Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
14 datasets found
Dutch Keywords: ijs Place of Narration: Harkema
Doe't myn mem noch faem wie, tsjinne se by de boer. Winterdeis gong se to riden op 't iis. Dan gebeurde it wolris dat se hwat langer as gewoanlik weibleau. Se stuts dan yn 'e herberch oan om dêr to dounsjen. Op in joun wie se wer let. Doe kom der in dikke swarte houn njonken har lâns. Hja wie deabinaud, hwant de houn rekke har hyltyd ûnder 't rinnen. Op...
nl.verhalenbank.21137
Ik bin Okke van den Berg Dit is wier bard, hear! Teminsten, ik haw it Wytse Gal fertellen heard, en dy is it sels oerkommen. Wytse Gal, hjir fan 'e Gallestreek, by de Feart lâns (te witten: op 't Surhústerfean), dy koe goed reedride, hear! Hy hurdried wol en hy wûn ek gau ris in priiske. Doe soe der in hurdriderij wêze hjir of dêr yn 'e midden fan...
nl.verhalenbank.13033
Alde Janke Houneloper hat in goed sawntich jier lyn in fanke sjoen mei in read skelkje foar, dat forsûpte yn in poel. (Dy poel is der net mear. Dy wie sahwat op 't plak dêr't nou it jeugdgebou stiet) Koart dêrnei is myn suster fan trettsjin jier dêr by 't reedriden op dy poel troch 't iis sakke en fordronken. Sy hie in read skelkje foar. Geeltje Elzinga...
nl.verhalenbank.17385
Myn omke - Thys-om - is al lang dea. Mar hy hat in bern hawn, dat wie bitsjoend. Doe gong Thys-om nei in duvelbander yn 'e Rottefalle om guod. Dy duvelbander sei: "Hjir is in drankje. Mar tink der goed om, ûnderweis kin der wolris hwat wêze, dat dat drankje kapotmeitsje wol." Thys-om wie oer iis, hy hie de redens ûnder boun. Doe't er werom kom fleach der...
nl.verhalenbank.25901
It gebeurde oan diz kant Ljouwert. Der ried in man op 'e fyts by 't wetter lâns. 't Wie yn 'e winter en der lei iis. Doe hearde de man in stim: De tijd is verschenen, de man is er niet. De man seach om him hinne, mar der wie neat to sjen. Doe kom der yn 'e fierte ien oanriden op redens. Dy man rekke dêr yn in wek en fordronk op it plak, dêr't dy stim...
nl.verhalenbank.16853
Doe't ik in jonge wie wennen wy yn 'e Smoarhoeke, flak by de Liuwe-poel. Wy wennen yn in plaggehutte. As 't winter wie sei heit tsjin ús: "Pas op en kom net op it iis fan 'e Liuwe-poel, hwant dêr mat noch ien yn forsûpe." 't Wie ien mei read hier, dy't dêr yn forsûpe moest. 't Minske lei faek midden yn 'e poel en dan rôp se: Help! Help! Help! Letter is...
nl.verhalenbank.28601
It wie wol in dit en in dat Us heit wie klompmakker en doe arbeide er by âlde Marten Skoechje te Koartwâld. Jûns sa'n oere of acht kaam er thús. Der lei wat snie en doe trof er Sake Hofstee. Sake Fleisbakje neamden se him wol. Hy wie sa'n bytsje slachter en dan rûn er mei it fleisbakje by de streek. 'Dan kinne wy moai meiïnoar gean, Adam', sei Sake. En...
nl.verhalenbank.12166
Yn 'e Hamster Pein wenne in boer dy ried by winter op 'e Wide Pet op redens. Doe hearde er dêr út in wek in stim weikommen: De tijd is verschenen, de man is er niet. Gauachtich dêrnei kaem der in man oanriden dy't yn dat wek ried.
nl.verhalenbank.17546
Thysom, dat wie ús heit syn omke. Dy hie in bern, dat rekke bitsjoend. Earst woe Thysom dat net leauwe, mar it kaem doch sa fier, hy rekke nei de duvelbander Wopke fan Kûkherne ta. 't Wie midden yn 'e winter en der lei in dikke laech iis. Dat omke gong der op redens hinne. Wopke joech him in drankje mei, mar sei: "Tink der om, ûnderweis komt der dy ien...
nl.verhalenbank.19344
Der stienen us guon by de Skûlenburchster brêge ûnder Eastemar. 't Wie yn 'e winter en der lei iis. Doe hearden se in stem út 'e Burgumer Mar wei, dy't sei: "De tijd is verschenen, de man is er niet." Fuort dêrnei ried der ien op redens yn in wek en forsûpte.
nl.verhalenbank.23941
Mem en dy wennen flak by de Liuwepoel. Mar as it winter wie mochten se noait op 'e Liuwepoel ride. Dat fortroude pake net. Hwant hy wie ris in kear op in joun by de Liuwepoel lâns kom, doe hearde hy roppen: help. En even letter wer, en doe nochris wer. Trije kear. "Dêr forsûpt nochris ien," sei pake, "dat màt gebeure." Mar ik leau net dat der oant diz...
nl.verhalenbank.33417
't Wie de jouns om acht ûre yn 'e winter by Muntsjetille. Der lei iis oer 't Knjillisdjip. Doe hearden guon in stem dy't sei: "De tijd is gekomen, de man is er niet." Even letter kom der in man oan op redens. Se rôpen him ta: "Net fierder, net fierder!" Hwant fierderop wie in wek. Mar de man ried al fierder. Hy is yn 't wek riden en forsûpt.
nl.verhalenbank.12340
As der ien yn 'e Harkema bitsjoend wie froeger, gongen se wol gauris nei Hinse Jehannes de Boer fan it Swartfean. Dat wie in duvelbander en in raren ien. Op in kear, doe wienen der wer guon bitsjoend. Doe stjûrden se in neef fan ús nei Hinse ta om drankjes. Dy neef sutele altyd mei pikelhearrings. In dikke gongelstok hie er by him. 't Wie yn 'e winter en...
nl.verhalenbank.34580
Jan-om wie de jongste broer fan ús heit. Doe't heit noch yn Kromelle wenne, dat is krekt 74 jier lyn, wie Jan-om 19. Letter wie Jan-om âlderling yn 'e grifformearde tsjerke. Doe wied er noch mar in goede twintich. Hy leefde o sa nau. Alhiel neffens de Skrift. Op in kear soed er mei ien to riden oer iis. De redens hied er goed yn oarder. 't Hie bot ferzen....
nl.verhalenbank.33000
35