Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
44 results
Dutch Keywords: huis duivelsdrek
Duveldrek is in útwerpsel fan 'e duvel. Wy dienen 't froeger ûnder 'e drompel, dan koe Akke-tsjoenster der net oerhinne komme. Wy makken ek wol in krús op 'e wei, as wy in tsjoenster seagen. Der wienen ek wol bern, dy droegen 't yn in pûdtsje om 'e hals. Sokken wienen der in soad.
nl.verhalenbank.33150
Hedzer Baeije Syts wenne to Jistrum. Dy hie foar in sechstich jier altyd duveldrek boven de doar.
nl.verhalenbank.17690
Sy leinen by ús ûnder 'e drompel duveldrek. Dan koe Rikele Myt der net oer komme. Wy hienen ek duveldrek yn in pûdtsje op 't boarst. Dat wie ek om net bitsjoend to reitsjen. Duvelsdrek woarde ek wol as genêsmiddel brûkt.
nl.verhalenbank.29398
Sa'n sawntich jier lyn hienen de lju oan 'e Skieppedrifte ûnder Droegeham allegearre duveldrek ûnder 'e drompels en dêr wie ien húshâlding fan minsken, dy't faek yn rogge sliepten, omt se bang wienen foar de duvel en syn hantlangers. (Dat wie Arjen Visser syn eigen heit: Japik Visser. Dy wenne dêr mei syn susters.) It doochde dêr faek net by har yn 'e...
nl.verhalenbank.23439
Die men duveldrek ûnder 'e drompel, dan koe de tsjoenster der net oer komme.
nl.verhalenbank.28384
Dienen jy duveldrek ûnder 'e drompel, dan koe de tsjoenster dêr net oer komme, seinen se.
nl.verhalenbank.34537
As se hjir froeger in nij hûs bouden, kom der in stik duveldrek ûnder 'e drompel.
nl.verhalenbank.24068
Der hat in bern fan ús bitsjoend west. As it op bêd lei dan gûlde 't en wied er krekt sa stiif as in planke. Mar as ik him der út krige, dan wied er slop fan it laitsjen. Ik sei: "Dit doocht net. It bern is bitsjoend." Doe gongen wy nei de duvelbander ta. Dat wie Antsje Snipel fan Boelensloane. Dy sei: "Jimme matte duveldrek ûnder 'e drompel lizze. Dan...
nl.verhalenbank.21104
Sy dienen froeger hjir altyd duveldrek ûnder 'e drompel, dan koe de tsjoenster net yn 'e hûs komme.
nl.verhalenbank.27542
Yn 'e Westerein hienen de minsken froeger allegear duveldrek ûnder 'e drompel. Dat dienen se om gjin tsjoensters yn 'e hûs to krijen. Sy hellen it út 'e apteek.
nl.verhalenbank.21535
As men duveldrek ûnder 'e drompel docht kin in tsjoenster der net oer komme.
nl.verhalenbank.33242
De lju yn Broek hienen froeger duveldrek foar de drompel, dan koenen de tsjoensters der net oer komme.
nl.verhalenbank.19911
Alle lju yn 'e Harkema hiene duveldrek ûnder 'e drompel fan 'e doar. Dat wie om 'e tsjoensters. Dy koenen der dan net oer komme.
nl.verhalenbank.20389
Tsjoensters kinne ek troch 't kaeisgat yn 'e hûs komme. Docht men duveldrek ûnder 'e drompel, dan hippe en dideldeinje de tsjoensters der foar om, dan komme se der net yn.
nl.verhalenbank.23537
In nachtmerje is in frommeske dat tsjoene kin. Sy komt troch 't slotsgat yn 'e hûs. Sy leinen froeger wol duveldrek op 'e drompel om der gjin lêst fan to hawwen.
nl.verhalenbank.27481
In protte minsken hjir yn 'e Houtigehage hienen duveldrek ûnder 'e drompel lizzen. Dan koenen der gjin tsjoensters yn 'e hûs komme.
nl.verhalenbank.25882
Yn Aldegea hienen se faek duveldrek ûnder 'e drompels om 'e tsjoensters to kearen.
nl.verhalenbank.21198
In tsjoenster kin men keare troch duveldrek ûnder 'e drompel to dwaen. Dan kin se net yn 'e hûs komme.
nl.verhalenbank.12240
Nachtmerjes komme troch 't kaeisgat yn 'e hûs. De lju ha wol duveldrek ûnder 'e drompels om har to kearen.
nl.verhalenbank.25374
Tsjoensters komme troch 't kaeisgat yn 'e hûs. Om 'e sawn jier matte se ien deatsjoene, oars geane se sels dea. Se dienen hjir duveldrek ûnder 'e drompels.
nl.verhalenbank.23715
44