Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
21 datasets found
Dutch Keywords: goochelen toverij
Men kon speelkaarten laten dansen.
nl.verhalenbank.46383
Imke en Durk fan Imke Imke de Jong stie op Drachtster merke en hy feroare syn dochter yn in blom. Dat koe er op ferskillende manieren dwaan. De iene keur die er it hiel stadich. Dan wie it ûnder al de stâle fan in blom, mar boppe wie it noch de holle fan it fanke. De oare kear feroare er har yn ien klap. Us heit stie der by mei Sikke van Dekken. 'Oh, wat...
nl.verhalenbank.13022
Imke en Durk fan Imke Heit hat ik ek meimakke, dat Imke de Jong op Eastermarre merke stie te gûcheljen en doe kaam der in boeresoan ut Jistrum by. Dy wie mei in hynder op 'e merk. Hy lake wakker en hy hie in smoarge, fize bek tsjin Imke. Imke waard lulk. Hy sei: 'Jonge, dû meist wol sjen, datst thuskomste, want ik tink net datst jûn mear hellest'. Dat dy...
nl.verhalenbank.13020
Jehannes Meerstra wenne op Feanwâldsterwâl. Dy koe mear as in oar. Op in kear doe wied er op in freed yn Ljouwert op 'e joademerk. Dêr wie ek krekt in gûchelder. Dy smiet hiel bot mei in poppe om. De minsken dy't om him hinne stienen, mienden dat it in bern wie. It bern gûlde moard en brân. Der wienen froulju by, dy bigounen ek al to gûlen, sa'n meilijen...
nl.verhalenbank.21118
Ymke de Jong kom op 'e merken. Ek op Drachtster merke. Hy sette de minsken fêst. Dan stienen se stil. Hy wie o sa fluch. Hy koe troch in balke hinne krûpe. Hy koe himsels weimeitsje, dan koe men him net mear sjen.
nl.verhalenbank.23509
Imke en Durk fan Imke Durk fan Imke de Jong, sa'nen ha'k fan myn libben noch noait sjoen. Dan koe syn heit noch neat. Ik wie sa'n jonge, doe stie er op Feanster merke (Surhústerfean). Hy hie sân ringen, dy wienen wol sa dik as myn finger. Hiele moaie, rûne ringen en dy wienen ál sa glêd as sulver. Hy hie se allegear yninoarren en hy toande se sa. Doe sei...
nl.verhalenbank.13025
Imke en Durk fan Imke Ek op in Eastermarre merke tepte er foar Liuwe Berghús syn hûs de blêden fan 'e linebeam. Dat hat heit ek faak ferteld. Dy lineblêden smiet er yn 'e hege hoed en doe wienen it allegear gûnen. 'Oh, mei 'k ek in pear?' frege in jonge. 'Jawis wol', en Imke joech him in hânfol gûnen út 'e hege hoed. De jonge treau se yn 'e bûse, mar...
nl.verhalenbank.13019
Lantinga wie in gûchelder en wenne op 't Hearrenfean. Op in kear kaem er op Skoatster merke en kocht dêr in hynder. Hy sei tsjin 'e koopman: "Wy sille fuort mar even ôfrekkenje." Hy bitelle yn gounen en ryksdaelders, dy't er allegearre op 'e tafel lei. De koopman die se yn 'e jildponge, mar doe't hy der even letter nei seach, doe wienen dy gounen en...
nl.verhalenbank.32161
Ymke de Jong wie gûchelder. Hy koe ien stom meitsje. Se ha him ûnder tsjinst op in joun yn in kast opsluten mei de fuotten boeid. De oare moarns woarde der appèl blaesd. Ymke forskynde kreas en netsjes. Op it lêst ha se him fuortjage.
nl.verhalenbank.23669
99. Op de Diemse hei wone de gekke Prul. Den kon alles. Hij kon een vlegel rechtop laote staon.
nl.verhalenbank.22458
Imke Modder (= I. de Jong) wie in gûchelder. As hy jo frege om in ryksdaelder en hy joech jo dy wer, dan hienen jo him net. As jo him ien ryksdaelder joegen, dan hied er samar in kroadefol ryksdaelders - dan tilde 't fan 'e ryksdaelders.
nl.verhalenbank.28343
Op in kear doe krige er in swierdere straf. Doe woarde er 'krom gesloten'. Dat wie mei de fuotten krúst yn 't ket, de fuotten geboeid en de hannen geboeid op 'e rêch. Sa waerd er opsluten. Doe hie Ymke tsjin 'e bewaker sein: "Zo zit ik vast en zo ben ik los." En doe wie 't spul him samar fan 'e hannen en fuotten ôffallen. Doe ha se him mar fuortjage. Se...
nl.verhalenbank.34584
Ymke koe alle kunsten. Op in kear doe siet er yn 'e kroech. Hy hie allegear soldaten om him hinne. Hy sei: "Is der ien dy't my even in bûsdoek liene kin?" "Jawol", sei ien fan 'e soldaten en hy krige dy syn bûsdoek, in reade bûsdoek. Doe hie Ymke in lúsjefers krige en dy bûsdoek opbrând. Dêr kom hwat jiske fan. De soldaet, dy syn bûsdoek it wie, hie sneu...
nl.verhalenbank.34585
Ymke de Jong koe in minske fêstsette. Ik haw der ús heit wol oer heard. Soms wol in kertier lang. Sa'n minske koe dan net fan 't plak komme. Hy koe de froulju trippelje litte. Dan wie 't noait liker of trippelen se yn 't wetter om. Hy liet de froulju ek samar de rokken ôfsakje; dan stienen se yn 'e broek. Hy krige in pakje kaerten en dy smiet er tsjin 'e...
nl.verhalenbank.33215
Doe't Imke sa'n great-jonge wie, kom er us op 'e merk yn 'e Gordyk. Doe wie dêr in gûchelder, dy liet in slange ta de mouwe út krûpe. Mar Imke seach fuort dat it in roggeier wie, en de man koe neat mear bigjinne salang 't Imke der by wie.
nl.verhalenbank.28346
Sa fortelde heit ek dat hy hie ris mei Ymke en in stik of hwat oare soldaten yn 'e kroech sitten, doe hie Ymke frege: "Is der ek ien dy't in goune foar my to lien hat? Dy krijt him aenst wol wer." Doe wie der ien dy joech him in goune. 't Wie in soldaet. Doe hie Ymke dy goune trochslokt. De goune wie fuort, mar Ymke sei: "Dû krijst him aenst wol wer." Doe...
nl.verhalenbank.34586
Der wie in man, dat wie Tseard van Dekken. Dy koe de minsken samar stean litte. Der wie in frommes dat mocht er net lije. Hy sei: It is mei dy fan boven bont en fan ûnderen stront. En doe liet er har samar de rokken ôfglide. Doe stie hja dêr yn har sútrige ûnderguod.
nl.verhalenbank.32970
Imke de Jong koe de minsken stean litte.
nl.verhalenbank.34645
Yn Aldhoarne siet in faem ûnder in koe to melken. Doe sei dy koe ynienen tsjin har: "Jow dy man hwat molke, faem." De faem woarde sa kjel, dat sy smiet de amer mei molke om. Doe seach se Imke stean. Dy hie bûksprutsen. Hy krige molke fan har. Imke song by de harmoanika: Ik ben zo arm, dat God zich erbarmt. Sober gekleed en ik heb veel leed. Diep in mijn...
nl.verhalenbank.19516
Imke de Jong wie in gûchelder, dy kom altyd op Eastemarre merke. Hy koe de minsken stean litte. Op Hamster merke hat er de plysje alris stean litten.
nl.verhalenbank.29365
35