek. Dat wie in tsjoenster. En Minne Brecht wie èk in tsjoenster. Ael hie in soan, dat wie Hindrik. Se wennen yn 'e Kule. Dêr wennen Wytse en Gjertsje ek. Op in joun rekken der by Wytse en Gjertsje twa fremde katten yn 'e kelder. Dy ramaeiden dêr...
nl.verhalenbank.38316
14