Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
8 datasets found
Dutch Keywords: hand Place of Narration: Houtigehage
Men koe net jan en alleman by 't fé litte. Der wienen guon dy hienen de kweade hân, dy makken 't fé siik. Sokken, dêr pasten de minsken foar op.
nl.verhalenbank.37793
Wy gongen froeger nei de Grinzer klaei ta to wjudden. Dan slepten wy op in greate souder by Jan Kraak to Loppersum yn 'e skuorre. Wy gongen altyd nei dyselde boer ta. Myn suster Rinsk hat us op 'e souder lein, doe fornom se dat der har in kâld bernehantsje op 't wang lein woarde.
nl.verhalenbank.25594
Om warten kwyt to wurden mat men wachtsje oant der in bigraffenis is. As de klok bigjint to lieden, mat men de hân mei warten yn in amerfol wetter dwaen. Mei de oare hân moat men - ûnder wetter - der krekt salang oerhinne wriuwe oant de klok ophâldt fan lieden. In deimannich letter binne de warten fuort.
nl.verhalenbank.28405
Yn Houtigehage wenne in âld man, dy sei op in kear: "Noch noait haw ik sa hwat raers sjoen. Se sloegen dêr freeslik yn elkoar om. It giet dêr wol sa bot op in skoppen en traepjen en fjochtsjen, mar it wûndere is, dat de iene fijân oan 'e ein de oare de hân jowt. Ik seach it tusken dy twa huzen troch. Ja, dy huzen binne der ek al net mear." Letter kaem op...
nl.verhalenbank.11537
Hoe't Wargea oan syn namme kaem. Twa reuzen hienen de hiele dei skript. Hja hienen oan 't graven west. Doe rêstten se even út. Hja leinen de hannen boppe op 'e tsjerke en de iene sei: "O warch, o warch, o warch!" De minsken dy't dat hearden joegen doe dat doarp de namme fan Wargea.
nl.verhalenbank.37697
Froeger doarsten se hjir fremde minsken net by 't fé to litten. Guon doge net. Sy strike even mei de hân oer 't fé hinne en mis is 't. Dan biginne se to kwinen.
nl.verhalenbank.25886
Der wie us in man, dy woe nei Sterke Hearke ta. Mar hy wist net hwer't er wenne. Doe seach er in man dy wie op 't lân oan 't ploeijen. Hy frege him: "Kinne jo my ek fortelle, hwer't Sterke Hearke wennet?" "Jawol", sei dyselde, en hy krige de ploech fan 'e groun en wiisde dêrmei nei in hûs. Sjoch, dat hûs, dêr wennet Sterke Hearke," sei er, "en dit is de...
nl.verhalenbank.28044
Sibe Jager wie o sa sterk. Dy hie in famke fan tolve jier, in grou, foarlik fanke. Dy kom op in kear út skoalle. Wibe [Sibe?] komt fan achteren yn op 'e fyts, hy krijt har sa mei syn iene hân by 't skouder en tilt har sa oer 't stjûr hinne al fytsende wei en set har op 'e stange fan 'e fyts. Mei ien hân. De oare hied er oan 't stjûr. Sa fytste er fierder...
nl.verhalenbank.25417
35