Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
24 results
Dutch Keywords: kanaal
Ik haw wolris heard dat reuzen de kanalen groeven mei heale preammen.
nl.verhalenbank.27144
De reuzen groeven froeger de kanalen mei heale bollepreammen.
nl.verhalenbank.27058
De reuzen ha yn Fryslân de kanalen groeven; mei in pipegael-kroade rieden se de modder der út.
nl.verhalenbank.24138
Yn Fryslân binne de kanalen troch reuzen groeven.
nl.verhalenbank.23352
De reuzen groeven hjir yn Fryslân de kanalen. Se brûkten in heale pream as skeppe.
nl.verhalenbank.22047
Reuzen groeven froeger de kanalen. Se dienen dat mei hiel greate skeppen.
nl.verhalenbank.19552
Doe't der noch reuzen yn Fryslân wennen, wienen der noch gjin fearten en gjin terpen. Dat se der nou wòl binne, ha wy oan 'e reuzen to tankjen. Hwant dy ha se der brocht. Hja hienen in ûnfoech greate pream, dy't se foar har út skouden troch de groun. En as de pream wer fol wie, kypten se him om op 'e wâl. Dan lei der wer in nije terp.
nl.verhalenbank.19612
It kanael tusken Warten en Wargea is troch twa reuzen groeven. Doe't er oan Wargea ta wie sei de iene: "Ik bin warch." Doe lei er syn earmen op 'e goate fan 'e tsjerke om út to pûsten. De lju dy't it hearden ha doe dat plak Wargea neamd.
nl.verhalenbank.17043
Twa reuzen groeven in kanael. De skeppen wienen heale preammen. Doe't se omseagen, fornommen se dat de feart net rjocht wie. It wienen Hollanders en de iene reus sei tsjin 'e oare: Ah - krom! It doarp dat der kom, hiet doe letter Akkrom.
nl.verhalenbank.16860
Yn Akkrum, dat doe noch gjin namme hie, wie in reus oan 't slatten. Dêr krige er 't bot fan yn 'e rêch. Dat kom om't er hyltyd krûm stien hie ûnder 't slatten mei in bollepream. Doe sei er: "Ah... krom!" It plak krige doe de namme Akkrom. (Der wurdt ek forteld, dat twa reuzen dêr ris mei in kanael oan 't graven wienen. De iene seach achterom. 't Kanael...
nl.verhalenbank.33046
Der wienen ris twa reuzen, dy wienen togearre oan 't feartgraven. Sy bigounen elk fan in kant en sa groeven se moai op elkoar yn. Mar doe't se omtrint oan elkoar ta wienen, kommen se ta de konklúzje, dat se net tsjin elkoar oer kommen. Doe moest it lêste eintsje wol krûm wurde. "Aah- krom!" sei de iene reus tsjin 'e oare. Dat hearden guon en doe neamden...
nl.verhalenbank.26070
De kanalen binne troch reuzen groeven, seinen se. En ek de dwergen ha der oan groeven. Binoarden Akkrum wienen twa reuzen mei de feart oan 't graven. Akkrum hie doe noch gjin namme. Ien fan 'e reuzen seach om. It wie hwat bryk gong mei 't graven fan 'e feart. "A - krom!" sei er. Guon hearden dat. Doe krige dat doarp de namme fan Akkrom.
nl.verhalenbank.24939
Twa reuzen wienen yn Eastemar. Sy moesten nei Wargea ta. It gong drok op in graven, sy dolden mei in heale pream. Doe kommen se by in doarp, doe seinen se: "Wy bin der samar." Doe krige dat doarp de namme fan Sumar. Doe't se in hiel ein fierder wienen seagen se in tsjerke stean mei in toer. Dêr gongen se tsjinoan stean. "Hè," sei de iene reus, "ik bin...
nl.verhalenbank.23819
Twa reuzen wienen mei in kanael oan 't graven. Hja brûkten elk in heale pream, dêr dolden se mei. De modder kaem oan 'e kant fan 'e feart to lizzen. Hja koenen dêrtroch net sjen of er wol rjocht waerd. Doe sprong ien fan harren boppe op in modderheap en hy seach achterom. "Ah - krom!" rôp er. De feart wie bryk. Doe krige it plak dêr de namme Akkrom.
nl.verhalenbank.20625
It Peinderkanael is groeven troch arbeiders mei skeppen. Der wie ien by, dat wie in reus. Dy hie in skeppe, like great as in tafelblêd.
nl.verhalenbank.24924
Akkrum hat syn namme krige fan A, krom! Dat sei de iene reus tsjin 'e oare, doe't se dêr in kanael groeven. Dat woarde in bytsje bryk.
nl.verhalenbank.27060
Der wie ek in reus dy wie ek oan 't kanaelgraven. Dy rêstte ek even tsjin 'e tsjerke út. "De lea binne my warch", sei er. Sa krige dat plak de namme fan Wargea.
nl.verhalenbank.21959
Der wie in reus oan 't kanaelgraven. Om even út to pûsten, gong er op 'e tsjerke sitten om even út to rêsten. Doe sakke de hiele tsjerke yninoar. De reus bruts 'm. Sa krige dat plak de namme Britsum.
nl.verhalenbank.21958
Twa reuzen wienen oan 't slatten mei in feart ergens yn Fryslân. Op in stuit seagen se om. "A - krom", sei de iene tsjin 'e oare. (De feart wie hwat bochtich) Doe ha se it plak, dat dear lei de namme Akkrom joun.
nl.verhalenbank.15613
Der wienen twa reuzen. Dy wienen oan 't sleatslotten. Se hienen in bollepream mids troch sage en fan elke helte hienen se in skeppe. Dêr koe hiel hwat op lizze fansels. Dat se hienen dy sleat gau slotten. Doe wienen se warch. Sy rêstten even út troch tsjin 'e tsjerketoer oan to linen en seinen: Warch. It plak, dêr't dat gebeurde, krige de namme Wargea.
nl.verhalenbank.15605
25