Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
7 results
Dutch Keywords: gezicht omgekeerd
Guon hienen faek de nachtmerje by har. Se koenen dan krûden foar 't bêd hingje. Nou wit ik net mear hokker. De klompen moesten omkeard foar de doar stean. Dat doch ik nòch altyd. Jy koenen èk moal struije op 'e tekkens en op 't gesicht. De nachtmerje koe oeral troch en sy gong jin op it boarst sitten.
nl.verhalenbank.24676
De nachtmerje komt yn 'e nacht by de minsken. Froeger setten se de klompen ûngelyk foar de doar 89 jouns. Guon âlde minsken dogge dat noch. Oars kin de nachtmerje dêr yn stappe. Hwant sy rint altyd yn 'e fuotleasten fan 'e minsken. De nachtmerje komt faek troch 't slotsgat yn 'e hûs. De minsken struiden wol us moal op 'e rânne fan 't bêd of op 't gesicht...
nl.verhalenbank.24237
Fan 'e sawn op elkoar folgjende dochters is ien in nachtmerje. Om der gjin lêst fan to krijen leinen se fleartokken foar 't bêd, of sy setten de klompen forkeard del of sy struiden moal op 't gesicht.
nl.verhalenbank.25260
Se seinen froeger: in nachtmerje, dat is in frommeske. Dy komt troch 't slotsgat yn 'e hûs en giet sa nei har slachtoffer ta. Men koe har keare troch de toffels achterstofoar foar 't bêd to setten of troch moal op it gesicht to struijen. Se komme ek by hynders. Dy dieren ha dan de oare deis de moanjes yn 'e tiis.
nl.verhalenbank.33645
As der sawn famkes yn in gesin binne, dy't elkoar opfolgje, sûnder dat der in jonge tusken is, is ien fan dy famkes in nachtmerje. In nachtmerje kin altyd yn 'e hûs komme, se kin troch alle gatsjes. Sa komt se by de minsken op bêd. Dy kinne har dan net forroere. Se wolle roppe, mar se kinne net. Dan hat de nachtmerje har yn 'e macht. Men docht de toffels...
nl.verhalenbank.37881
Nachtmerjes, dêr dienen se fan alles tsjin yn 'e Harkema. Se dienen duveldrek ûnder 'e drompel. Foar de stoel dy't foar 't bêd stie, struiden se moal oer de flier. (nachtmerjes meije neat meinimme). Sy struiden ek moal op it gesicht en op 'e tekkens. Sy leinen in wiete dweil foar 't bêd. Sy leinen in krús ûnder in dweil. De toffels of de klompen setten...
nl.verhalenbank.19467
Ien fan sawn dochters, sizze se, is in nachtmerje. Sy komt troch it slotsgat yn 'e hûs. Men mat moal op 't gesicht struije of de toffels achterstofoar foar 't bêd sette, dan komme se net by jo. Dan kin se net samar yn 'e toffels stappe. Der wie alris in man dy fangde sa'n nachtmerje. Dy man wie in widner mei bern. De oare moarns siet de nachtmerje by de...
nl.verhalenbank.28282
7