Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
8 results
Dutch Keywords: huis mensen
Japik Rippert (= Jack the Ripper?) dy hat hjir omswurven. 't Wie in tsjoenster, se wienen binaud foar him, fral de froulju. Hy koe troch de slotsgatten yn 'e hûs komme. De frou fan Jan Nijboer wie sa binaud, dat as se turf helje moest út it achterhûs wei, dan roan se achterstefoar.
nl.verhalenbank.23876
Op in kear kom der in fremde kat by lju yn 'e hûs. 't Wie yn 'e Westerein. Se ha dy kat in slach joun. De oare moarns wie der in frommes, dat tichteby wenne, kreupel. 't Wie Piters Willemke, in echte tsjoenster.
nl.verhalenbank.21469
Yn 'e Westerein hienen de minsken froeger allegear duveldrek ûnder 'e drompel. Dat dienen se om gjin tsjoensters yn 'e hûs to krijen. Sy hellen it út 'e apteek.
nl.verhalenbank.21535
Jehannes koe mei my neat wurde. De measte minsken wienen bang foar him, mar ik net. Dat wist er ek wol. Der wie net in minske dy't letter yn syn hûs doarst, dêr't er yn wenne hie. Net ien woe it keapje. Doe haw ik it kocht foar in sacht pryske en ik bin der yn kaem to wenjen. Doe seinen de minsken: "Dû silst der wol rare dingen yn bileve." Mar ik ha noait...
nl.verhalenbank.38424
Der wienen minsken, dy hienen in bern, dat wie bitsjoend. Doe gong de heit nei de duvelbander ta. Hy krige fan de duvelbander in flesse drank mei. Doe't er ûnderweis wie nei hûs ta kom de soan fan 'e tsjoenster him tsjin. "Hastû fuort west?" frege dy. "Ja", sei er. "Hast in drank by dy?" "Ja", sei er. "Lit my dan us sjen." "Né, dy krijst net to sjen." En...
nl.verhalenbank.17703
Ek us in kear doe ha se in fremde kat, dy't samar yn 'e hûs kom - ek yn 'e Westerein - mei hyt wetter op 'e poat smiten. Doe forbrânde dy syn poat. Doe wie der de oare deis in frommes, dy hie de earm yn 'e doek. Dat frommes wie ek in tsjoenster, dy wenne net fier ôf.
nl.verhalenbank.21470
Mar Oene Krop wie ek in greate tsjoender. De minsken doarsten him net yn 'e hûs to litten en net by it fé. Hy makke se samar siik. Myn broer wenne yn Ljouwert. Hy hie in jonkje, dat wie altyd siik en gammel. It wie noait fleurich lyk as oare bern. It siet echt yn 'e pogge. It woe net boartsje en it wie mear dea as levend. Doe kom dêr ris in swager fan...
nl.verhalenbank.38152
Heksen herkennen. \'t Gebeurde in Ierseke, omstreeks 1890, en de beheksten waren de beide meisjes S. Het was begonnen met de oudste, terwijl bij de jongste weldra dezelfde verschijnselen voorkwamen. Bij die is 't nooit zoo erg geweest, want zij had het van een zwarte kunstenaar, een tuinman, die zich wreekte, omdat ze niet met hem gaan wilde. De oudste...
nl.verhalenbank.39068
8