8 datasets found
Dutch Keywords: groot man Place of Narration: Opende
Der kommen us op in kear twa mannen by in boer. Dy hienen in greate koer by har, dêr wie in sek oerhinne. Sy fregen de boer of dy koer dêr wol in nacht by him yn 't achterhûs stean mocht. De oare moarns dan soenen se him wer helje. Dat wie de boer goed en de beide mannen setten de koer yn 't achterhûs del. Mar doe seach de boer dat der hwat yn dy koer...
nl.verhalenbank.24176
Yn Topweer ûnder Grinzer Pein gong myn skoanheit Emke Posthuma op in nacht oer de wei. Doe kom der in grouwe swarte houn oan en dy treau him trije kear oer de sleat. 't Wie in pleachbeest seinen se: in swart monster mei gleone egen.
nl.verhalenbank.23144
By âlde Sipke Albert yn 'e Grinzer Pein lei ek altyd jouns in pleachbeest foar hûs. 't Wie in great ding, dik en rûch en swart mei in pear greate gleone egen yn 'e kop. Sipke Albert wie koopman en wenne allinnich. Hy hie wol sinten.
nl.verhalenbank.25713
Der wie in jonge, dy farde altyd op sé. Hy kom hjir wei en op in kear wie er wer yn Grinzer Pein. Hy hie in nij guozzeroer kocht en doe sei er us tsjin my: "Jo binne koopman, net?" "Ja," sei 'k, "ik bin koopman." "Soenen jo dan ek witte hwer't ik myn wylde einen kwyt kin? Ik ha juster fiif en tritich sketten mei ien skot." Ik sei: "Dan kinstû dy dikke...
nl.verhalenbank.28191
Wibe van der Woude, dy wenne op Fryske Poalen. Hy hie op 'e fyts nei syn heit west; dy wenne yn Trimunt yn in olle woanwein. Doe't er oan 'e Skâns ta wie, doe gong der hwat foar him op, in great swart ding, krekt as in kachel. It botste hyltyd mar foar him op. Hy waerd deabinaud.
nl.verhalenbank.25891
Wy wienen mei ús trijen as manlju. Wy hienen ús jachtgewearen by ús. 't Wie op 'e Haule, tichte by Waskemeer. 't Wie moai ljochtmoanneskyn-waer. Wy wachten op knyntsjes om dy to snappen. Tichteby stienen in pear dikke sânbulten. Ien fan ús trijen hie gjin gewear. Dy sei: "Sjoch ris, sa'n fremd ding." Der sweefde hwat fan 'e iene bult op 'e oare. 't Wie in...
nl.verhalenbank.25968
Yn Hoarnstersweach wenne in keardel, dy wie ôfgryslike sterk. Dy die like folle as acht oaren meielkoar, dat liich ik net. Hy hie read hier, it wie in grouwe keardel en goed oan 'e lingte. As wy graefwurk dienen, dan reinde it spitten mei him.
nl.verhalenbank.24124
Hy koe ek omraek fiskje. En 't wienen kanjers dy't er fangde. Hy smiet de line oer de bealch en sa sleepte er de fisk der út.
nl.verhalenbank.23462
35