Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
7 results
Dutch Keywords: huis Place of Narration: Kollumerzwaag
Om tsjoensters to kearen dienen de lju altyd duveldrek ûnder 'e drompel. Dêr koe de tsjoenster net oer komme. Wy hienen as bern altyd in pûdtsje mei duveldrek op it boarst, om mar net bitsjoend to wurden. Dy't bitsjoend wie, hie krânsen yn 'e kessens. Wienen der trije folle krânsen dan gong dyselde dea, dy't bitsjoend wie. As se dan nei de duvelbander...
nl.verhalenbank.29540
Frijmitselers hienen harsels oan 'e duvel forkocht. Dêrtroch hienen se altyd jild en koenen se dwaen hwat se woenen. Mar 't kostte har de siele. Hekse Harm (= Stammerige Harm) wie ek frijmitseler. Hy hie in wikseldaelder. Dy hie er fan 'e duvel. Hekse Harm wie net fortroud by 't fé. Hy hie de kweade hân. Hy striek mei de hân oer de rêgen fan 'e dieren...
nl.verhalenbank.29542
Fan sawn opelkoarfolgjende dochters, wurdt der sein is ien in nachtmerje. In nachtmerje komt troch 't kaeisgat yn 'e hûs, in tsjoenster ek.
nl.verhalenbank.24067
Op in nacht kom in feint fan 'e faem werom. Dy faem wenne yn Twizel. De feint wie sahwat tusken it Heideloantsje en de Kloksheide. Doe kom him in âld-minske tsjin. De feint sei: Goe-joun. Mar it âld-minske sei neat werom. Hy sei noch us: goe-joun. Mar sy sei noch neat. Doe draeide er him om. It âld-minske wie in frou yn it swart mei lange rokken oan. Sy...
nl.verhalenbank.15725
Ik ha 't mei in hynder wol meimakke, dat dy nachts op 'e stâl omdânse fan bangens. Dan siet de nachtmerje der op. Dan sieten der de oare moarns prachtige flechtsjes yn 'e moanjes. Om se to kearen kin men roggeangels of moal op 'e rêch fan 't hynder struije. In nachtmerje mei neat meinimme, dat foar roggeangels en moal binne se bang. Troch 't kaeisgat...
nl.verhalenbank.25184
In nachtmerje wie in frommeske. Dat ried op 't hynder en makke flechtsjes yn 'e moanjes fan 't hynder. Sy kom ek wol yn 'e hûs. Dan gong se troch 't kaeisgat hinne en knypte de minsken yn 'e hals, dat se oan 't smoaren ta wienen. De minsken makken in krús yn 't sân op it hiem. Dat krús, dêr dienen se sâlt yn, dan koenen de nachtmerjes en tsjoensters har...
nl.verhalenbank.22686
Wie der in bern bitsjoend, dan gongen se nei Wopke duvelbanner ta, dy't in drankje rémakke. Se moesten de krânsen út it kessen nimme en dy forbrânne. It gebeurde wol gauris dat se dan meiiens mar it hiele bêd forbrânden. Alles moest dan ticht wêze, der mochten gjin iepeningen yn it hûs wêze. Se tochten dan dat se de kweade geasten forbrânden.
nl.verhalenbank.29820
7