Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
6 results
Dutch Keywords: hekserij verdwijnen
Sake Hupert hie sels ek in nachtmerje by syn hynder hawn. It swit kom it dier ta de moanjes út. It hynder hie in hynstedek oer hawn foardat de nachtmerje kom. Doe't de nachtmerje fuort wie, hie 't nergens to finen west.
nl.verhalenbank.29508
De tsjoensters binne froulju mei reade egen. Ik haw ris mei ien praet, dy sei: Ik haw ris in nachtmerje fangd. Ik pakte 'm. 't Wie tsjuster. Doe kommen de lampen op. Doe hie 'k de swarte kat yn 'e hân. En dy wie samar ynienen fuort, sûnder dat se sjen koenen hoe't er fuortrekke.
nl.verhalenbank.25539
In nachtmerje is in minske. It is in minske dat in straf hat. Sa'n minske mat sawn jier lang in nachtmerje wêze. Ik ha faek lêst fan nachtmerjes hawn. Ien kear ha'k ien sjoen. Myn man wie fuort. 't Wie hiel ier yn 'e moarn. Ik wie allinnich thús mei twa berntsjes. Doe fornaem ik ien oankommen. 't Wie in manspersoan, in skipper. Hy hie in brún pakje oan,...
nl.verhalenbank.20096
Ik ha wolris in nachtmerje by my hawn. 't Wie krekt in kat. Dy sprong op myn fuotten en gong sa stadichoan nei 't boarst ta. Dan koe 'k neat mear sizze. 'k Woe wol roppe, mar 'k wie machteleas. Op in kear doe kom der wer in nachtmerje by my. Doe forsette ik my sa bot ik mar koe. Ik sei: "Silstû it winne as ik." En dêr liet ik in grou flokwurd op folgje....
nl.verhalenbank.29775
De nachtmerje, dat wie de duvel. Se seinen, as se de nachtmerje hawn hienen: "De duvel siet my op 't boarst. De duvel smoarde my hast." Se ha wol probearre de nachtmerje mei de hannen to pakken, mar sy koenen him noait krije. As se der nei taestten wied er al wer fuort. De nacht-merje kom ek wol yn 'e gedaente fan in frommes. Sy wie sacht oer de hûd en sa...
nl.verhalenbank.19974
Der wie in nachtmerje, dat wie in frommeske. Dy kom ta 't slotsgat yn 'e hûs by in man. Dat minske kom alhiel út Ingelân. De man hie moal oer de tekkens struid en doe koe hja net wer fuortkomme. Hwant in nachtmerje mei neat út 'e hûs meinimme en doe siet se ûnder 't moal. Doe hat dy man har dus fangd. Sy wie de oare deis yn 'e hûs. De man stoppe it...
nl.verhalenbank.25175
6