Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
197 datasets found
Dutch Keywords: huis wonen
Greate Pier wie us in kear oan 't ploeijen. Der kommen twa Hollanders oan, dy fregen him, hwer't greate Pier wenne. Doe tilde Pier de ploege op en dêr wiisde er mei nei syn hûs. "Dêr wennet er," sei er, "en hjir stiet er." En doe sloech er dy beide Hollanders mei de ploege dea. (Het verhaal is met St. Hearke bij haar niet bekend)
nl.verhalenbank.24076
Der spoeke op 'e Ikkers ek in mantsje mei in kroade. Dat wie in hiel lyts mantsje. Guon biwearden dat er swart wie. Guon ha him wol sjoen. Dat mantsje flokte hiel bot. It sil deselde west ha dy't dêr nachts yn dat húske kaem. De measten doarsten net yn dat húske to wenjen.
nl.verhalenbank.37234
Der wie us in man, dy soe nei sterke Hearke ta. Doe seach er ien dy wie op 't lân oan 't ploegjen. Hy der hinne. Sy hienen froeger fan dy ploechjes mei ien sturt der oan. De man sei tsjin deselde dy't oan 't ploegjen wie: "Soenen jo my ek sizze kinne, hwer't Sterke Hearke wennet?" Dy't oan 't ploegjen wie, dat wie sterke Hearke sels. "Jawol", sei Hearke....
nl.verhalenbank.23862
Hjir net sa fier ôf matte reuzen wenne ha. Dy wennen yn 'e bosk. Yn 't doarp kom altomets in greate reus mei in lytsen-ien, dy't er by de hân beet hie. Sy stapten dan fan it iene hûs op it oare. Sy ha echt bistien.
nl.verhalenbank.18215
In nicht fan mij hat in Eestrum woond. Sy woonde doar in in huuske, doar was in olle man formoard. Se sei: "Doar is in plak op 'e muur, doar sit it bloed noch op, en dat kan er nooit uut. Noait, moar dan ook noait!"
nl.verhalenbank.26338
Wij hewwe 't had in Dokkum in de duvelshoeke. Daar spookte 't in de bakkerij. De bakker had twa dochters. Die kregen ferkering. De feinten wouen bij hen opsitte en froegen of se niet een kamerke hadden, waar se sitten konnen. "Jawel," seien die dochters tegen de feinten, "maar in dat kamerke daar spookt it." Doe seien de feinten: "Dat willen wij us...
nl.verhalenbank.24288
Dêr't nou it swimbad is fan 'e Westerein, dêr wenne froeger in âld minske yn in lyts hûske. Dat minske wie in tsjoenster. As jonge fan acht jier moest ik it melken leare by de boer, dy wenne dêr net fier ôf. By de boer wienen se deabinaud foar dat âldminske. Hja hienen in greate klobbe duveldrek yn 't waeifet, dêr't de keallen út dronken, en se woenen har...
nl.verhalenbank.38299
As de skoarstien rikket, kinne de minsken, dy't dêr wenje, bitsjoend wurde.
nl.verhalenbank.17535
Sterke Hearke wie ris oan 't ploeijen, doe kaem der in man by him op it lân. "Hwer ergens wennet hjir Sterke Hearke?" frege er. Hearke tilde de ploech mei ien hân op en sei: "Dêr wennet er en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.36510
Hjir achterút hat in man wenne, dat wie Douwe Stavasius. Dy wie mei de helm geboaren. Dy seach allerhande sterfgefallen foarút. Hy hat syn eigen mem mei ôflein. Dat die er fan tofoaren al, wylst se noch libbe. Letter hat er it ècht dien. Sy wennen yn in spittekeet.
nl.verhalenbank.26298
Yn 'e Surhústerfeanster Mieden wenne in húshâlding mei bern. It gebeurde al us op in nacht, wylst de man net thús wie, dat de frou in kiste seach. Dy woardde ta 't hûs yn brocht. Sy foun it fremd, hwant sa'n kiste wie foar har of har man to lyts en foar de bern wied er to great, dat sy bigrypte der neat fan. Doe't de man thús kom, fortelde se hwat der...
nl.verhalenbank.17455
Nachtmerrie kennen paddie mensn kriegn; ik zel joe dr wat van deurgeevn, wat andern mie ook verteld hebben. Zo mout er vrouw woond hebben, dei dr fiks last van har; as ze op bedde lag, kun ze gien woord uutbrengen en wur ze hielemaal stief. Umdat gien mens heur helpn kun, bint ze naar n pater goan. Die gaf ze n middel met um de nachtmerrie te weern en...
nl.verhalenbank.44948
De lju yn Broek hienen froeger duveldrek foar de drompel, dan koenen de tsjoensters der net oer komme.
nl.verhalenbank.19911
Ik wie noch feint en wenne noch by uzes thús, doe kaem op in joun Tsjipke Fokje by ús oan 'e doar. Se rôp tsjin ús mem: "Binne jo der yn, Jantsje?" "Ja," sei mem, "hwat is der?" "Ik bin samar fan 'e wei ôfsmiten woarn yn 'e feart", sei se. "Nou doar ik net nei hûs." Doe hat mem har nei hûs ta brocht mei in âlde stoarmlantearne. Dat gebeurde op de Lange...
nl.verhalenbank.38511
Sa goed as ik it yn ‘t ûnthâld ha, sil ik de stoarje fen it Drylster tsjerkhôfspoek forhelje, sa ‘t ik it fortellen heard ha. Om 1830 hinne, wier der om it tsjerkhôf hinne in grêft, sadat it eins in eilântsje wier, en stie it mei de strjitte yn forbining troch in brechje, dat ôfslten wier mei in houten rafterstek. Nou gou doedestiids it sizzen, dat...
nl.verhalenbank.72430
Wy wienen noch fan dy bern, doe wie der in man, dy sei tsjin ús mem: "Ik haw in brân sjoen." It winkeltsje, skean tsjin ús oer hied er yn 'e brân sjoen. Dêr wenne in âld minske yn. Gauachtich dêrnei brânde it op. Mem wie doe noch bang dat er him forsjoen hie, dat it ús hûs wêze soe.
nl.verhalenbank.36515
Mien voader het et huus woor hai in woond het twei keer in brand stoan zain. dat zag e as e s oavends loat bie huus kwam; in de verte zag e den vuur in t huus en vlammen, dei tou t dak uutsluign. Toun ze den verhuuzn gungen noar n ander stee zee d pabbe: Wat bin k door bliede om, dat wie n ander huus kriegn, want in dizze gebeurt nog n moal wat. En zo was...
nl.verhalenbank.43820
Aan de Parallel-weg van Lest Stuver naar Buitenpost woonde een old minske, dat was een heks. Als 't stormweer was durfden de mensen daar niet langs, want dat was gevaarlijk.
nl.verhalenbank.31252
Hindrik Velstra wie wûnderdokter en wenne ûnder Readtsjerk. Hy waerd meastal Hindrik Hokje neamd. Der lei in fanke yn 't sikenhûs, dat wie in dochter fan Japik Bouma. Dat fanke waerd út it sikenhûs nei hûs ta stjûrd. Hja siet ûnder 'e swolderije en wie net to genêzen. Net in dokter dy't dêr ried op wiste. Doe nei Hindrik Hokje ta. Dy hat har wer better...
nl.verhalenbank.30979
Yn Twizelerheide stie in arbeidershûs, dêr wenne Wytse Sakesfolk yn. Dêr spoeke it. Der ha letter noait wer minsken yn dat hûs wenje wold. Sy ha it ôfbrutsen, hwant it stie altyd leech. It wie neat wurdich. 't Stie tichte by de feart. Alde Folkert hat der yn wenne.
nl.verhalenbank.20565
35