Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
12 results
Dutch Keywords: haard toverij
Hjir wennen wol manlju yn 'e Harkema, dy koenen samar soldaetsjes ta de hurddobbe út komme litte. Dy lieten se dan marsjeare. Sokke mannen hienen konneksjes mei Satan.
nl.verhalenbank.22286
Ytsje Jelle fan 'e Westerein en Boele fan Kollumersweach hienen togearre in duvelsboek. As se dêr yn liezen, dan koenen se eksters en soldaetsjes ta de hurbe (=hurddobbe) útkomme litte. Se hienen dat boek om 'e beurt, soms wie 't yn 'e Westerein by Jelle, in oare kear wie 't by Boele op 'e Sweach. Hja hellen der fan alles mei út. Sy moesten us in kear...
nl.verhalenbank.20533
Der wienen twa man yn 'e Westerein, dy hienen togearre in duvelsboek. It wienen Ytsje Jelle en Tytsje Jelle. Sy lieten der soldaetsjes mei ta de hurddobbe út komme. Dy gongen der wer ta'n yn, as se itselde tobekliezen. De beide Jelles wennen flak byinoar. Op 't lêst krigen se sa'n lêst mei dat boek, dat sy woenen it wol graech kwyt. It wie sa dat de duvel...
nl.verhalenbank.24836
Reid Keuning hie wol faek hwat to folle op. Hy wie fytsmakker en wenne yn Koatstertille. As er tofolle buorrels op hie nom er meastal minsken mei yn 'e hûs. Faek jongfolk. Dan sei er: "Kom op, duvel." Dan kommen der soldaetsjes út 'e hurddobbe tofoarskyn. Hy liet ek samar in flesfol drank komme.
nl.verhalenbank.20055
Hindrik v.d. Molen, ek wol neamd Hindrik duvelbander fan Grinzer Pein koe soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme litte.
nl.verhalenbank.25229
Reid Keuning fan 'e Tille koe soldaetsjes ta de hurddobbe út komme litte. Dy liet er dan op 'e tafel marsjeare. Hy koe ek in flesse drank komme litte mei in kaert. 't Wie spiritisme, duvelskunsten.
nl.verhalenbank.20367
Minse Griper wie de man fan Tryn Snipel. Minse koe soldaetsjes ta de hurddobbe út komme litte. Dat die er mei in duvelboek. Dêr lêsde er yn, dan kommen de soldaetsjes deroan. As er alles tobek lies, gongen de soldaetsjes wer ta de hurddobbe yn.
nl.verhalenbank.24376
Egbert Sint fan 'e Harkema roan altyd to nijjiersroppen. Hy wie wol us smoardonken. Se seinen dat er in wikseldaelder hie. Hwant hy hie noait forlet fan jild. Hy koe ek soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme litte.
nl.verhalenbank.21856
Minse Griper wenne oan 'e Spekloane yn 'e Boelensloane. Dy koe ek soldaetsjes ta de hurddobbe út komme litte. Mar hy koe noch folle mear. Hy joech ek wol medesinen. En dat holp ek. Hy wie ek duvelbander. As der hwat bitsjoend wie, gongen se nei him ta. Syn wiif, Griet Snipel, koe kaert lizze. Hja koe sjen hwat jo wederfaren wie. Dêr roannen in protte...
nl.verhalenbank.24302
Jehannes Meerstra liet foar ús op 'e Wâl soldaetsjes ta de hurddobbe út komme. Dat hat er dien by Fije Simens, dat wie noch hwat famylje fan Jehannes. Wylst lêsde hy yn 't duvelsboek. Hy liet de tange samar út himsels om 't hurdfjûr hinne springe. Dat haw ik sels sjoen. Ik wie bang foar Jehannes en syn kunsten. De froulju liet er de klean ôfsakje en hy...
nl.verhalenbank.29668
Jehannes hat in caféke hawn to Feanwâldsterwâl op 'e Streek. Dêr liet er de soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme, en dan bigounen dy moai to marsjearen. Op in kear kaem Jehannes by in muoike fan my, dat wie Anne van der Heide syn frou, Anne Ymkje, dy wenne oan 'e Veldmansreed (Rottereed, seinen se). Jehannes kaem dêr mei in kroade mei tsiis, dy't er...
nl.verhalenbank.30450
Piter Poes wie ek in krûdesiker. Minsken kamen by him om rie as hja sels of it fé mei sykte to kampen hienen. Piter joech dan rie en se namen krûden fan him mei. Op in kear kaem Klaes Heddema fan 'e Tike by him. Klaes hat it my sels forteld. Doe't Klaes dêr yn 'e hûs kaem siet Piter to lêzen yn in boek. Wylst kamen der allegear roeken om 'e doar. Se...
nl.verhalenbank.32313
12