Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
4 results
Dutch Keywords: kanaal modder
De reuzen ha yn Fryslân de kanalen groeven; mei in pipegael-kroade rieden se de modder der út.
nl.verhalenbank.24138
Der wie ris in reus, dy wie troud. Op in kear kom er thús, doe hie syn frou in min sin. Dat wie fan gefolgen dat de reus razend woarde op syn frou. Hy krijt de bats en hy bigjint mei modder to goaijen. Dat kom yn in feart tolânne en doe woarde dy dêr bryk. Doe't se dêr de oare deis lâns kommen lei der in bocht yn 'e feart. Se praetten dêr hwat krûm en...
nl.verhalenbank.23802
Twa reuzen wienen mei in kanael oan 't graven. Hja brûkten elk in heale pream, dêr dolden se mei. De modder kaem oan 'e kant fan 'e feart to lizzen. Hja koenen dêrtroch net sjen of er wol rjocht waerd. Doe sprong ien fan harren boppe op in modderheap en hy seach achterom. "Ah - krom!" rôp er. De feart wie bryk. Doe krige it plak dêr de namme Akkrom.
nl.verhalenbank.20625
Der wie us in reus, dy wie mei in feart oan 't graven. Dat die er mei in heale pream, it avensearde tige. Doe woed er efkes útpûste. Hy sloech ergens de hannen oer de tsjerke hinne en sei: "Hè, warch." Dat hearden guon en doe krige dat plak de namme Wargea. Doe skrabbe er de modder hwat fan 'e klompen ôf, en dy beide modderbulten binne dêr nòch altyd.
nl.verhalenbank.20903
4