Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
11 results
Dutch Keywords: hekserij vangen
Nachtmerjes kin men fange mei hynstehier en mei moal. Froeger kommen se faek oer 't wetter en dan songen se.
nl.verhalenbank.25289
Fan sawn op elkoar folgjende famkes is ien in nachtmerje, wurdt der wol sein. Om gjin lêst fan nachtmerjes to hawwen, set men de klompen wol omkeard del by de doar. Men docht ek wol duveldrek ûnder 'e drompel. Ek wol om 'e hals. Sy kinne troch 't kaeisgat yn 'e hûs komme. In nachtmerje mei neat meinimme. Dêrom gong men ek wol hinne en strui hjir en dêr...
nl.verhalenbank.25468
Der wie in man dy hie faek lêst fan in nachtmerje. Doe joegen se him de rie, hy moest moal struije foar 't bêd en op 'e bêdsplanke en op 'e stoel foar 't bêd. Doe't de nachtmerje wer kaem, koe se net fuortkomme. Hwant in nachtmerje kin der net wer út komme as se hwat by har hat út it hûs. En hja hie moal oan har. Doe siet se de oare moarns op 'e stoel. Sa...
nl.verhalenbank.25291
Yn 'e Westerein wie in nachtmerje. 't Wie in frommeske. Dat woarde fangd trochdat se kaf of moal oan har krige.
nl.verhalenbank.21916
Hjir yn 'e Westerein wie in man, dy hie ek altyd lêst fan in nachtmerje. Hy wenne yn 'e Tsjerkestrjitte. Op in kear hied er moal struid foar 't bêd, en dêr hat er dy nachtmerje mei fangd. Doe koe se net wer fuortkomme. Doe wie 't de dochter fan tige wolstelde lju, dy't dêr de oare moarns by de tafel siet. Hja liet him bilove dat er [it] net tsjin oare...
nl.verhalenbank.29778
De tsjoensters binne froulju mei reade egen. Ik haw ris mei ien praet, dy sei: Ik haw ris in nachtmerje fangd. Ik pakte 'm. 't Wie tsjuster. Doe kommen de lampen op. Doe hie 'k de swarte kat yn 'e hân. En dy wie samar ynienen fuort, sûnder dat se sjen koenen hoe't er fuortrekke.
nl.verhalenbank.25539
De dochter fan Sikke Boukes yn 'e Westerein wie in nachtmerje. Hja wie troud mei in skoalmaster. Yn 'e nacht gong se altyd nei hynders en minsken ta om dy to pleagjen. Achter yn 'e Westerein hat in boer har fangd, doe't er moal op 'e rêch fan 't hynder struid hie. Doe koe se net wer fuortkomme, hwant sy krige moal oan har. De oare moarns foun de boer har....
nl.verhalenbank.20163
In nachtmerje is in man of in frou. Ien fan 7 susters of ien fan sawn bruorren is in nachtmerje. In widdoufrou njonken myn skoanâlden hat ris in nachtmerje fangd. Hja hie om 't bêd hinne kaf struid: angels fan rogge-ieren. Dat hinget oan fansels. En as in nachtmerje soks oan him krijt kin er net wer fuortkomme. Hwant in nachtmerje mei neat meinimme. It...
nl.verhalenbank.32346
De nachtmerje, dat wie de duvel. Se seinen, as se de nachtmerje hawn hienen: "De duvel siet my op 't boarst. De duvel smoarde my hast." Se ha wol probearre de nachtmerje mei de hannen to pakken, mar sy koenen him noait krije. As se der nei taestten wied er al wer fuort. De nacht-merje kom ek wol yn 'e gedaente fan in frommes. Sy wie sacht oer de hûd en sa...
nl.verhalenbank.19974
Der wie in nachtmerje, dat wie in frommeske. Dy kom ta 't slotsgat yn 'e hûs by in man. Dat minske kom alhiel út Ingelân. De man hie moal oer de tekkens struid en doe koe hja net wer fuortkomme. Hwant in nachtmerje mei neat út 'e hûs meinimme en doe siet se ûnder 't moal. Doe hat dy man har dus fangd. Sy wie de oare deis yn 'e hûs. De man stoppe it...
nl.verhalenbank.25175
Doe't ús heit in jonge wie fan in jier of sawntsjin, achttsjin, wied er by in boer yn 't wurk. Hy sliepte thús yn 't bûthús yn in bêdsté achter de kij. Moarns bitiid moest er by de boer wêze. Dan wie by 't winterdei alles noch tsjuster. Hy fortelde, dat alle moarnen, yn 'e neinacht roan der hwat oer syn boarst hinne. Dat gyng hiel fluch. 't Wie ek samar...
nl.verhalenbank.22185
11