Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
74 datasets found
Dutch Keywords: hekserij Place of Narration: Drachten
In tsjoenster kin har yn in kat foroarje. Pake en beppe wennen op 'e Noarder Dwarsfeart. In broer fan pake, dat wie Geart Schriemer, dy wie bitsjoend. Hy wie sa siik as in houn en trille fan 'e koarts. Der wie altyd in dikke swarte kat by harren yn 'e buurt en dy hie pake yn 'e rekken. Dat wie de tsjoenster. Pake hie al in pear kear in raem op dy kat...
nl.verhalenbank.19863
Greate Jel wenne oan 'e Houtigehaechster wyk. It wie in tsjoenster. Hja hobbele yn 'e nacht mei in oanret skelkje foar op 'e planken om. Guon ha har dêr wol sjoen.
nl.verhalenbank.25619
Der wie in fanke yn Zevenhuizen, dat woarde samar ynienen slim siik. Alles roun har ôf. Hwat der út kaem, dêr sieten allegearre ielshûden tusken. Hja tochten: sy kin wol ris bitsjoend wêze. Doe toarnden se it holkessen los, en ja, dêr kaem in krâns fan fearren út. Dat wie 't biwiis, dat it fanke bitsjoend wie. Doe hellen se de duvelbanner der by. Dy...
nl.verhalenbank.31652
Us beppe wenne oan 'e Dwarsfeart to Drachten. Elke saterdei kom dêr in boerefrou lâns mei in wite mûtse op en in koer ûnder 'e earm. Der wenne ek noch in frou njonken beppe en dy har bern rekke net goed. It woe mar net wer opknappe, it bleau gammel. De man sei: "It kin wol bitsjoend wêze." Sy krigen it kessen út 'e widze, dêr't it bern yn lei en sy...
nl.verhalenbank.11555
In tsjoenster koe har yn in kat foroarje, mar ek yn in ein.
nl.verhalenbank.24868
Auke Douwes Veenstra wenne yn Earnewâld. 't Wie in boer, hy wenne flak by 't hotel Princenhof. De frou fan Auke Douwes koe tsjoene. Sy foroare har yn in ein. Forskate bern hat se bitsjoend. Dan fleach sa'n ein yn 't wetter in stikhinne oan dy minsken ta. Sa'n ein koenen se net reitsje. Dy wie kûgelfrij.
nl.verhalenbank.24869
Antsje Snipel wie de beppe fan Boardzer Bruining. Hja gong foar in tsjoenster troch. Hja kom wol us by ús by de doar mei negoasje. Dan woe se der altyd yn om 'e bern to sjen. Mar ik doarst har der net ynlitte en liet har altyd bûten stean.
nl.verhalenbank.24672
Dy't in nachtmerje keare wol, sizze se, mat moal op it boarst struije. Ik ha ien kear in nachtmerje by my hawn. 'k Wie doe sa'n achtsjin, njoggentsjin jier. Ik lei noch mar krekt op bêd, doe sûze der hwat. It wie it lûd as kom der in pypke jern by de doar del. 't Kom by my op 't fuottenein tolânne, sa hearde it. Dêr ynienen bigjint it by myn fuotten. En...
nl.verhalenbank.24666
Der wie ek ien, dy wenne yn 'e Parken (ûnder Grinzer Pein). Dat wie in âlde stroper. Alde Gjertsje wenne net sa fier fan him ôf. Gjertsje wie in tsjoenster. Flak by har yn 'e buert stie hwat moes (= boerekool). De stroper fortelde: "Dêr gong ik hinne to skilderjen by nacht. Ik lei dêr mei 't gewear to wachtsjen. Ja, dêr kom de hazze by 't moes. Rjocht by...
nl.verhalenbank.25408
Fan 'e frijmitselders mat der om de sawn jier ien dea. Fan 'e tsjoensters ek.
nl.verhalenbank.19859
Guon hienen faek de nachtmerje by har. Se koenen dan krûden foar 't bêd hingje. Nou wit ik net mear hokker. De klompen moesten omkeard foar de doar stean. Dat doch ik nòch altyd. Jy koenen èk moal struije op 'e tekkens en op 't gesicht. De nachtmerje koe oeral troch en sy gong jin op it boarst sitten.
nl.verhalenbank.24676
Dy stroper fortelde ek: "Sa'n dikke, swarte protte, sa hipte se fan 'e iene pôlle op 'e oare. Dan wie se oan 't tsjoenen. Sa seach ik har wol gauris."
nl.verhalenbank.25409
In tsjoenster foroaret in stik iten dat se in bern jowt samar yn in pod.
nl.verhalenbank.19866
Twa betsjoende kij Alde Broersma dy wenne te Kollum, mar letter yn Eastermar. Dêr te Kollum hie er in keppel beestjes, mar twa wienen betsjoend, sei er. Alle nachten gongen dy út it lân. Oan 'e printen op 'e âld reed koenen se wol sjen, dat se dêr omtrape hienen, mar de oare moarns rûnen se wer yn 't lân. Doe tocht er, dit wol ik ûndersykje, en hy bleau...
nl.verhalenbank.12462
De nachtmerjes hienen wy 't net op stean. Ien fan sawn dochters wie in nachtmerje. Sy kommen troch 't kaeisgat yn 'e hûs. Sy leinen in stik roggebrea op 'e stoel foar 't bêd, dan koe de nachtmerje net komme. Myn wiif die altyd de skuon of de klompen of de toffels achterstofoar nêst elkoar. Dan koe de nachtmerje der net yn stappe. As jy op 'e rêch leinen,...
nl.verhalenbank.22921
Mem en heit ha yn Boarnburgum wenne. Heit hie altyd fan alles to keap. Sy wennen yn in blok fan acht huzen, dat hiet 'de Moune'. Sy hienen doe noch mar ien jonkje, dat is letter weirekke. Doe kom der op in joun in âld minske fan goed njoggentich jier by har. 't Wie de widdou Minke Oosterwoud. Sy frege of it lytse koopmantsje dêr wenne. Dat wie heit. "Ja,"...
nl.verhalenbank.16845
Op in kear krige skoanheit Tseard Kuipers sin oan apels. Hy wenne op 'e skieding. Hy sei tsjin syn kammeraet: "Wy geane nei Rikele Myt om apels." Hja gongen it hiem op, elk mei in sek. De sekken rekken fol. Doe soenen se der gau wei. Mar sy koenen mei gjin mooglikheit fan 't hiem komme, hoe't se har bêst ek dienen. Op 't lêst moesten se de sekken leegje...
nl.verhalenbank.16850
Wy droegen froeger altyd duveldrek op 't boarst om net yn 'e macht fan 'e tsjoensters to kommen.
nl.verhalenbank.22920
Der roan in hazze yn Aldegea, dy wie noait to reitsjen, seinen se. Forskate lju hienen der op sketten. Men woe wol ha dat it in tsjoenster wie.
nl.verhalenbank.24941
Yn 'e Wylgen wenne in tsjoenster, dy hat dêr ris in bern bitsjoend. Dat bern raesde en earmoede altyd. Hja founen in krâns by 't bern yn 't kessen. Doe binne se nei de duvelbander ta gong en dy hat der foar soarge dat it bern wer better woarde.
nl.verhalenbank.29650
35