Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
5 results
Dutch Keywords: kanaal dorpsnaam
Twa reuzen wienen yn Eastemar. Sy moesten nei Wargea ta. It gong drok op in graven, sy dolden mei in heale pream. Doe kommen se by in doarp, doe seinen se: "Wy bin der samar." Doe krige dat doarp de namme fan Sumar. Doe't se in hiel ein fierder wienen seagen se in tsjerke stean mei in toer. Dêr gongen se tsjinoan stean. "Hè," sei de iene reus, "ik bin...
nl.verhalenbank.23819
Der wienen ris twa reuzen, dy wienen togearre oan 't feartgraven. Sy bigounen elk fan in kant en sa groeven se moai op elkoar yn. Mar doe't se omtrint oan elkoar ta wienen, kommen se ta de konklúzje, dat se net tsjin elkoar oer kommen. Doe moest it lêste eintsje wol krûm wurde. "Aah- krom!" sei de iene reus tsjin 'e oare. Dat hearden guon en doe neamden...
nl.verhalenbank.26070
Der wie ris in reus, dy wie troud. Op in kear kom er thús, doe hie syn frou in min sin. Dat wie fan gefolgen dat de reus razend woarde op syn frou. Hy krijt de bats en hy bigjint mei modder to goaijen. Dat kom yn in feart tolânne en doe woarde dy dêr bryk. Doe't se dêr de oare deis lâns kommen lei der in bocht yn 'e feart. Se praetten dêr hwat krûm en...
nl.verhalenbank.23802
Der wie us in reus, dy wie mei in feart oan 't graven. Dat die er mei in heale pream, it avensearde tige. Doe woed er efkes útpûste. Hy sloech ergens de hannen oer de tsjerke hinne en sei: "Hè, warch." Dat hearden guon en doe krige dat plak de namme Wargea. Doe skrabbe er de modder hwat fan 'e klompen ôf, en dy beide modderbulten binne dêr nòch altyd.
nl.verhalenbank.20903
Der wienen twa sterke keardels - reuzen - oan 't graven mei in farwetter. Sy lieten de lodde even rêste en seagen achterom. Doe sei de iene tsjin 'e oare: "A - krom." Dat hearden guon en doe krige it plak, dat dêr lei de namme Akkrom.
nl.verhalenbank.23629
5