Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
106 datasets found
Dutch Keywords: helderziende helmdrager
Der wienen bern, dy woarden mei de helm geboaren. As dy helm omleech lutsen woarde, mei de geboarte, dan moesten dy bern alles sjen. Lutsen se de helm omheech, dan net.
nl.verhalenbank.21898
Us pake en dy hienen in helm fan ien fan 'e bern. Dêr wie dat bern mei geboaren. Dy helm koe pake djûr forkeapje. De dokter wie der tige hyt op. Hy sei: "Daar wil ik van der Veen wel veel geld voor geven." Mar pake die't net. Letter hat pake dy helm fuort dien. Dy't sa'n helm yn besit hat is kûgelfrij.
nl.verhalenbank.22003
Iense Boomsma wenne hjir op 'e Boelensloane. Hy wie mei de helm geboaren, seinen se. Hy moest alle lykstaesjes sjen.
nl.verhalenbank.32774
Yn Stiensgea wenne Romke Laanstra. Dy wie mei de helm geboaren. Dy moest der yn 'e nacht faek út om hwat to sjen.
nl.verhalenbank.18163
Knjillis Veenstra wie mei de helm geboaren. Dy moest der nachts wit hoe faek ôf en dan roan er soms hiele einen om lykstaesjes to sjen.
nl.verhalenbank.24895
Doe't Berend, de buorman fan Boardzer Bruning fan 'e Boelensloane kom to forstjerren, koenen se dêr earst net in foargonger by krije. Mar Boardzer hie al fan tofoaren sjoen dat Durk Pultrum de foargong ha soe. Dêrom sei er: "Gean mar nei Durk Pultrum ta, dy wol wol."
nl.verhalenbank.32824
Oan 'e Noarder Dwarsfeart wenne in sekere Joeke. Joeke Spoek neamden se him. Dy wie mei de helm geboaren. Heit hat wol mei him baggele yn Beets. Midden yn 'e nacht gong hy der ôf om nei in lykstaesje to sjen. Heit hat wol mei him oproan. Dan sei er ynienen: "Even oan kant." Dan wie der in lykstaesje, dy't passeare moest. Mar heit seach neat.
nl.verhalenbank.19860
Bontsje Knjillis wie mei de helm geboaren. Hy wenne oan 't spoar ûnder Kollumersweach (Knj. Veenstra). Wit hoe faek woarde der yn 'e nacht by him kloppe. Dan moest er út bêd wei en de wei út. Soms moest er hiele einen rinne. It is wol gebeurd dat er hielendal nei 't tsjerkhôf fan Kollumersweach ta moest. Dêr woarde dan ien bigraven. Dat moest hy sjen. 't...
nl.verhalenbank.24471
Dy't mei de helm geboaren is, dy mat der nachts faek út. Dan mat er lykstaesjes sjen. Der wenne sa'n man ûnder Kollumersweach, dy ha 'k wol kend. Dat wie Knjillis Veenstra. Dy seach geregeld lykstaesjes yn 'e nacht. Hy moest der soms hiele einen foar rinne, hiel Kollumersweach troch. Woed er lizzen bliuwe, dat joech him neat, hy woarde út bêd licht. Hy...
nl.verhalenbank.22969
Dy't in helm hat, is kûgelfrij. In dokter wol sa'n helm wol keapje.
nl.verhalenbank.25168
Wessel Gal is mei de helm geboaren.
nl.verhalenbank.25395
Moeke woonde in Hantumer Uutbuurt. Daar had se forkering met in fint. Op in avond kuijeren se togearre. Doe moesten se in weg passeare. Doe sei hy teugen Moeke: "Wacht even Tryn, ik mat even oer de sleat." Doe sei Moeke: "Wat is dat met dy?" Doe sei hy: "Der giet in lykstaesje foarby." Moeke sei niks. Doe sei se: "It is sa't is, jonge, ik meitsje 't út."...
nl.verhalenbank.32616
Dy't mei de helm geboaren is, is kûgelfrij.
nl.verhalenbank.31125
Ik hie in kammeraet, dat wie Klaes. Hy wennet yn Grinzer Pein. Syn heit wie mei de helm geboaren. Dy seach alle bigraffenissen foarút. Hy koe fantofoaren sizze: dêr en dêr wurdt ien útdroegen en hy telde altyd de lju dy't achter it lyk oan roannen. Op in kear moest er nei de klaei ta to arbeidzjen. Mar de moarns dat er fuort moest, sei er: "Ik kin wol...
nl.verhalenbank.24662
Us heit hat it faek hawn oer foartjirmerije. Dan seinen de lju: dêr en dêr komt skielk in hûs to stean. Se ha it timmerjen al heard. Ek seinen se wol: dat hûs mat nochris in kear opbrânne. 't Brânnen is al sjoen woarn. Dat mei it bouwen en timmerjen kaem altyd nei, mar ik kin sa net sizze hokker huzen dat wienen. Yn Garyp gongen dy forhalen. Heit fortelde...
nl.verhalenbank.31284
Sa'n helm wie gâns sinten wurdich, seinen se froeger.
nl.verhalenbank.24663
Dy't in helm hat, dy kin foarútsjen.
nl.verhalenbank.22831
Dy't mei de helm geboaren woarde, moest letter alles sjen, as dy helm der forkeard ôflutsen woarde. De dokters wienen tige hyt op de helms. Dy waerden djûr forkocht.
nl.verhalenbank.29541
Ergens yn 'e Wâlden wenne in âld-feint. Dy wie arbeider by de boer. Hy wie mei de helm geboaren en moest alles sjen. De boer dêr't er by wenne, hie twa soannen. Ien dêrfan woardde great mei de faem. Dy faem moest fan him bifalle. Sy mienden 't elkoar wol, mar de boer woe syn tastimming net jaen. Doe gong de soan mei syn faem nei dy arbeider ta. Dy wenne...
nl.verhalenbank.19696
Sytse Rapkes wie mei de helm geboaren. Hy wenne achter yn 'e Smoarhoeke yn 'e Harkema. Deis siet er altyd yn 'e stoel doe't it in âld man wie, mar nachts moest hy der op út, hwant hy wie mei de helm geboaren. Dan switte hy der soms oer, sa seach hy der tsjin oan. Mar hy moest hwat sjen. Dat wienen dan altyd lykstaesjes dy't er to sjen krige.
nl.verhalenbank.20375
35