Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
7 results
Dutch Keywords: huis Place of Narration: Kollumerzwaag
Frijmitselers hienen harsels oan 'e duvel forkocht. Dêrtroch hienen se altyd jild en koenen se dwaen hwat se woenen. Mar 't kostte har de siele. Hekse Harm (= Stammerige Harm) wie ek frijmitseler. Hy hie in wikseldaelder. Dy hie er fan 'e duvel. Hekse Harm wie net fortroud by 't fé. Hy hie de kweade hân. Hy striek mei de hân oer de rêgen fan 'e dieren...
nl.verhalenbank.29542
As se hjir froeger in nij hûs bouden, kom der in stik duveldrek ûnder 'e drompel.
nl.verhalenbank.24068
Der wenne in sekere Roel Postma yn 'e Westerein. Dat wie in timmerman en oannimmer. Dy hat in protte huzen boud. Mar hy makke it lêste hûs dat er ûnder hannen hie, noait ôf. Hwant as er dat die, wie er dea, seinen se. Dy man wie in frijmitseler. As er in nij hûs boude, dan makke er it foarige earst ôf, en sa gong it altyd. Der wie altyd ien hûs, dat net...
nl.verhalenbank.38622
Nachtmerjes komme troch 't kaeisgat yn 'e hûs. De lju ha wol duveldrek ûnder 'e drompels om har to kearen.
nl.verhalenbank.25374
Ik ha 't mei in hynder wol meimakke, dat dy nachts op 'e stâl omdânse fan bangens. Dan siet de nachtmerje der op. Dan sieten der de oare moarns prachtige flechtsjes yn 'e moanjes. Om se to kearen kin men roggeangels of moal op 'e rêch fan 't hynder struije. In nachtmerje mei neat meinimme, dat foar roggeangels en moal binne se bang. Troch 't kaeisgat...
nl.verhalenbank.25184
Wie der in bern bitsjoend, dan gongen se nei Wopke duvelbanner ta, dy't in drankje rémakke. Se moesten de krânsen út it kessen nimme en dy forbrânne. It gebeurde wol gauris dat se dan meiiens mar it hiele bêd forbrânden. Alles moest dan ticht wêze, der mochten gjin iepeningen yn it hûs wêze. Se tochten dan dat se de kweade geasten forbrânden.
nl.verhalenbank.29820
Om tsjoensters to kearen dienen de lju altyd duveldrek ûnder 'e drompel. Dêr koe de tsjoenster net oer komme. Wy hienen as bern altyd in pûdtsje mei duveldrek op it boarst, om mar net bitsjoend to wurden. Dy't bitsjoend wie, hie krânsen yn 'e kessens. Wienen der trije folle krânsen dan gong dyselde dea, dy't bitsjoend wie. As se dan nei de duvelbander...
nl.verhalenbank.29540
7