Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
8 datasets found
Dutch Keywords: huis man Place of Narration: Veenwoudsterwal
Alde Liuwe Kûper wie in fremd persoan. Dy hie hwat fan 'e kweade oer him. Op in kear lei er op bêd, doe wie 't krekt in lyk. Hy wenne yn in arbeidershûs, dêr hienen se froeger groppegatten yn. Doe wie der in stik fjûr troch dat groppegat gong. Dat wie op âlde Liuwe yngong en doe waerd er wer libben. Alde Liuwe Kûper wenne op Burgumerheide. Guon woenen him...
nl.verhalenbank.19644
Sterke Hearke wie oan 't ploegjen. Doe kom der in man by him op 't lân, dy frege him hwer't Sterke Hearke wenne. Doe krige Hearke de ploege beet en tilde him op mei syn iene hân. Doe sei er: "Dêr wenje ik." Doe stiik er him rjocht op syn hûs oan. Doe wist dy man wol hwa't Sterke Hearke wie.
nl.verhalenbank.38038
Jouns wurke it jongfolk yn 'e fabryk. Myn man ek. Dy hyt fan Klaes. Jehannes Meerstra wie der ek. Op in joun woarde der fan fierrens roppen: "Klaes, ite!" Myn man sette hastich op hûs ta, mar 't iten wie noch net ré. Net ien fan uzes hie him roppen. Dat wie it wurk ek fan Jehannes.
nl.verhalenbank.19639
Op 'e hoek fan Feanwâldsterwâl hat in man wenne, dy wie stoarn en dy wie nei 't hôf ta brocht sûnder dat er in himd meikrige hie. Sibbele-om wie 't. Dy krige doe gjin rêst. Hy gong nei 't hûs ta dêr't er ta'n útdroegen wie en der oppenearre hy him in kear of hwat. Doe ha se in himd foar Sibbele-om meitsje litten en dat ha se nei 't tsjerkhôf ta brocht en...
nl.verhalenbank.37892
Op in kear helle in man - dat wie in petroaljesutelder - in fet mei petroalje fan 'e boat. Dat wie hjir op 'e Wâl. Mei heakken woarde sa'n fet ophelle. Dy heakken sieten der om. Doe't de man dat fet thús bringe woe, foelen de heakken der hyltyd ôf. Jehannes wie net fier ôf. De man sei tsjin him: "Dat dochstû." Doe sei Jehannes tsjin him: "Ryd nou mar...
nl.verhalenbank.37956
Yn Feanwâlden hat ris in man yn 'e kroech sitten, dy sei 't sa raer op, dat it roan ta de spuigatten út. Doe't hy der út kom en nei hûs ta soe woarde er optild troch de kweade en in ein fuortsmiten.
nl.verhalenbank.38093
Froeger hiene je hjir in feanterije. Der wienen guon, dy feanten hjir. Dan leveren se turf oan 'e omlizzende plakken. En dan moesten se de sinten dêr wei helje, dy't se dêr foar barre koenen. Se bitellen yn dy tiid net mei papierjild, mar mei ryksdaelders. Sa hie âlde Willem-om ris op in kear nei Dokkum ta west om jild foar de turf op to heljen. Hy wie op...
nl.verhalenbank.38040
In pleachbeest, dat ûntwykt net. It is krekt in beest as in skiep. Us heit hat der lêst fan hawn. Heit kom by de froulju op Sawnhuzen, ûnder Burgumerheide. It wie midden op 'e dyk. It gong net út 'e wei. Heit wie der tige bang foar. In kammeraetske fan my hat ek sa'n pleachbeest sjoen, doe't se ûnderweis wie.
nl.verhalenbank.21908
35