8 datasets found
Dutch Keywords: gooien man Place of Narration: Opende
Yn 'e Körnhörn woonde Jan Oldenburger. Die had doar in caféeke. Olle Douwe ruskesnider sat doar 's oavends faek te floeken en te swearen. Dan had hij 't hoogste woord. "Ik bin niet bang as komt de duvel ook by my!" riep hij. En dan sette hy 't mes in 'e tafel. Doe ging hy op in kear noar huus uut 'e kroech fandoan. Doe sag hy doar wat lign onderweg. "Wat...
nl.verhalenbank.26011
Myn man syn pake wie in hiele rûge keardel en hy wie bot oan 'e drank. Hy wenne yn Lúxwâlde. Op in joun doe kom er út 'e kroech. Doe hied er hiel bot flokt. Underweis woarde er tije kearen oer de sleat smiten: twa kearen hinne en in kear werom.
nl.verhalenbank.23143
Ek in kear doe siet de kroech fol jongfolk. Dat folkje woarde balstjûrich. De kroechbaes koe net mei har rêdde. Sy woarden sa oerhearrich dat hy helle de plysje der by. Mar dy koe ek neat mei 't folkje wurde. Doe rôp er Einte der by. Einte kom. Hy klaeide him spierneaken út en pakte de iene nei de oare en jage se der allegear út. Einte-om wenne yn de Pein.
nl.verhalenbank.27308
As se útmeitsje woenen as se mei in man of in frommes to rêdden hienen gongen se froeger hinne en smyt sa'n ien in apel ta. Sloech de heinder de fuotten útelkoar by 't opheinen, dan wie 't in frommes, sloech er de knibbels nei elkoar ta, dan wie't in mankeardel.
nl.verhalenbank.27337
Myn man syn heit en twa omkes binne ris op in joun fuort west. Ien fan 'e omkes dat wie Keimpe Hansma. Hja kamen op it Spûkeloantsje by de Boelensloane. Doe't se dêr oan ta wienen woarde Keimpe Hansma samar optild en yn 'e sleat goaid. En der wie neat to sjen.
nl.verhalenbank.38018
It is hier is gebeurd op in oavend, dat der in man over de weg liep. Die man liep gewoon midden op de weg. Toen kwam der in lykstaasje an en toen is-ie een heel eind smeten.
nl.verhalenbank.25894
Bearn van der Woude wie myn heit. Hy wie us mei mem to jounpraten nei syn swager, dy wenne sa'n trije hûndert meter fan him ôf. It gong altyd op in kaertspyljen as heit en omke by elkoar wienen. Mar doe hie heit de spylkaerten forgetten dy kear. Hy gong werom om se to heljen en omke gong mei. Sy gongen skeanoer troch 't lân, dat wie 't koartste. Doe binne...
nl.verhalenbank.26023
Yn Stiensgea stiet in kroech. Dêr siet us in ploechje jongfolk op in joun. It wie in dronkemanssoadtsje. Dy fierden dêr dy jouns op har menier it heilich avondmael. Doe't dat gebeurd wie moesten se nei hûs ta. Doe is ien fan dy mannen oer de beammen hinne slingere woarn, by de wei lâns. Letter doarst er nergens mear allinne hinne. Syn frou moest altyd...
nl.verhalenbank.25979
35