Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
10 results
Dutch Keywords: huis binnenkomen
Tsjoensters kinne oeral trochkomme om by in oar yn 'e hûs to kommen. Mar sy geane meast troch in hounegat.
nl.verhalenbank.23148
In tsjoenster koe troch 't kaeisgat yn 'e hûs komme.
nl.verhalenbank.23428
Japik Rippert (= Jack the Ripper?) dy hat hjir omswurven. 't Wie in tsjoenster, se wienen binaud foar him, fral de froulju. Hy koe troch de slotsgatten yn 'e hûs komme. De frou fan Jan Nijboer wie sa binaud, dat as se turf helje moest út it achterhûs wei, dan roan se achterstefoar.
nl.verhalenbank.23876
Tsjoensters komme troch 't kaeisgat yn 'e hûs. Om 'e sawn jier matte se ien deatsjoene, oars geane se sels dea. Se dienen hjir duveldrek ûnder 'e drompels.
nl.verhalenbank.23715
In tsjoenster kin troch 't goatsgat yn 'e hûs komme. Docht men duveldrek ûnder 'e drompel, dan kin de tsjoenster der net oer komme.
nl.verhalenbank.25577
Sjoerd Bonnes wie boer yn Sumar. Hy hie in soan, dy koe mear as in oar. As de soan jouns nei syn faem ta wie, bleau Sjoerd Bonnes allinne yn 't tsjuster sitten, hwant hy woe wite hoe let syn soan wer thúskaem. Dy soan seach syn heit dêr yn 't tsjuster sitten. Letter hie Sjoerd Bonnes de doar in kear op slot dien. Doe kaem de soan troch it kaeisgat der yn.
nl.verhalenbank.31322
In tsjoenster koe har yn in kat foroarje. Dat die Alle Tet ek. Op in kear doe hie se dat ek wer dien. Doe joegen se dy kat in klets. Dat koenen se de oare moarns oan har hân sjen. Tet hat forskate bern bitsjoend. Dan hienen se krânsen yn 'e kessens. Dy krânsen moesten se opbrânne. De lju dienen duveldrek ûnder 'e drompels en sy makken krusen foar de doar,...
nl.verhalenbank.25753
Greate Wibe wenne yn Jistrum. 't Wie in grouwe, gewante keardel. Sy seinen, hy koe troch 't slotsgat fan 'e doar by de lju yn 'e hûs krûpe. Hy koe tsjoene. Hy wenne op 'e âlde Iest. 't Wie in omke fan 'e dames Leegsma (twa ûnderwizeressen). De frou fan Eatse Alles wenne ek op 'e âlde Iest. Dat minske wie sa bang foar de kunsten fan greate Wibe, dat sy hie...
nl.verhalenbank.29308
De boeren fan Feanwâldsterwâl hienen allegearre in stik duveldrek yn in pûdtsje yn 't bargedrinken, oars woenen de bargen net groeije. De bern hienen duveldrek op 't boarst, ek yn in pûdtsje oan in bantsje. Dat wie fanwege de tsjoensters. Guon hienen duveldrek ûnder 'e drompel, dan koenen de tsjoensters net yn 'e hûs komme.
nl.verhalenbank.24158
Der hat in bern fan ús bitsjoend west. As it op bêd lei dan gûlde 't en wied er krekt sa stiif as in planke. Mar as ik him der út krige, dan wied er slop fan it laitsjen. Ik sei: "Dit doocht net. It bern is bitsjoend." Doe gongen wy nei de duvelbander ta. Dat wie Antsje Snipel fan Boelensloane. Dy sei: "Jimme matte duveldrek ûnder 'e drompel lizze. Dan...
nl.verhalenbank.21104
10