2 datasets found
Dutch Keywords: huwelijk vrouw man Place of Narration: Opende
Yn Drachtster Kompenije wenne Klaas Schuurman. Dy wie troud. Hy seach op in nacht himsels dea yn 'e kiste lizzen. Doe liet er him forsekerje foar tsientûzen goune. Dêr moest wyks in ryksdaelder foar bitelle wurde. Doe't er de polis goed en wol hie, doe stoar er. Doe koe syn wiif útkearing krije en har letter rêdde. Hja is doe troud mei syn broer Harm.
nl.verhalenbank.24163
Froeger gong 't jongfolk wol gau us foar de swarte spegel. Dy't gjin wiif krige seach in kiste, dy't trouwe soe seach syn takomstich wiif. Doe't myn earste man us yn 'e swarte spegel seach, kom der in frommes foar 't ljocht mei lang swart hier. Doe't myn man my letter seach, sei er: Ik woarde kjel. Sa sprekend likestû op dat portret.
nl.verhalenbank.23149
35