Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
9 results
Dutch Keywords: haardkuil verdwijnen
Lytse Kees wenne yn Drachtster Kompenije. Guon wienen wol us by him om 'e doarren. Dan seagen se dat er samar in leger soldaten ta de hurddobbe komme liet. Even letter liet er se der wer ta'n yn gean.
nl.verhalenbank.25583
Ik ha wolris heard dat hjir tsjoensters west ha, dy't âlde roeken ta de hurddobbe útkomme lieten. Dat dienen se mei in toverboek. Dêr lêsden se yn. Lêsden se itselde tobek, dan gongen de roeken wer ta de hurddobbe yn.
nl.verhalenbank.20894
Oeds Eilander wenne hjir by de skieding. It wie in nuveren ien. Hy hie in toverboek, seinen se. Dêr koed er soldaetsjes mei ta de hurddobbe útkomme litte. As er achterút lies gongen se der wer ta'n yn. Hy koe ús ek stean litte. En sy seinen, hy koe jin de klean ek samar ôfsakje litte. Soms sei er tsjin ús: "Stek de tonge út." Mar dat doarsten wy net to...
nl.verhalenbank.19495
Hindrik burdman (= H. de Vecht) hie in boek kocht, dêr't er fan alles út learde. Sa koed er wite kninen ta de hurddobbe útkomme litte, as er dêr yn lêsde. Letter moest er alles weromlêze, dan gongen se wer ta de hurddobbe yn. Mar it gong sa fier mei him, dat hy woarde op 't lêst bang yn eigen hûs. Doe is er fan binaudens noch grifformeard woarn. 't Wie...
nl.verhalenbank.23386
Beppe hat njonken in âld-minske wenne, dat wie in tsjoenster. Op in kear kom beppe har broer by dat âld minske yn 'e hûs. Doe hie dêr in boek op 'e tafel lein. Dat wie in toverboek, mar dat wist hy net. Doe bigoun er dêr yn to lêzen. Mar doe gong it raer. Doe wienen der allegear katten ta de hurddobbe út kaem. Even letter kaem 't âld-minske der yn....
nl.verhalenbank.19637
Ik haw wol us fan ús heit heard, dat er ien yn 'e Wylp wenne hat, dy koe samar soldaetsjes ta de hurddobbe út komme litte. Dy makken in rountsje troch de keamer en gongen dan wer ta de hurddobbe yn. Dy man kommandearde fan rechtsomkeard en linksomkeard.
nl.verhalenbank.23406
Us beppe yn Twizelerheide koe soldaetsjes ta de hurddobbe út komme litte. In stik of sawn tagelyk stapten moai oer de flier hinne. Sy lêsde dêrby yn in boek. Dat wie in toverboek. As se dan even letter in pear wurden achterút lêsde, dan gongen dy soldaetsjes wer moai ta de hurddobbe yn. Ik ha 't in pear kear sjoen. Sy sei tsjin my: "As ik deagean, Marten,...
nl.verhalenbank.28064
Ik wie noch frijgesel en sahwat in twintich jier âld. Reid Keuning wenne yn Koatstertille. Dy wie wol in fyftich jier âld, tink. Mar ik wie wol gau us mei him op en út. Hy wie frijgesel en fytsmakker. Wy hienen us togearre op 'e fyts nei Hurdegaryp ta west om to skutjassen. Hy woan hwat, mar ik neat. Op 'e weromreis sei er: "Ik ha noch wol sin oan in...
nl.verhalenbank.21207
Piter Poes wie ek in krûdesiker. Minsken kamen by him om rie as hja sels of it fé mei sykte to kampen hienen. Piter joech dan rie en se namen krûden fan him mei. Op in kear kaem Klaes Heddema fan 'e Tike by him. Klaes hat it my sels forteld. Doe't Klaes dêr yn 'e hûs kaem siet Piter to lêzen yn in boek. Wylst kamen der allegear roeken om 'e doar. Se...
nl.verhalenbank.32313
9